Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

 

24 05 13

 

Je ha dan wol oan it ein fan it jier dat se dan de nije wurden dy’t yn sa’n jier opkaam binne efkes op in rychje sette. En omt wy minsken en konsuminten it no ienris nea iens binne, moat we dan ek wer stimme oer wat it moaiste. it raarste, it frjemdste of it meast logyske wurd is. Ien fan de wurden dy’t yn de rin fan de jierren der stadich oan ynroljen kaam is, en dus nea op sa’n listje stien hat, is it wurd campus. Mei in c. Dat wurd teistert optheden it Fryske praat, want wy wolle o sa inventief innovatief meidwaan yn de wrâld, dus we meitsje oerál in campus fan. Campus is in Latynsk wurd. It betsjut letterlik iepen romte, fjild. No ja sis, dan is it dus in Frysk wurd. Wy ha hjir allegear iepen romte. En we ha ek allegear fjilden, sa flak as in nút mar it bin fjilden folboud mei gêrs, kij en wetter. Hiel Fryslân is koartsein in campus. Fryscampus. No is it ferfelende mei sa’n wurd dat it omt it latyn is, ûntdutsen is troch de studinten, de wittenskip. En wat ha dy dien: dy neamden it universiteitsterrein werop allegear wenten en foarsjennings te finen binne foar de studinten mar ek foar de dosinten, dat neamden se in campus. Dus alles wat net iepen is, wer’t inkel studinten komme meie, wer’t gjin romte is , want elke studintgekroech wêr’t ik west ha koenen je de doar hast net ynkomme omt der gjin inkele romte wie en it is seker gjin fjild, want op de measte studinteterreinen oerlibbet gjin inkele blom, dêr hingje de oare moarns noch in pear neakene liederkes yn de lege bierglêzen. Mar wy Friezen binne fansels ôfgeunstich op de wittenskip. Dy libbet moai yn campussen en wy wolle ek campussen. Dus wy neame alles in campus. We ha bygelyks yn Ljouwert in wettercampus, mar omt der allegear bûtenlanders komme neame se it in watercampus. Wetsus en in 25 oare wettertechnologiebedriuwen hingje der mei har allen om, en se neame de wettercampus in kenniscampus. Mar letterlik is in wettercampus dus de iepen flakte wer’t je wetterje, pisje kinne. No ja en at je der in lintsje omhinne dogge dan soene je it ek in frije wyldplascampus neame kinne. Ta myn ferbjustering hearde ik juster fan in campus yn St Anne. Ja nee , freeslik goed ynisjatyf hear, bedriuwkes wat ticht by skoalle, sadat de jeugd net nei in oar plak fytse hoegd at se dêr al wurk krije kinne, mar om soks no ek wer in ûnderwiiscampus te neamen, dan ha je in te grutte fourre hea op’e harke. Hoewol, hoewol lok, de provinsje leit 2 miljoen by de 6 dy’t de omlizzende gemeente al skood hiene. En al dy oare campussen wurde ek bêst betelle. Soe de oerheid altyd omlizzen gean foar dat wurd campus. Dan moat we dus noch folle mear campussen meitsje. It Sjûkelân yn Frentsjer is gjin keatsfjild mear, mar in keatscampus, dan kin we dêr hûskes boue foar de keatsers. En in hiel soad kroegen der fierder omhinne. Alle bedriuweterreinen yn de lytse doarpen neame we bedriuwecampussen, dan kin de gemeenten der echt net mear ûnderút en stean útwreiding ta, dan is de krimp wer oer. No de Frysk kulturele campus om it âldehouster tsjerhôf yn Ljouwert hinne, goh ik tink dat binnen it jier Omrop Fryslân ek noch wer werom is dêr, en dêr is konstant kultureel feest. Dat is, dat is de wichtigste basis foar kulturele haadstêd 2018 fansels, dy kultuurcampus. En wat stom, dat wist ik ommers toch wol, dêr om de iisbaan fan Calgary hinne bin allerhande sportfoarsjennings , en dat neame se dêr ek in campus, dat komt omt al dy lju dy’t dêr studeare dat dy ek sporte, want oars mei se net iens studeare. No , wy hienen fansels Sportstad Heerenveen campus, Sportcampus Fryslân neame moatten. Dan hienen sels de Grinzers meibetelle oan it Abe Lenstrastadion. En dan hie it nije Thialf ek op dat de iepen romte , in campus, njonken de Rabo bank komme moatten. En dan hie it regear, dat ek al sa rij yn de campussen omfinansierd, dan hiene dy sein, KNSB moat him de bek hâlde, alle topsport dus ek reedriden moat nei sportcampus Fryslân.  

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s