Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

30 05 13

 

14 en 15 juny is de earste Fryske Olympiade. De bêste keatsers, de bêste fierljeppers en de bêste skûtsjes, hoewol alle oaren sizze sille dat it bêste noch net jilde kin, mar dy sille dêrop oan de slach. Evert Wilstra de âld fierljepkampioen hat it betocht. Sju Nijpels hat yndertiid, 2006, oproppen, jonges sko my no ris projekten ta wêr’t we wat mei kinne. Hy neamde dat Fryske fiersichten. Mar it waarden faak te fier sichten neamd. Eins wie der net in projekt wat koe. Neffens my is dit de earste dy’t útfierd wurdt. Evert hat it as fiergesicht betocht. Mar miskien moat je likegoed, nim my net kwea Evert, der ek noch wol in fraachtekentsje bysette. Der is nammentlik jierrenlang oan wurke dat betsjut dat net iens elke dielnimmer like entosjats is. Twad is, it sil earne wêze by de Wide Ie yn Burgum. Da’s fanút Burgum ûnder de brêge troch rjochting Fonejacht, mar efkes earder leit al de Wide Ie. Dy is lang sa wiid net as at de namme seit, yn elk gefal gâns minder wiid as de Ies by Grou en de Feanhoop. At de wyn hjir sud of noard is, dogge de skûtsjes it yn ien slachje, dan sit der gjin lavearjen yn. Se ha sowieso minder romte as op alle oare wetters wer’t se sile. No falt it miskien wer ta omt der mar in pear skûtsjes binne. En normaalwei witte keatsers Burgum net te finen, no ja ik tink dat Jan Tanja yn de jierren nei de oarloch noch op de PC mei die, mar dat wie’t dan wol. En no moat se ek noch op in suterich stik lân by de Ie. No ja de fierljeppers bin wol aardich thús yn Burgum, mar de echte barten lizze oan de oare kant fan de brêge, lekker beskut efter dy hege boatsjestâllings, no hat de wyn fet. No ja it wurdt in hiel spektakel, it publyk kin freeds moai omdolle mei dy sporten en sneon komme de topsorters dan sels. En it publyk kin fantastysk op de tribune nei trije dingen tagelyk sjen. Want lokkich bin al dy sporten net sa snel dat je hieltiid nei it selde fjild sjen hoege, je kin wol efkes om je hinne sjen. De dielname is lykwols beheind. Boppedat at it reint dogge de fierljeppers net mei. At it te hurd waait dogge de skûtsjes net mei en at it reint én waait kinne de keatsers ek net safolle. En soenen je it eins wol Fryske Olympiade neame moatte, ik ha by Olympyske Spelen hiel wat oars yn de holle. Hoewol se meitsje der al in wedstriid fan: se telle de risseltaten fan keatsers en fierljeppers en skûtsjesilers op. Je foarmje mei oaren in team en sa kin je at je yn je eigen sport ferlieze dochs winne. Teamcaptains binne Wout Zijlstra, neat mis mei, Tjalling van der Berg, ek âld genôch en Frits Wester, wat moat sa’n hollander by de Fryske Olympiade. En wat dogge dy captains, sile dy op harren skûtsje mei, bin se balkearder of sil Wester sels mei fierljeppe. No ja je moat mar sa tinke it is in aardichheidsje. En sa beskoud, ach dan kin it wol, net ien fan de trije sit yn de eigen kompetysje yn in beslissende fase. Boppedat de sporters sels fine harren fryske sport ek in aardichheidsje, net ien docht mei om in soad te fertsjinjen, want dat sit der net yn. No goed, it foardiel fan de twifel, at it moai waar is dan is der bêst in aardich sjootsje fan te meitsjen. Inkel hoopje ik net dat de provinsje it as it hichtepunt foar en fan de fryske sporten oanstjut, want dy lizze echt earne oars. Werom at ik it hjoed al meld, no jûn is de lotting yn it mediakafe by Omrop Fryslân , hokker skûtsjesiler hat hokker ljepper en hokker partoer by him yn de ploech. Of oarsom Wêrom yn in kafee…. no de beoefeners fan de fryske sporten bin sels rij ynnimmer, oars passe se net. Stiet der eins wol in kafee by de Wide Ie yn Burgum.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s