Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

22 05 13

 

It is hjoed presies in jier lyn dat doe noch keninginne Beatrix it provinsjehûs fan Fryslân iepene. Se lieten doe dy Coen Teulings fan it Sintraal Planbureau in rede útsprekke en doe betochten se dat je dan moai elk jier op 22 maaie de Rede (mei in haadletter R) de Rede fan Fryslân útsprekke litte kinne troch in ferneamd persoan, dus in net-Fries. Want o wat wiene we yn it skik mei wat dy Teulings sei ferline jier. Hy sei, en dat wisten we echt noch net, dat Fryslân mar ynsette moast op toerisme en rekreaasje. No dat rûn ús as lij wetter yn’e earen. Dat sa’n man dat útfûn hie. Hy sei ek noch dat de Friezen better net ynsette moasten op de kennisekonomy. Soks dat koenen se om Amsterdam hinne folle better, dêr leit it IQ ek wat heger no. Dus doe sieten we al wat mei Wetsus en sa yn’e mage, mar dêr ha we ús mar stil oer hâlden, doe dienen we krekt of seagen we efkes nei de Keninginne en harken net goed. Want Teulings sei der efter oan dat it lânskip hjir sa moai is, at minsken dêr jild foar oer ha, moasten we it dermei mar fertsjinje. In daverjend applaus. En finansiëel deputearre Jannewietske de Vries skode natoerman Jehannes Kramer sa in pear miljoen ta en flustere hâldt it yn stân Jehannes, toe mar jonge. No is Teulings yntusken al wer fuort as foarsitter fan de CPB. Ja, hy tocht nei de Rede fan Fryslân dat hy him hieltiid mear ynhâldlik delsette moast, bemoeide him mei Rutte en Samsom wylst er inkel mar hieltiid sifers trochrekkenje moat. Hy is no op in sydspoar setten, hy is noch net wer signaleard, miskien dat se him hjir hjoed útnoege ha. Mar Fryslân moast op syk nei in noch nei in noch imposantere figuur, immen dy’t net binnen in jier al ûntslein is. En se fûnen de baas fan Nederlân. Nee, nee, dat is net Willem IV, ek net dy syn Maxima. Nee, ek gjin Rutte, gjin Samsom, net datsoarte lju. Sju it is hiel simpel, jild is baas. En jild sit by de ûndernimmers, En de baas fan de ûndernimmers is Bernard Wientjes. In gyjmasium jonkje, studearde rjocht mar gie oan it wurk op’e bank, mar moast doe it bedriuw Ucosan fan syn heit oernimme, hy makke keunststof skyttontsjes. Machtich man. Dy moat dus fannemiddei fertelle hoe’t Fryslân der sis mar yn 2041 útsjocht, Teulings mocht oer 2040 prate. Nei syn praatsje spilet in celliste en dernei is it sûpen, en dan rint it tsjin seizen, dus ik kin my foarstelle dat jim leaver tús sitte by frou en bern oan de ierpeltsjes, dus fertel ik wol efkes wat Wientjes aanst sizze sil. Sju, hy sil fertelle dat er syn bedriuw opwurdeare hat mei in festiging yn Roden en dat hy dêrom fan it plattelân hâldt en yn 2041 noch hâlde sil, mocht hy der dan noch wêze. De provinsje is der dan yn elk gefal net mear. Teminsten, neffens Wientjes, want hy hat de skurft oan oerstallige regelingen en administratief gedoch. No en wêr is in provinsje sterk yn: presies oerstallig papier. Fuort dermei. Seit Wientjes. We ha yn Fryslân dan ek inkel noch mar wurkfolk wat kontslikjend de bazen efternei rint, want hy wol ûntslachrjocht en al hat er dat dan noch efkes ferlen fan Heerts , dêr komt er wol wer mei. No ja en fierder is it ferhaal wol dudlik: je moatte de grûn fergees klear lizzen ha, je moatte de wegen allegear twa kear sa breed klear lizzen ha, je moatte de ynternetglêsfezelkabeltsjes rûnom lizzen ha, je moatte provinsjerûn de Wifi klear lizzen ha, je moatte de 4G klear stean ha, je moatte alle arbeiders yn de grutte plakken kwakke wer’t rûnom bedriuwegrûn klearleit. Op foarhân. Dan ha je kâns, hy bliuwt lyts, mar je ha de kâns dat in ûndernimmer dêrfan gebrûk makket. Kâns, want je witte it net, at Enskedé, of noch better at Almere der noch in miljoen per ûndernimmer by leit gean se dêr hinne. Dus alles klear lizze en dan is der in kâns foar Fryslân. Inkel, dan is dat moaie lânskip fan Teulings wol fuort. Mar dat kin Wientjes neat skele. 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s