Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

27 05 13

 

It soe hjoed in gouden dei foar Fryslân wurde kinne. Sa’n dei fan dat je oan de ein sizze, moai,. sa mar trochgean. Ik bedoel de koepel fan de Flylander fjoertoer komt hjoed wer werom. Ja, goud is miskien in te grut wurd dêrfoar, mar moai. No en dan wurdt ek de earste peal slein foar dy gigantyske wurkgelegenheid yn Hearrenfean, dy suvelfabrieken. En no hâld ik net fan soksoarte opfierinkjes, mar dit jout dochs wol oan dat we yn Fryslân net by de pakken delsitten geane. At it wat minder giet. It is ek krekt dat Kommissaris fan de Kening Jorritsma dy peal deryn huft, hy hat de lêste dagen tige warber west om Thialf foar de súvelfabrieken te behâlden, want dat wie in betingst. En at op sa’n selde dei Grien Links mei in plan komt om safolle mooglik minsken oan it wurk te helpen en dat de VVD dêr jûn yn it sudwesten ek in smpoasium oer hat, dat jout dochs wat oan. We bin dêr goed mei dwaande, we lulle ússels wol arbeitsplakken ta, dan doch je teminsten wat. No ja en de Ljouwerter ried praat jûn oer de begrutting, en fansels lit wethâlder Ekhart yn snel snelkookpanpraat wol wat optimisme. It komt wol goed jongens, da’s in bytsje it moaie paroal fan dizze dei. Dat sizze we ek fan dat gedoch oer Thialf. Gooh 8 augustus krij we pas wer in slach tsjin de holle. Want tink mar net dat it oer is, at je as KNSB seinde noch wer in buro as Ernst en Young ynskeakelje om de minsken te fertellen dat je mei Almere gelyk ha, dan is dat dus de bedoeling. No ja Ernst enYoung in pear ton, en wy ha in aardige wike hân, Fryslân hie suver wer wat it gefoel fan we kinne dochs wol wat mei syn allen en we brûkten de nije media as Syriers. No ja , we eamelje dêr noch wat oer nei, en dan soene we dus yndied sizze kinne wat is dit in moaie dei. Mar mei al dy moaie dingen krij we dat net foar elkoar. Want der is fansels it waar. Dêr bin we ek wol wat mei elkoar yn: we ha’t allegear oer it waar. Kloatewaar. Wikselfallich seit Piet hieltiten. Niks wikselfallich. It is fêst waar. It is kâld, it waait en it reint. En it hâldt mar net op. En der bin ek lju dy’t wol kleije mar dy’t sizze we sil ’t wol earne oan fertsjinne ha, of oaren dy’t sizze lokkich dat we it as minsken net feroarje kinne of we moat it der mar mei dwaan wat op ús ôfkomt, mar de gefolgen wurde al oantoanber. Eins wolle de bedriuwen dy’t te krijen ha mei horeka toerisme en rekreaasje wol dat Piet him wat stilhâlde oer it waar. Mar we ha Piet net iens nedich, we witte it sa wol, moarn is it kâld, it reint en it waait. De horeka is noch net iens sa slim hear want wy bin dom folk. We wol der al op út no en at je fiif menuten bûten stien ha, gean je dochs om in kop kofje. En dan komme se by my, gniisde de kafeebaas. Mar Fryslân is de rekreaasjeprovinsje by útstek, mar kin ûnfoldwaande rekreaasje biede. Hokker idioat hierd in sylboat, of giet mei in tintsje de kamping op. Nei de aprilwinter krige de hiele rekreaasje in moanne eftersân. No kin je april noch ynhelje, mar wat dêrnei kaam wie sa dreech dat soks net mear yn te heljen falt. De ekonomyske krisis wurdt yn de rekreaasje fermong mei de krisis yn it waar. Ik wik jim dat it need gean sil, seker ek foar de lju dy´t it simmerhealjier altyd wend binne te wurkjen. En de lju dy’t noch fakânsje boeke moatte dogge it ek net yn eigen lân mar gean foar 40 euro nei Turkije, dêr tekent Piet hieltyd in sintsje en gjin druppen. Mar ek de boeren ha lêst, der bin inkel noch in pear streekjes gêrs flakby de pleats meand, mear net. Oars hie de earste snee der al lang ôf west. Dy moanne helje se dêr ek noait wer yn. En it gie krekt wer wat better yn de sektor. En sa bin der in hiel soad sektoaren dy´t wat begjinne te draaien as de sinne skynt en de wyn yn in moai sêft haaltsje oer it wat droegere lân giet. En ferdomd…….. It wurdt hjoed in moaie dei.

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s