Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

10 05 13

 

Snein is it 12 maaie. Alde maaie. De jierwiksel fan it boereskaai, al troue se no ek wol yn septimber of jannewaris. Yndertiid net, doe diene se dat hjoed, moarn of snein. En ferhûzen se ek dan faak fan de iene nei de oare boer, want fleksibilsearing hienen we doe ek al, al wie’t doe mear dat dy boer en dy feint nei in jier moarns tsjin elkoar grommeljen better út elkoar koenen, oars waard ien fan de beide wol dea dien. We fiere 12 maaie de lêste jierren hieltyd folle mear. Snein is der bygelyks ek in moaie buorkerijefytsrûte fan Wurdum nei Reduzum of wer werom. Eins ek net in buorkerijefytsrûte mar in buorkerijeferhalefytsrûte. Dat docht de buorkerijstifting Fryslân yn’e mande mei de Ljouwerter Krante, se ha tegeare frege om ferhalen, se ha in soad yn krigen, derfan ferskine de lêste wiken in pear yn’e krante en moarnier komme de trije winners der yn. De prizen oan har wurde dan snein om twa oere útrikt op de buorkerij fan de famylje Jongbloed yn Wurdum, op Ald Barrahûs. De minsken kin ek noch by de famyljes Reitsma yn Wytgaard en Hofstra yn Redzum op de pleats sjen en harkje nei de lju dy’t de 150 ferhalen skreaun ha, se bin fansels lang net allegear yn de Ljouwerter Krante kaam mar wol hiel moai. No en je kin dy rûte op’e fyts of yn de auto dwaan, der stiet net by dat in Solex of elektryske fyts ek mei, mar ik tink fan wol. Je fytse of ride lâns de Swette op de grins fan Oostergo en Westergo. Kin je histoarysk better plak fine. Leaflik. Ik doch ek mei mei in ferhaal, mar it is snein ek rotwaar, dus no mar efkes. It wie ris op 12 maaie dat der in paad iepene waard. Om oan te jaan dat je alle dingen feroarje krekt op 12 maaie. In moai paad, in kuierpaad. Oeral yn it hiele grutte Nederlân wiene al fan soksoartige kuierpaden iepene, der kaam no ien yn Fryslân by. In hiel spesiaal paad. It waard iepene mei in snelwandelrun. Ja dat moat ik efkes fertale, it is ek al in âld ferhaal, doe koenen se noch gjin modern Frysk, it is in wedstriid foar hurdkuierders. It wie wol in bytsje frjemd dat dy kuierders dat sa hurd dwaan moasten, want eins wie it paad bedoeld foar lju dy’t wat rêstiger yn de kuierskuon stiene. Mar ik ha’t no oer lju, mar dy lju bin dus frou-lju. Want it is in damespad. In damespad. In frouljuspaad. Meastal rint in frouljuspaad fan de tafel nei de keuken, dit paad rint fan de Walrus, da’s in kafee yn Snits nei tweintig kilometer earne om Snits hinne. Earne. De ûndersikingen wer’t dat paad dan presies lâns rint binne noch folop dwaande, want at de geskriften fan eartiids klopje, dan mei der eins gjin oare minsken rinne. Sterker, de frou-lju dy’t oer dat paad hobbelje ha in spjeldsje op. Krekt as yndertiid sa’n joadestjêr. Dat de fijân je werkinne kin. Mar dit is benammen bedoeld dat je elkoar werkinne kinne. Want dit walrusdamespad is bedoeld foar lesbyske frou-lju. Nee, nee, mannelikke lesbiennes meie net sa’n spjeldsje op dwaan, meie der ek net kuierje, it is inkel foar frou-like lesbiennes. De musyk yn de Walrus wie by dy iepening moarns om healwe alven dan ek fan op de saksofoan blazende frou-lju, de Saxy Ladies. De minsken fan de buorkerijferhalerûte skoue hin en wer, werom moat dit in moai ferhaal wêze. Hiel ienfâldich, it barde nammentlik eartiids net, it bart kommende snein. Realisear jesels dan ris dat Fryske lesbiennes it dus yn dizze tiid noch nedich fine om harsels apart op te stellen, apart te kuierjen op in paad wêrop at it de bedoeling is net oaren mar elkoar te moetsjen. Der is ien hichtepunt. It spjeldsje dat de froulju hjir yn Snits betocht ha is in spesiaal Frysk spjeldsje, dat is, njonken dat je sizze dat Fryske lesbiennes dus net fan dizze tiid binne, dochs wol wer hiel leaf.   

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s