Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

07 05 13

 

Wat is der sa oantreklik oan om yn de Ljouwerter gemeenteried te sitten. Ik moat earlik sizze dat doe’t ik de fraach stelde immen sei, hoe kin je sowieso sa idioat wêze om yn in gemeenteried sitten te gean, en dan hielendal yn de Ljouwerter, dan dooch je alhiel net. Likegoed wurdt dy man troch de feiten ynhelle. En dy feiten binne dat guon lju har hiele libben yn dy ried sitte. Nim no Piet van der Wal. Dy sit al sûnt 1972 yn de ried. Doe mei lang hier en in grutte bek, no mei wat oanpast kapsel, in ûnderskieding en mei hieltyd mear konsesjes, omt sels it geargean fan syn PAL mei Grien Links op him sels noch net genôch wie om meidwaan te bliuwen. Ja hy siet tusken 1988 en 2002 net yn de ried, mar doe bepaalde hy noch hieltyd it belied, ik sjoch him noch fan de publyks bankjes kommen en de riedsleden wat yn te flústerjen at se stimme moasten. As je no sizze dat Piet mei bepaalt hat hoe’t de binnenstêd fan Ljouwert der sa linkendewei útsjocht dan glimt Piet, ek al wit hy wol dat hy allinnich mar wat meiswetst hat. Mar dat is de taak fan in libbenslang riedslid. Nim no Wyb Feddema. Sûnt 1993 riedslid foar de VVD. Foar myn gefoel siet er al folle langer yn de gemeentepolitiek, mar dat sil wol komme omt hy kapper is, en wer moat kappers it oer ha nei it waar en Cambuur, presies, oer de ljouwerter polityk. It aardige oan Wyb wie dat hy syn eigen paad wat gie, en dat de VVD in soarte wjirmfoarmich oanhingsel wie wat lykwols wol aardich gedijde efter de brede rêch fan Wyb. Sa goed dat Tom van Mourik sels wethâlder waard. Mar doe waard it eigen paad fan Wyb fansels in beheind dykje en Wyb wâlde hieltyd oer de rânnen, yn de miening dat it byld fan Ljouwert net fan Piet is mar fan him. Benammen syn searje Wyb weet van geen wijken foar Mercurius die hjir en dêr sear en hoewol de VVD yntusken wer út it kolleezje smiten is, wie’t net helendal de lijn fan Wyb, en dy waard út de partij kwakt. Mar ja hy siet noch yn de ried, en waard dus lid fan him sels, Fier op Leeuwarden. Mar no komme der aanst wer ferkiezings mar dan moat wat Boarnsterhimsters op him stimme en dêr is hy sa skitende benaud foar dat hy him lêsten wer by in oare partij oansletten hat, de Nieuwe Leeuwarder Partij fan Gijs Jacobse. Dus in nieuwe partij mei in âld riedslid, dat wurdt oarloch. Nim no Jan van Olffen. PvdA, ja eins SDAP-er yn ieren en sinen. Siet yn in soad frijwilligerswurk mar sei yn 1986 adfiseare is aardich mar meibeslisse is better en sa kaam hy yn de ried. Hat al dy him- en harsels profilearende PvdA kollega’s dy’t allegear heger op woene fia dy ried, allegear oerlibbe. Jan wie Jan, want it is in Amsterdammer. It âlde lûd, hy kin as ienige fan de riedsfrakjse de ynternasjonale. Jan van Olffen hat it net oer dat de binnenstêd fan him is, Jan hat soarch foar de ferhûdûke minsk en hat al dy jierren fûl striden tsjin allerhande ûngerjochtigheden, ek binnen syn eigen partij. Giet nei de minsken ta, elke kear at ik him wer foarbygean sjoch mei syn aktetaske, dan tink ik wa kin dit noch opbringe. Jan van Olffen dus. Waard de lêste kear op foarkarstimmen beneamd. Dochs smyt de PvdA him der no mar út, yn it tsjintwurdich sa populêre stânpunt dat je amper mar in pear jier je mei itselde dwaande hâlde meie. Se wolle him net iens op de list ha. Dus je meie as sitten bliuwend riedslid dy’t hieltyd mei foarkarstimmen wer beneamd wurd, lykas as Pyt en Wyb trouwens, je meie yn de PvdA net bewize dat minsken, PvdA-leden, wól graach wolle dat jo dy’t dy saakjes altyd goed foar elkoar ha en belangstelling en soarch ha foar de meimins dat dy it wol winne kinne fan dy foarbyfleaners mei it flokwurd fleksibilisearing foaroan yn de mûle.  

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s