Eelkesweblok

it each fan eelke

1 reactie

07 06 13

 

It Skriuwersboun. Hea, se skriuwe dat sels mei b-o-u-n. Ik soe bûn mei in u-kapke skriuwe. Wa is no yn de betizing. Wurdboek. U-kapke. Oer alle boegen, ek hoe’t je it wurd bond-bûn ek mar yn in wurd sette. En dan skriuwt it Skriuwersboun himsels dus mei o-u. It Skriuwersboun is fan 1969. Dat is noch fan foar de proefstavering en dus ek noch foar de staveringswiziging yn de 70-er jierren, 1976 wie dat, bekrêftige yn 1980. Nei swiere, heel swiere debatten. Skriuwer Douwe Tamminga hat him deafochten yn de steaten om it saakje der troch te krijen en neffens my wiene doe guon skriuwers dy’t in foaroansteande rol yn it Skriuwersboun hiene, der op út om de stavering safolle mooglik te feroarjen nei de útspraak. En dan blykt dat dyselde lju de namme fan it Skriuwersboun gewoan sa stean litte as foar de offisiële staveringswiziging. Oan de oare kant, dat mei, al soe’t mar út sentimentele oerwagings wêze, it Fries Dagblad neamt himsels ek noch Friesch, mei c-h. Mar it joech ek oan dat it Skriuwersboun dochs wol wat in eigensinnige groep is. Wie. Se bin it net mear. It bin suertsjes wurden. Ik bring jim yn it sin dat koartlyn de provinsje ynienen de stavering fan it Frysk feroare hat op oanstean fan de Fryske Akademy. Der komt in nije wurdlist en fan ús en de skriuwers wurdt frege om dat oan te hâlden. It blykte dat de steaten al akkoard gien wiene foardat de boargers deroer diskusieard ha. Je kin sizze dat we allegear net goed oppast ha, je kin ek sizze dat deputeare steaten net echt nijsgjirrich wiene wat wy der fan fûnen. Net yn deselde sfear as yn de 70-er jierren yn elk gefal. Lit it my samar fersichtich sizze. Mar doe’t it al sa wie, kamen der al wat reaksjes, mar net iens sa folle. Want der wurdt fan sels amper mear Frysk skreaun. Ja we twitterje no Frysk, mar dy kapkes bin sa dreech op dy tillefoandingen te krijen dus dy ferjitte we. Boppedat is twittertaal neat oars as ôfkoartings, no dan kin je alles dwaan. Even der dogge de hollanske lju twa ff fan effen, wy dogge fk foar efkes. Sa sawat. Mar de skriuwers, dy ha fansels wol wat te krijen mei in nije stavering, want dy moatte folút efkes efkes skriuwe. En al dy oare wurden. En dy wolle net allegear nei de krûch mei u-kapke. Mar der moat se jûn wol hinne, want yn kafee Wouters yn Ljouwert is jûn in diskusjejûn oer de stavering. Fan it Skriuwersboun mei o-u. De útnoeging is gol: wy wolle graach fan jim (de leden dus) fernimme hoe’t jim foar de plannen oangeande de staveringsferoaring, standertwurdlist en staveringshifker oer stean. Gol. Ek net mear. It seit dus net wêr’t it bestjoer aanst mei u-kapke fan it Skriuwersboun mei o-u stiet. Want wat blykt: se stelle harsels neutraal op. Mei opset sin. Want tinke se, der is gjin ienriedigens ûnder de leden. Nee dat wie der yn 76 ek net, doe woe elke skriuwer en elke skriuwster syn of har eigen stavering. Mar it wurd noch slimmer, it Skriuwersboun soe earst in jûn organiseare mei de Fryske Akademy. Mar omt se it gefoel hienen dat de provinsje dizze jûn regiseare woe kaam it ûnôfhinklike karakter fan de diskusjejûn yn diskusje. Sju dat skriuwers en skriuwsters it net mei elkoar iens binne, dat is dudlik en goed, want oars soene it net skriuwers en skriuwsters wêze. Mar dat de provinsje der dan foar soarge hat dat it bestjoer mei aanst u-kapke fan it Skriuwersboun ivich mei o-u o sa fersichtich oer de staveringstriedden dûnset dat is dochs wol wat frjemd. Soe dat betsjutte dat de provinsje tinkt dat at je de skriuwers út elkoar hâlde en dat der gjin mienskiplik stânpunt by harren is is dat je dan gewoan trochsjouwe kinne mei in ûnnutte staveringsferoaring? Wa moat dy dan brûke? 

One thought on “it each fan eelke

  1. Pingback: It Skriuwersboun | ensafh

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s