Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

03 06 13

Wat in misser Net te leauwen. De Ljouwerter Krante fan sneon lei op tafel en ik fûn  neat oer de FNP. En dy ha freedtejûn yn Wurdum gear west. Mar se ha dêr op de redaksje sein ach lit mar, dy lju jeuzelje dochs hiel lang dan is it te let foar ús, moandei mar in berjochtsje dat Ultsje Hosper Nynke Beetstra opfolge is as foarsitter. Wat in misser. Want ik waard freedtejûn op twitter gewaar dat der in revolúsje útbrutsen is. De revolúsje fan Wurdum. Watte, dat ûnhandige gedoch fan Pieter Jelles Troelstra yn 1918 wie der hielendal neat by. It Friesch Deiblêd, dat wol midden yn de nacht Robert Veenstra noch út de sauna helle foar de himsels herheljende ivige kwoot ik ga niet weg, die wol wat, mar hie it ek net echt yn’e gaten. En Hosper waard sneontemoarn wol by Omrop Fryslân oan it wurd litten,  mar de echte betsjutting fan dizze jiergearkomste waard it folk net ferteld. No dan moat ik mar efkes, want hjir is wat bard, jim wolle it net leauwe. Revolúsje. Fryslân autonoom. Ja swier wurd, mar de FNP brûkt it sels ek, dus it is tenei úterst geef Frysk: autonoom. De fizy, ek al sa’n wolwêzenswurdsje, mar sa neame se it sels, de fizy fan de FNP is autonomy. Wy, harkje goed, wy bin in sa útsûnderlik folk, dat wy moatte in bûtengewoane autonome provinsje  wurde. Ja we kin net hielendal sûnder it grutte Nederlân, oars soenen Hearrenfean en Cambuur hieltyd tsjin elkoar en Harkemase Boys en  ONS fuotbalje moatte. En we moat fansels ek wol wat jild ha, dus lit dy hollânske útkearing yn it Provinsjefûns mar stean, mar fierder autonoom. Sels oardielje oer romtlike oardening, regionale ekonomy, taal, kultuer, ûnderwiis en mynbousaken. Mynbousaken? Ja fansels, fanwege it gas, en dat jild moat we hâlde, dat moat net nei de lju dy’t hjir ynfesteard ha, nee autonoom. Fan  ús. Begryp jim it no. Autonoom. De saken yn Fryslân ûntsteane no út rânnestêdelik tinken, wy moat der sels oer kedize kinne seit de FNP, en dan  moat we dus in aparte status ha. En dan hoege we lekker ek net by Grins, want dat hat dy aparte status net. Nije wike spikert Ultsje Hosper syn 96 stellings oan de doar fan de Aldehou. Sybren Posthumus plakt de hiele provinsje fol mei posters en stikkers: Fryslân Frij. Jehannes Kramer stapt út it kolleezje want dy ha in oare, in beheinde fizy. Hy siket de wei om sa gau mooglik Jorritsma fuortstjûre te kinnen en  sels de lieder fan Fryslân te wurden, president Jehannes Kramer. Alle bûtenlânske, dus ek Hollânske en Grinzer ynfesteerders yn ús ekonomy wurde dan sa gau mooglik derút dondere, wy rêdde sels wol mei ús regionale ekonomy, ek al betsjut foar hiel Fryslân wurkleazens. Dan bin we teminsten autonoom wurkleas, skitterend. Twa Hollânske wurden efter elkoar en jo wurde de see yn dreaun. Fuortwêze oare lju, wy bin ommers autonoom. Wy wolle krekt lyk as oare lytse regio’s yn guon grutte lânnen ek hjir en der wat foech ha, dat wolle wy ek.  Wy wolle sels de ferhâlding bepale tusken gemeenten en provinsje, want wy witte it better. Miskien komme alle lytse gemeenten wol wer werom. Der is net in hollander dy’t meidocht oan de diskusje oer ús stavering, dat mei aanst de stellingwervers ek  net mear, wy bin autonoom. En bysûnder. Wy bin eins in soarte Wilderspartij. Dy seit Europa is neat, islam is neat, wy bin ússels en dus bysûnder. Wy sizze Den Haach is neat, Grins is neat, wy bin ússels en bysûnder, it ferskilt net iens safolle. Wy bin bysûnder omt ús heit en mem, of soms ien fan de beiden tafallich Frysk prate. No ja, safier sil it dus allegear net komme. Wat de FNP eins seit is dat wy hjir yn Fryslân mei syn allen in tekoart oan bestjûrskrêft ha. En dan ha se gelyk. Fryslân, en dus ek de FNP,  moat folle mear sels dwaan, mear ynitiatieven nimme. Mar dat hat al sa faak yn de krante stien en op de tillefyzje west, dat is net nij. Boppedat hat Jorritsma ferline wike ommers dat ek al yn de NRC sein, we ha hjir kloaterich langsem mei Thialf dwaande west, it wie ús hast ûntkaam  en we ha it noch net. Wy koenen der hjir sels autonoom net iens útkomme. 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s