Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

10 06 13

 

Freed dan komme kening Willem Alexander en keninginne Maxima nei Fryslân. It is in tongerbesite, bliksembezoek, dus wy sille alle dagen efkes wat fertelle oer de fiif plakken wer’t dy tonger echt delkomt, want op de dei sels is der fansels hielendal gjin gelegenheid foar. No freedtemoarn begjinne we fansels yn Ljouwert, it soe ûnlogysk wêze dat je lykas yn oare gewesten dat je earne oars as yn de haadstêd oankomme. Ik begryp net dat je jesels net profileare as haadstêd. Boppedat it is dochs logysk. De kening en keninginne komme op besite yn de provinsje Fryslân, dan moat se dochs ûntfong wurde op de stoepe fan it provinsjehûs. Dêr stiet de Kommissaris fan de Kening John Jorritsma en de boargemaster fan Ljouwert Ferd Crone bruoderlik njonken elkoar dy stoepe. Ik ha gjin idee hoe’t de kening en keninginne nei Fryslân ta komme. Willem syn âlders en pakes en beppes stapten ornaris yn de helikopter at se nei Fryslân moasten. Sa koe Juliana yn 1963 moai de filmkes fan de oankomst fan de alvestêddetocht werom meinimme nei Hilversum, dûbele winst. Mar we hoege dat ek net te witten, want in helikopter kin net del komme op de Twabaksmerk. It sil dus wol mei de auto wêze. At se it provinsjehûs no dochs by Werpsterhoeke delset hiene, sa’t folle goedkeaper, handiger en dus earst de bedoeling wie, dan hie der ek moai in helikopterfjildsje oanlein wurde kinnen en dan hiene de kening en keninginne dêr fansels útkaam. Hawar, auto op de Twabaksmerk. Hantsjes jaan, ek oan de politisi dy’t it yn Fryslân foar it sizzen ha en dan yn de koets, dy kin wol lande op de Twabaksmerk en dan nei it Hofplein. Moaie gedachte is dat de bern fan de Maximaskoalle en de Willem Alexanderskoalle de earehaach foarmje. Moai is ek dat Hofplein. Uteinlik bin de Oranjes fan no de ôfstammelingen fan de Fryske Oranjes. Dat wurdt nochris beklamtoane want dêr sille kening en keninginne it boek Spiegelspreuk krije. Lida Dijkstra hat it skreaun. It giet oer in prinske fan Oranje dy’t it gedoch oan it hôf hielendal sêd is, en fan hûs fuortrint. Hy komt telânne by beppe en dat is Marijke Meu. Sis mar de forstin fan Ljouwert. Want wy sizze Marijke Meu, mar it wie Maria Louise van Hessen-Kassel dy’ t yn1688 berne waard Se hie tsien broers en noch trije susters. Se waard fereale op Johan Willem Friso van Nassau-Dietz en dy soe yn 1709 syn grutte yntocht dwaan yn Kassel, mar dêr bruts in tsjil fan de wein, hy moast syn frou rinnende ophelje, mar it wie blykber de muoite wurdich, want hy rûn troch. Johan Willem Friso wie stêdhâlder fan Fryslân en Grins en wenne doe dus hjirre yn Ljouwert, sa wie dat doe noch. Just oan it Hof. No ja hy wie net folle tús, hy siet yn allerhande oarlogen betize. En hy wie op wei nei Den Haach om de erfsaken fan syn neef, kening-stêdhâlder Willem III te regeljen. Mar it sloech wer ta, ien rukwyn by Moerdijk en de fearboat wer’t syn koets op stie sloech om en Johan Willem Friso ferdronk. Mar it steatsrjocht siet sa yn elkoar dat syn soantsje wat noch berne wurde moast, Karel Hendrik Friso, dy waard Willem IV en dus moast Maria regentes wêze, wat se letter sels noch wer wurde moast foar har beppesizzer, Willem V. Dus dat de gedachte oan Maria Louise brocht wurdt is goed, benammen omt Maria hjir Marijke Meu, meu tante, muoike, waard. Populêr yn Ljouwert. Se fûn Ljouwert wol moai. Se gie faak yn in draachkoetske troch de strjitten fan Ljouwert, grif ek wolris fan de Twabaksmerk nei it Hofplein, want dêr wenne se. Se struide dan snuobbersguod nei de berntsjes dy’t op strjitte boarten. Ik bin benijd at harren neiteam dat freedtemoarn ek docht. 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s