Eelkesweblok

it each fn eelke

Een reactie plaatsen

23 05 13

 

Twa deputearren komme daliks foar it fuotljocht om nije wegen yn de Fryske rekreaasje te iepenjen. We ha dochs wol in aldergeweldigst provinsiaal bestjoer, wat ree is om dy wegen oan te jaan en om te fertellen dat de provinsje der jild by lein hat om dy wegen sadanich fan kwaliteit wêze te litten dat se in grute betsjutting ha. Wat in ûnsinsin. It betsjut gewoan dat we ússels en ús gasten sa bot mooglik yn de watten kwakke, dan komme wysels en ús gasten hjir miskien ris wer. Jehannes Kramer, FNP deputearre begjint aanst om healwe tsienen. It is sels foar rekreaasje wat in betiid tiidstip, en it giet ek net om in fûgelsjochhutte mar alla, we moat dêr dochs mar efkes sjen. Dêr dat is Stania State. Mar it hie likegoed op tsien oare plakken wêze kinnen, mar by Stania krij je kofje. Jehannes Kramer iepent dêr in picnicksetsje. In tafel mei bankjes deromhinne. Dy tafel is bysûnder, unyk wurdt sels sein. In ynteraktief kleurryk tafelblêd mei in Falkplankaart mei ynformaasje oer de omjouwing foar toeristen en ynwenners. Ik wit net wat in Falkplankaart is, ik wit hielendal net wat ik my foarstelle moat by in ynteraktief tafelblêd. Yt dat mei of sa? Nee, de besikers moatte fia dat tafelblêd en QR codes, wat dat binne wit ik ek net, der fan op hichte brocht wurde dat de noardelike wâlden in bysûnder stikje Fryslân is. Dêrom ha se Nasjonaal Lânskip Noardelik Fryske Wâlden oprjochte en dat betellet de ynteraktieve picknicksetsjes tegearre mei de gemeenten en Steatsbosbehear. Sûnder mis betellet de provinsje ek mei, want oars hoegde Jehannes der net hinne om te sizzen dat it dêr o sa moai is, al komt dat in Balkster wat bryk de bek út, omt hy wol wit dat je dêr net sile kinne en dat skilt in soad. Jannewietske de Vries is aanst om alve oere yn in sylgebied. Sju op 15 april, it frear noch, is de provinsjeboat P304 nei de Snitsermar fearn en doe hat Lourens Touwen, de direkteur fan de Marrekrite dêr in boei útsmiten. Wat blykte, want it wie in test, de boei bleau driuwen. In godswonder. No ja, net hielendal, want de provinsje smyt al sa’n 100 jier boeien yn it wetter, mar goed, dizze bleau ek driuwen. Deputearre Jannewietske sil aanst earne by Earnewâld, sil wol op de Sânnemar wêze, dy tonne der wer ynsmite. Dy tonne is al wat feroare. Want hy wie fel blau fan ûnderen, derop in stik stiel en dan in wyt boltsje werop stie MB01, MarBoei no 1. Dat wite partsje is yntusken giel skildere, Blau giel is hy dus en da’s logysk want de Marrekrite sit tsjintwurdich yn Ljouwert. MB01, dat jout oan dat it wat nijs is. No, net inkel nijs, it is bysûnder, watte, like unyk as in picnicksetsje. Der wurde noch 24 fan dy dingen rûnom yn it Fryske wetter kwakt. Dêr kin je je boat nammentlik oan fêstlizze. Dat is foar sa’ n hege krúser wol ferrekte muoilik en ik wit ek net at sa’n kloatetontsje dy krúser wol hâldt, mar as sylboatsje kin je dêr moai oanlizze. Sa’n soarte boeike, want se bin der al lang, soarget derfoar dat je moai yn de wyn je sylboat optuge kinne. Mar dizze MB’s bin net foar optúgen, nee. Meren aan de MarBoei is alles waar de Marrekrite voor staat, rust ruimte, vrijheid op het Friese water. Dêr gean je oan lizzen middeis en je nimme dêr in soad neuten, mocht it yn Fryslân ea moai waar wurde, en dan mei je net mear farre en bliuw je der dus ’s nachts ek lizzen. It bin dus gewoan 25 ekstra lizplakken. Dan ha’k noch wol wat fragen. Hoe lang mei je oan sa’n boei lizze. Komt der ek in boatsje lâns foar it lizjild. Wêr komme se te lizzen. 25 ekstra dingen wer’t je ’s nacht omtinke moate. Hokfer ljochten moat je op ha at je der yn it tsjuster lizze. Stiet op de ynteraktieve picnicktaffeltsjes ek wer’t je dy MarBoeien fine kinne. Fine Jehannes en Jannewietske dit soart saken no echt sa wichtich. En hoe soe Fryslân him rekreatief ûntwikkelje at we soksoarte dingen net dienen. 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s