Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

 

14 05 13

Jûn is der op’e nij in hastige gearkomste fan de gemeenteried fan Smellingerlân. Benammen de SP brûkt dêr hieltyd faker dat legale middel om tochris hjir en dêr oer prate te kinnen. Hjir wie de lêste kear de angstkultuur, dêrre is hjoed Caparis. Caparis is in sosiale wurkfoarsjenningsskip, werfan de oandielen yn hannen binne fan de gemeenten oan de eastkant fan Fryslân, Ljouwert, Hearrenfean, Smellingerlân, Achtkarspelen, Tytjerksteradiel, Opsterlân en de beide Stellingwerven. Caparis fiert ek de wet sosiale wurkfoarsjenning út foar dizze gemeenten. It is in kostbere ynstelling, oan twa kanten, der giet noch al wat jild yn sitten, mar it bringt wol in soad minsken mei in beheining oan de slach, en dan giet it om lju mei of in  ferstannelike beheining, of in lichamelike. Oant safier noch neat ferkeards, dêrom is der ek gjin hastige gearkomste yn Smelligerlân nedich. Yn 2006 wie´t noch in saakje fan 7 gemeenten, doe kaam de DSW fan Ljouwert derby. Dy stie al op in ferlies fan 3 miljoen. Mar dan hast dat mjuks net foldocht, boppedat begûn de ryksoerheid ek it jild wat oars te ferdielen, gie it jild earst nei de sosiale wurkfoarsjenningsynstânsjes lykas Caparis, doe gie it ynienen nei de gemeenten, dy´t it dan wer trochslûzje moasten. Tagelyk waard Caparis in NV, mei de acht gemeenten as oandielhâlder, mar dan wol neffens de grutte fan gemeenten, bygelyks Ljouwert hie ynienen 20 persint en Eaststellingwerf 7 . Betizing. Boppedat waarden de riedsleden útsletten, acht wethâlders wiene de baas, mar sjoen dy persinten dus eins inkel Ljouwert, Drachten en Hearrenfean. Dus soe´k hast sizze, fanwege sa´n betizing gie it finansieel mis. Elk jier ferlear Caparis mear, de acht gemeenten ha alris mei syn allen 5 miljoen derby lein sadat it saakje wer op 0 begjinne koe, mar de ryksbydrage en it jild dat je mei it wurk fertsjinje, it bleau te min, Caparis kaam wer op miljoenen ferlies. Doe hat Jos van der Horst SP-er, de ried fan Smellingerlân al jitris hurd by elkoar roppen, om wat mear sizzenskip fan de rieden te krijen, dus noch mear betizing fanwege it sleauwe proses. Mar dêrom kin hy no jûn wol freegje om it praten net allegear oer te litten oan de acht wethâlders, want hy begrypt wol dat Andries Ekhart de wethâlder fan Ljouwert de beide oare jongens Ties Zweers fan Smellingerlân en Lykele Buwalda fan Hearrenfean  dy’t fierstente aardich foar de polityk binne en dus oerrûled wurde troch Andries. Boppedat giet it jûn oer noch wat yngewikkelders. Wilko de Vreeze de direkteur fan Caparis is fuortgien. Spul. It skynt dat in buro belangeferstrengeling ûntdutsen hat. Oeeeh.  De Vreeze skynt in detasjearingsburo te brûken by Caparis dat troch De Vreeze syn frou bestjoerd wurdt mar eins ek fan him is. Miskien docht de Vreeze it ynhieren wol foar in folle leger bedrach as alle oare detasjearingsburo´s, dus soe it dan better foar Caparis wêze, dat kin my allegear neat skele, mar immen dy´t ek noch in detasjearingsburo hat beneam je toch net yn sa´n funksje. Want altyd at der dan jildsoargen binne, kom je yn ditsoarte spul. Hoe ist mooglik dat de wrâld sa yn elkoar sit. Der bin in hiel soad minsken dy ha neat en dy mei ek neat mear dwaan en dy krije in útkearinkje fan dy pear jongens dy´t allegear bedriuwen, bedriuwkes, nvtsjes, bv tsjes en wat al net ha  en harsels en elkoar de grutte útkearings taspylje kinne. Ferdiel dat ris earlik.  No ja derfoar bin der net inkel dy wethâlders, want der is ek noch in Ried fan Kommissarissen en dan is sels Andries te aardich, mei al dy oare wethâlders te fier op ôfstân, dus dy Ried hat it belied yn hannen. De foarsitter fan dy Ried fan Kommissarissen is Robert Veenstra. Ja presies, oerdei de direkteur  fan SC Hearrenfean. En at je dan witte dat it skjinmeitsjen en sopjen fan it Abe Lenstra stadion fan SC Hearrenfean no dien wurdt troch Caparis, at kommissaris Ruud Glas mei syn abbekatekantoar saken dochtmei Caparis dan krijt it wurd belangeferstrengeling miskien noch wol mear ynhâld. En wurdt miskien dúdlik werom at Jos van der Horst graach mei gauens om´e tafel wol mei de lju wermei er it der wol oer ha mei en dan jûn einliks freegje kin wat it wurd belangeferstrengeling ynhâldt.  

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s