Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

05 06 13

 

Fannemiddei prate ús provinsiale steaten oer Thialf. Ja, Doekle Terpstra hat sein dat we pas nei 8 augustus wer meiprate meie, mar it is miskien dochs wol efkes goed dat de steaten der no efkes noch yn om haffelje. Sju se binne no ek eigner fan Thialf. No ja en at je sjogge wat dat domme gedoch oer Fyra yn de Twadde Keamer docht, dan moat ek hjir dochs minstens in parlementêre enkête op loslitten wurde, tinke de steateleden. Wy moatte fan wurd ta wurd presies witte wat der allegear bard is yn it ferline. Wat, fan punt ta komma. No ja, it measte wurdt wol oersljochte dan hear. Der sil nammentlik út dy enkête blike dat alles noch al sleaustronterich gien is, en dêr haffelje dy steateleden fansels wol gau oerhinne, want dat kaam benammen omt de steaten Hans Konst net de kâns jûn ha om hurd en ferstandich oan de plannen te wurkjen, omt se sels der hieltyd mei de mûle ynhingje woene. No en steateleden kin inkel hurd at der earmoede is, lykas no. Krusiaal yn it fehaal sil wêze it bryfke wat Doekle Terpstra as KNSB foarsitter skreaun hat oan de Kommissaris fan doe noch de Keninginne, Jorritsma. In moai bryfke. ’t Komt allemaal wel goed John. Dy hat it bryfke netsjes opfoud en yn’e bûse stutsen en doe ha hy en Konst noch in pilske naam en bin rêstich sliepen gien. Sa no en dan waarden se wekker skodde troch ien dy’t sei dat bin dochs wol hiel grutte moaie plannen yn Almere, dan skodden se efkes fan it laitsjen en draeiden har wer om en sliepten fierder. No se bin rûch wekker skodde doe’t de NOC*NSF it hiele ferhaal út de hannen fan Doekle Terpstra skuorde en sels de beslissing naam dat se nei Almere gienen, want dat hienen se it ministearje fan vws (en dy s stiet foar sport) tasein. De fjirde stêd fan ús lân wol in topsportakkommodaasje ha. No ja en de reedriderstimpel stie yn in fraachteken omt dy fryske bestjoerders sa traach en wispelturich wiene. Ja, mar dat hie Jorritsma net tsjin de NRC sizze mochten seit PPV-er Van der Galiën, mar da’s ûnsin, je moat altyd earlik wêze. En earlik sein it is foar de earste kear dat de provinsje sels sein hat no sju Thialf is al twa/trije kear fallyt west, no wer safolle jild dan moat we ek mar in kear baas wêze. En sa docht bliken dat bin je net sa mar at je it net wend binne. Boppedat ha der tefolle minsken allegear plantsjes hân, ik tink sels dat Butter en Buiter ek wol mei hun Almereplan yn Fryslân west ha. Antwurd oan Van der Galiën, we ha hjir fan leard. No ja soks rûgelt dus allegear út dy parlementêre enkête dy’t de steateleden ha wolle. Mar it sil hjoed wol fiif oeren kostje om soks der troch te krijen, en dan giet it ek net troch want want Konst hat dêr hielendal gjin nocht oan. Dy hat it dossier Thialf al fiif kear machteleas troch de kantoaren kwakt. Want steateleden, jim mei dat wol dwaan, sykje alles goed út, mar doch dat at alles klear is. Jim moat nó nammentlik allegear dingen dwaan om Thialf der troch te krijen. Jim ek, fia jim partijen want it is allang in polityk saakje. En dat moat jim net yn it iepenbier dwaan, Ja jim moat no efkes sizze we sil soargje mei ús allen dat dat klear komt. En dêrnei alle doarren ticht en oan it wurk. Lobbye. Netwurkje. Mar earst rekkenje, skriuwe, in bytsje oerdriuwe. Sa dat jim oan de tenders, ik wit ek net wat it binne, mar dy hat it NOC der oan ophong, dat jim oan de tenders foldogge. Ha jim wol goed harke nei dy hotemetoten. Fryslân, Thialf, syn ferhaal wie net klear, dat kin samar oan de kant skood wurde ek al bin der yn Almere inkel fantasten mei in pear dûbeltsjes. Fansels, jim tinke lit mar wat, wy libje op it sentimentele golle gefoel fan de Fryske mienskip. Mar dat is echt net genôch. 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s