Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

12 06 13

Ik bin dwaande mei freed, de hiele wike al kuierje we lâns de plakken wêr’t de kening en keninginne troch fljogge freed. It is no sis mar kertier oer tsienen freed yn Akkrum en dan moat it spul nei de Jouwer. Dêr moat se tweintich foar alven wêze. No ja en je moat oer de rotonde by de Jouwer dat is hast totaal al 25 menuten. Boppedat ha se noch wol efkes wurk oan Akkrum, want Willem Anker hat fansels ûntdutsen dat hy ek WA is en soks moat betocht wurde. Ik ha myn twifels, lit we sizze dat de Jouwer kertier foar alven wurdt. Trouwens se sil wol net oer dy rykswegen ride, mar gean fansels oer Terhenne en Goïngaryp. Dêr moat net krekt in boer mei in trekker mei fan dy útstulpingen fan Terkaple nei Broek moatte. En je ha ek noch twa brêgen, benammen Hearesyl draeit net sa hurd, dêr wol je noch wolris tsien menuten stean  moatte. Mar dy kant fan de Jouwer sit wol Heremastate en  dêr stiet de boargemaster frou Looman klear. It hantsjeskodzjen duorret net sa lang want dan springe Willem Alexander en Maxima yn in landauer. In koets. Mei  in span Fryske hynders derfoar. En dan folget in riidtoer troch de Midstrjitte. No ja en at je in wiuwfeest ha wolle dan moat elke Fries dy’t it freed oan tiid hat fansels yn de Jouster Midstrjitte wêze, dat wurdt in fantastysk feest.  De Jouwer hat eins hielendal gjin histoarje. It is in gebiet wêr’t eartiids de farwegen  en diken by elkoar kamen, fandêr dy grutte ronde, mar mear wie’t net. In vlecke neamden we dat. Se ha noch gelok hân dat âlde Douwe Egberts dy gearhing fan wetter en diken ek wol aardich fûn en kofje begûn te brânnen. By it ynriden fan de Jouwer is it keninklik pear fansels wol wiisd op dy noch ymposante wurkgelegenheid. En Maxima hat hearlik snúfd, sokke geuren kin se ek noch út eigen lân. Mar dat is eins de ienige histoarje fan sa’n vlekje, dat de lêste 20 jier útgroeid is ta in foarse vlek, moaie wiken, en in gesellich sintrum, de Midstrjitte. Want wat docht in plak, in vlek, sûnder histoarje, dy giet troch de Midstrjitte. Dat dogge se geregeld. It wie sels sa dat it skûtsje fan de Jouwer kampioen fan de SKS wurde soe yn 1991, sân punten foar de lêste wedstriid yn. Doe kamen de Jouster lju al mei mjitlinten nei de Lemmer, ha alles opmjitten oan it skûtsje, en doe berekkene wat foar wein derûnder moast en at soks troch de buorren koe. It kampioensskûtsje koe net efter Douwe Egberts lâns de Jouwer ynfarre, nei it plak en dat is eins noch wol histoarysk wêr’t Ealtsje Holptrop van der Zee ûnder oaren it fryske steatejacht boude. Nee op in wein troch de buorren. No waard de Jouwer úteinlik net iens kampioen dus it is net trochgien mar ik ha begrepen dat mocht it dochs in kear barre, troch de buorren. It wurdt Willem Alexander lykwols oankundige as in rit door de Midstraat. Kening en keniginne foarop. Oare koetsen, rúters, musyk en sjezen derefter, allegear Fryske hynders, suver in Boerebrulloft, ek ien fan de tradysjes op de Jouwer, sit dochs noch wol histoarje yn. Moat in skitterjend gesicht wurde at it net reint. En dêr kinne wy Friezen dan ús tank oan it keningspear kenber meitsje. Fleurich. Mar der rinne lju omhinne dy’t wol hieltyd op it klokje sjogge en dat kin lokkich yn de Jouwer, wat histoarysk bekind stiet om de klokkemakkerij. Fiif foar healwe tolven moat we yn Ealahuzen wêze. Oer Snits, mar dan moat we dus wer werom mei dy landauer en dan noch de hiele Hurdraversdyk lâns. We kin ek sizze we springe oan it ein  fan de Midstrjitte wer yn de auto’s en dan de plysjes massaal alles fêstsette op de rotonde sadat we wis binne dat de A7 de hiele middei fieder yn de wegenferkearsynformaasje sit, en dan oer  Spannenburg en dan wer omheech nei Wâldsein. It spant der in bytsje om, se sille it wol útbesocht ha. Mar at we fiif foar healwe tolven yn Ealahuzen wêze moatte dan moat we echt alve oere wol út de landauer. In kertierke Midstrjitte. De Jouwer kweekt hjir gjin nije histoarje mei. 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s