Eelkesweblok

It each fan eelke

Een reactie plaatsen

28 05 13

Der is de ôfrûne jierren in geweldige enoarme goarre oan sûnenssaken yn de publisiteit kaam. Wy âlderen witte dus yntusken presies hoe’t it moat. En net moat. Wy nimme gjin gebakjes, gjin spek, gjin bakspul, gjin snoep, gjin frikandellen. Wy ite fisk, appels  en sûpe sûpe. Wat wy der net fan witte. Wy ha de Libelles en de Margrieten opfretten at der wer wat yn stie wat ferkeard wie en  wat goed . Ik ha begrepen dat at  je alle Libelles en Margrieten optelle dat je dan neat  mear ha meie, dus wy ha allang konkludeard dat je fan alles wat je miskien en soms noch ha meie dat je dêr lytse bytsjes fan nimme. En we switte ús dea op roeiapperaten en stilsteande fytsen. Mar  wy ha ien ding fergetten, we ha’t de bêrn net lêze litten. Sterker, de  bêrn begûnen te fretten, doe’t se noch net lêze koenen. En wy kommuniseare hielendal net mei de bêrn, we ha  nea wat ferteld. Sterker, wy skoue de saken dy’t we sels net mear ha meie oer de tafel nei de bern.  En it is noch in wûnder dat de bêrn frette, want dan moat se de tillefoan efkes dellizze , no da’s swier wurk hear. Ja sju harren âlders krigen dy tillefoans en dy bin der yn sitten bleaun of yn de ipads, tableds of laptops telânne kaam, en doe sangeren  de  bêrn en dy krigen doe ek in tilefoan en doe wie’t sangerjen oer en koene wy ûntspanne en de bêrn moasten in race mei de tillefoan tusken de appeltaart troch dwaan. Gelokkich, o wat gelokkich der bin hjir en dêr  noch in pear  minsken dy’t de bêrn ûndersykje. Se prate der noch net  mei, mar se dogge ûndersyk. It blykt no dat de bêrn houten klazen  binne. Der bin 500 kear safolle sportblessearde bêrn as eartiids doe’t wy elkoar tsjin de skinen skopten.  Want de  bern ha net mear leard te rinnen , en de poat wer yn te lûken, fanwege dat tillefoaneargedoch. En at je net  mear yn beweging binne wit je  net hoe’t je bewege moatte. En de âlders sizze dat je oan sport dwaan moatte as bêrn,  want fuotballer of tennis dat is it ienige wermei je noch in soad jild fertsjinje kinne . En dan fertsjinje je ek yn ien kear safolle dat mem ek in ynkommen hat. Dus skopt mem  de bêrn nei de sport, dêr krij se in skop en dan ha se de poat  net gau genôch werom lutsen en dan brek je de poat en dan moat je nei it sikenhus, en as je wer tús  binne krij je in stikje appeltaart.  Ja ho, dan komt de GGD en dy seit dat dy ûndersocht ha dat alle bêrn tusken de 12 en 18, presies dy tiid dat je Nadal of Messi  wurde moatte, dat dy  net sûn binne. De GGD wit neat fan dy brutsen poat  mar alles fan it iten fan dy  bêrn en dy krije allegear ferkearde dingen, want dy harkje net nei mem want dy seit dat je Messi wurde moatte en je wolle dan leaver Dik Trom boartsje.  It skynt dat hjir en dêr noch wol praten wurdt, want se drinke likernôch seis liter enerzjydrank deis, no dat is o sa goed foar je. It moaie is dat de bern al wat minder alkohol begjinne te drinken, mar it sil letter bliken dwaan dat it GGD ûndersyk moarns om  njoggen oere útfierd is.  Mar wit jim wat no it  nuverst is. Se ha mei elkoar besletten dat de GGD no mei de gemeenten om de tafel sitten giet om te sjen hoe´t se jongeren sûner libjen leare kinne. Alders dogge echt  net mei.   Aaah ik sjoch it al foar  my. Boargemaster kuieret troch de buorren. Hy hâldt twa jonge  minsken oan. En freget libje jim wol sûn. Wat is soen meneer. Gezond, leven jullie wel gezond. Ja boargemaster, wij leven soen.  No dan skriuwt dy boargemaster, geachte GGD vandaag weer twee gezonde jongeren gesproken.  En der feroaret neat.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s