Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

08 05 13

 

It kin hjoed noch krekt, efkes wat earnstige, formele, serieuze saken. Want dêrnei giet it los hear, Fryslân is net mear te hâlden, de simmer begjint, ek al reint it moarn dat it miegt. De keatsers dûnsje yn Tsjommearum, de skûtsjes sile op de Lemmer, de old timers blokkeare it ferkear yn de hiele provinsje, de alvestêde kuierders bin al begûn, oars helje se de ein net, sloeperoeiers krije de hannen stikken op it Waad, de sjongers en spilers daverje yn Heechspanning, te lûde musyk yn Oertrep en Burgum, tûzenden Ljouwerters wurde deadrukt op de blomkemerk, lytse boatsjes slagge om op de Kleine Sneekweek, der is circus teater op Skier, hynders huppelje yn Frenstjer, alvestêde roeiers helje de kuierders yn, de mûnen draaie alfêst om sneon giselje te kinnen, we trene allegear foar de Lieuwe Westra Trynwalden Classic, der bin reuzen yn Akkrum en wit ik net wat der allegear oeral is, yn de hjerstfakânsje hâldt it allegear pas wer op. Mar hjoed dus noch in earnstige dei. No ja sa’n presintaasje fan in mienskplike webside foar de 653 fryske iepenloftspullen, dat heart eins by it foargeande, je kin net mear sizze o dat bin’k fergetten. Tumba en Grien Links ha in jûn oer diskriminaasje op de arbeitsmerk, in ûnderwerp wat ynienen wer populêr wurdt omt de fleksibilisering ôfskaft wurdt, en dat net mear oplosse kin. Dan is der jûn ek noch in stiekeme byienkomst fan de Smellingerlânske ried mei it buro wat it ûndersyk nei angstkultuur dwaan sil, mar it is gjin echte riedsgearkomste, nee se bin no ynienen in klankbordgroep. Sju dan is elkenien tefreden, de boargemaster wol de ferantwurdlikens by himsels hâlde, de ried wol meiprate, dus dan bin se klankbordgroep. Noch frjemder is de in aksje yn Damwâld, Broeksterwâld, Rinsemageast en Feanwâlden, dêr gean allerhande lju, sels plysjes by jo doarren lâns, fan it hûs, mar ek fan skuorkes, auto’s, pikehokjes en túnhúskes sûnder doarren en o wee at der ien doarke net op slot sit, boem in fuotsje. Yn it hollânsk een voetje. It is net mear as in sticker wer’t in foet op tekene stiet en de tekst, dit had een inbreker kunnen zijn. Foar de safolste kear de omkearde wrâld, de

ynbrekker doogt, en jo bin ferantwurdlik as der immen by jo ynbrekt at je de boel net foar in pear tûzend euro op slot smiten ha. No aanst dan krûpe Ed Nijpels en Anne Hettinga yn in brainstoarmbubbel, whatever it may be, mei noch wat oare duorseme lju. Dy wolle nammentlik besykje fan Anne syn Arriva in grien bedriuw te meitsjen, no ja hoe kin we de busfestiging Ljouwert enerzjy- en wetterneutraal meitsje. Wat moat ik my foarstelle by in wetterneutrale bus, in heule smoargen of sa. No se brainstoarmje mar efkes. Wichtigste byienkomst is daliks om njoggen oere op it Poptaslot yn Marssum. Sa betiid mar efkes, dan kin de lju gau nei hûs en de simmerfeastklean mar oandwaan. Mar earst krijt deputeare Sietske Poepjes dêr in kaai. Sleutel foar de gewoane Friezen. Dan wurdt der luld, en dan set elk in hântekening. Under de gearwurkingsoerienkomst foar de gebietsûntwikkelling de Heak om Ljouwert Noard. Oerienkomst tusken Menameradiel en de provinsje. Deputearre Kramer sit der ek noch by oars koe hy dit net as wurkdei opskriuwe tink.

Dus jo lizze in nije dyk oan. Troch in machtich moai fûgelryk gebiet. En at dan dy beslissing naam is, dêr kin je ferskillend oer tinke mar alla, it wurk set útein en it sân waait de fûgels fuort dan kom je dus by elkoar en sizze we moat eins al wat oan de ûntwikkeling fan dat gebiet dwaan, want dat wurdt ferinneweard, En dan ha je it oer in sloepenrûtsje en wat beamkes by 4 wenskipkes by Ritsemasyl. En dêr krij je dan yn in earnstige formele, serieuze, sjerpslikjende, folslein oerstallige byienkomst op it âlde Poptaslot in kaai foar, om dy nije wol heel minieme ûntwikkeling oan te setten. It wurdt heech tiid dat de old timers begjinne te riden. 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s