Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

13 05 13

 

Ljouwert en Hearrenfean sille de kommende jierren ûnderling útfechte wa at de suvelstêd fan Fryslân wurdt. Dat wint Ljouwert as ik it sa sis, want Hearrenfean is gjin stêd. Mar ik tink dat Hearrenfean aanst mear suvelarbeiders hat. Moai dat dy beide plakken dy striid fiere kinne, dat de suvel in fêst plak yn Fryslân hâldt. En wat sa’n suvelwurknimmer lêste tsjin my sei, sju salang at der kij binne, sil de molke ferwurke wurde moatte dus wy bliuwe altyd wol oan it wurk. En ik stie mei de bek fol tosken. Ljouwert en Hearrenfean dus no, miskien wol Hearrenfean en Ljouwert, mar it wie fansels net ferwûnderlik dat earste suvelfabryken yn Fryslân op it plattelân stiene.

De earste hjirre , nei wat tsiisfabrykjes yn Noardhollân wie de Freia fan Feanwâlden, fan Bokma de Boer, 1879, mar dat wie in eigen bedriuw, en de oare boeren fertrouden dat net. Dus neame we eins altyd Wergea as earste fabryk, 1886, yn elk gefal wie’t de earste koöperaasje. Sju de boeren makken it spul, de sûpe, de bûter, de tsiis oars altyd sels op’e buorkerii, of meastal lieten se dat harren froulju dwaan, mar se krigen wol troch dat in fabrykje handiger wier, mar se woene de hannen en de sinten der wol ûnder hâlde fansels. Dus folk wat eins net sa sosiaal wie, foarme wol in koöperaasje, se waarden sosiaal ten opsichte fan elkoar, mar yn de rykdom dy’ t it opsmiet hienen se dat fansels net yn’e gaten. Dy rykdom kaam omt se de wurknimmers fan dy suvelkoöperaasje oannamen en brûkten op deselde wize as harren feinten, krekt genôch sinten om se net ferhongerje te litten, te min dat se har ûntplooie koenen. Dus waard de Bond van Zuivelfabrieksarbeiders al yn 1900 oprjochte yn Wergea. Marten Kalsbeek en Cornelis Kasje wiene de oprjochters. De arbeitsomstandigheden wiene foar harren ûnfertearber. In wurknimmer fan it fabryk wurke tusken de tachtig en hûndert oeren, smoarge lucht, der wie gjin fentilaasje en der wie ek gjin fakânsje. It gie âlde Marten oer de goarre, hy rôp ”zuivelarbeiders verenigt u, uw noden zijn vele”, en doe wie it fakbûn der al. Syn maat Knilles Kasje kaam letter sels noch yn it haadbestjoer fan de Voedingsbond, doe noch fan de NVV, it waard letter dus allegear it FNV. Mar de Bond van Zuivelfabrieksarbeiders wie dus ien fan de alderearste bûnen fan it FNV. Dus wie it logysk dat de Voedingsbond NVV yn 1975 blommen del lei op de grêven fan de beide mannen yn Wergea, omt it doe 75 jier lyn wie dat de Bond van Zuivelfabrieksarbeiders oprjochte waard. Fannemiddei om healwe fiven wurde der wer blommen op dy selde grêven lein. Dat is wat frjemd 113 jier nei it oprjochtsjen fan it fakbûn wat doe noch gjin fakbûn hiete, mar de ôfdieling Boarnsterhim fan it FNV ferdwynt omt Boarnsterhim ferdwynt. No tocht ik efkes heul idioat wer werom, foar 1984, want doe bestie Boarnsterhim ek noch net en tocht ik rjochtsje dan mar wer de ôfdieling Idaarderadiel op, want dat komt yn syn gehiel dochs hast by Ljouwert, mar dat is yn dizze tiid in ferkearde gedachte, alles wurdt dus optheden inkel grutter. Dus FNV Boarnsterhim ferdwynt. Mar it wie salich om te lêzen dat dy mannen yn Boarnsterhim noch altyd in grutte wurdearring ha foar it ynisjatyf fan 1900, foar it wurk fan Marten en Knilles, want de arbeiders fan doe hiene echt net massaal yn de rekken dat se maklik it selde dwaan koenen as de boeren, dat je troch saken mei elkoar te dwaan it klear krije koenen dat it allegear jusjes wat better waard. De lettere direkteur fan Wergea Sipke Wielinga kaam út it fakbûn wei, sa wurdt no noch grutsk sei. It kaam allegear tichter by elkoar. Tanksij it fûnemint fan Marten Kalsbeek en Cornelis Kasje. Yn de Bidler prate de mannen en froulju fan it fakbûn der jûn noch efkes oer, huldigje foar de lêste kear de jubilarissen fan it bûn, fan de lju dy’t noch hieltyd lid binne. En dan nimme se in borreltsje. Proost Marten. Proost Knilles. Tankewol.

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s