Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

06 06 13

 

Ik sil it fannemoarn mei jim hja oer in lid fan de Aronskelkfamylje. De araceae. De Aronskelk sels is in yngewikkelde blom, werby it froutsje stjonkt, dêr komme dan de bijkes op ôf en dan slút de blom har efkes en dan sitte dy bijkes ûnder it sied. In hiel yngewikkeld gedoch. Dy famylje is wat ienfâldiger. Einekroas. Einekroas? Wit jim toch wol, dan ha je in sleat, wer’t net safolle streaming yn sit en dan is dy yn de hoeke of somtiden hielendal dutsen mei in grien plantelaachje. Wy ha oait in wat dommige hûn hân dy’t tocht dat er wol op dat laachje rinne koe, dy moast ik wer út de sleat takelje, dat kin net. Einekroas komt foar yn stilsteand of langsem streamend wetter. Dus dêr by de grutte rivieren yn de úterwaarden is optheden absoluut gjin einekroas. Eins heart it hjir net foar te kommen at je de botanyske geskriften neisjogge, it sit nammentlik meast yn tropyske of gematigde gebieden. Neffens my bin wy net iens in gematigd gebied, mar likegoed komt it hjir wol foar. It einekroas, lemna yn it ynternasjonale sirkuit, hat nochal wat soarten. Yn Nederlân komt inkel it bultkroas, dwerchkroas, lyts kroas, puntkroas en knopkroas foar. Ik sjoch daliks it ferskil net, benammen dat ferskil tusken dwerchkroas en lyts kroas kin net sa grut wêze want it is lyts, mar dêr ha we de biologen foar. Einekroas is in spermatopsida, in siedplantsje. Je kin in fiver dolle en dan kin je gewoan hiel soad sied yn dat wetter kwakke en dan in pear dagen wachtsje en dan hat it wetter der einekroas fan makke. Sa kweek je einekroas. No ha we dat fansels noait dien, wat moat je mei de griene rommel yn je fiver of sleatsje , dan sjoch je de goudfisken net iens mear. Likegoed wurdt der yn de Lemmer aanst om healwe tsienen in kweekfiver einekroas iepene. Jo kin tinke dat it Johan Adema yn’e harses slein is, mar syn Lemster feebedriuw hat net iens de earste kweekfiver fan it lân. Sju de boeren meitsje hieltyd nije ûntwikkelingen troch. In pear jier lyn smieten se massaal harren lân yn de mais. Ja earst inkel de stikken dy’t dochs min gêrs opsmieten. Mar al gau, hearlik soppige greide dy’t ta Mexicaansk lânskip makke waard. Inkel dêr koenen se dat guod yn de hjerst net mear weikrije, omt it te wiet wie. Se ha der sels fan dy fleanende wurktúgen foar makke, mar it wie te djoer en te ûnhandich. Ja der bin noch boeren dy’t der dan fan dat plastik oerkwakke wat opfretten wurdt troch de maisplanten en dy’t dan wer yn de kij stoppe wurde. No ja dus de úterwaarden dêr kin se al dy mais dan ek wol ferjitte, en hjir noch ien reinbuike en it is ek wer greide. Of in fiver. In kweekfiver foar einekroas. Want it blykt dat yn einekroas in hiel soad aaiwyt sit. En dy kij frette no om it leven soaja om oan harren aaiwytgehalte te kommen, mar einekroas is folle goedkeaper. Adema hat útrekkene dat er 20 ton droege einekroas per bunder kweekfiver ôfhelje kin. No wit ik net wat it sied kostet, want dat sil je dus hieltiid wol yn it wetter smite moatte, mar it falt my ta hoefolle at der noch brûkt wurde kin en je kin wol in pear kear per jier. No ja en at je dan as boer in fiver dolle dan mei je fan it wetterskip dy sleat tichsmite wêr’t je hieltiid omhinne ride moatte. Twa slaggen yn ien kear. De deputeare komt aanst ek, Jehannes Kramer. Ik tink dat dy sa entosjast is dat er soksoarte wetterkes as de Leyen en de Eeltsjemar wol ôfslúte wol, stilsteand wetter en dêr einekroas yn kwakke. Der komme ferbodsbuordsjes foar einen want dy witte al heel lang dat der aaiwyt yn sit en dy soenen alles opfrette. Wat tropyske lampkes derby. Goh. Fryslân hat in nij doel, einekroas. 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s