Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

13 06 13

It is freedtemoarn tusken alve oere en fiif foar healwe tolven. In stik as trije fjouwer auto’s mei in horde moterjende plysjes der om hinne stoue rjochting Wâldsein. Se sille wol fan it suden komme, want op de A7 by Snits ha se de fjouwerstrooks twa makke, dêr bin se al wiken lang oan it prutsen, ûndudlik wat, mar it sjit net op. Boppedat troch de Hommerts meist ek mar fyftich en der bin tefolle plysjes. Oer Spannenburch nei Wâldsein. Akwadukt. Miskien is der kâns en gean de Yndyk lâns, o sa moai lâns de Hegemermar, teminsten foar sokken as it keningspear, echte wetterrekreanten. Rjochtsôf op wei nei Ealahuzen, it kin net misse. Der is net bekind wêr’t boargemaster Willem Hoornstra stiet, mar sis mar yn Ealahuzen. Hy sil wol regele ha dat der wat bern stean te wiuwen, mar dy wurde oan de kant sketten troch de skutterij fan Sleat. Dy bringe in sjittend earesaluut. Hoopje dat se dy kanonnnen net allegear ek meislepe fanút Sleat want dan hiene de kening en keningin better oer Sleat kinnen. En dy Ealahusters woene yndertiid hielendal net by Sleat. Mar oer weryundieling wurdt net praat want at Hoornstra útlizze moatte soe dat er eins al neat mear te dwaan  hat omt alles al fanút de Jouwer regele wurdt, dat leaue de keninklike gasten dochs net. Da’s sa ûnlogysk, je bin toch yn de súdwesthoeke, dy farrende gemeente. En de kening en keninginne geane nei in sylskip dêrre. Mar se stappe earst yn in oldtimer. Ja, dat is wat gefaarlik fansels, teminsten flakby yn de buert is koartlyn sa’n oldtimer gewoan de feesttinte ynriden. Eins hat Hoornstra doe wol hiel bot lake omt syn foargonger Pitlo yn dy oldtimer siet, mar hy moat der net oan tinke at soks freed ek barre soe, temear dêr´t der yn Ealahuzen noch gjin feesttinte stiet en dan  soe dy old timer samar it wetter ynride kine, it hiele programma dach. Dus dat bart net, dy old timer is neisjoen. En  dêr sit in fetsoenlike remme yn. Dy’t ho hâld by de Beatrix. Dy leit by de âlde bûterfabryk. Dy bûterfabryk makket allang gjin bûter mear mar dy stiet yn elk gefal al myn hiele libben lang leech. Dat wol sizze dat er yn de rin fan dy jierren wol sa’n  tsien-tweintich kear ferboud is, en dat it allegear nea wat wurden is. It komt omt it haventsje te lyts is en der sit fan dy âlde simmerhûskes op in stripe noch foar. Likegoed is it spul yn 2010 oankocht troch de stichting Sailwise. En dy ha it âlde Packhuys en it Commandeurshuis ferboud ta it Sailhûs en dat hjit letterlik sa. Sailhûs. En dêr leit yn dat haventsje de Beatrix, in sylskip werop mearfâldich handikapte minsken dochs ris sile kinne. It ding is 18 meter, in twamêstiche catamaran. Geregeld te sjen op de Fluessen en Hegemermar, mar is ek wol op de Iselmar. Se soarge derfoar dat it skip net skeef giet, de seiltsje bin net sa hiel grut, en der kin in rolstoel troch de waring. Prachtich ding, koartlyn ha se noch in ton krigen om harren goede wurk troch te setten fan it benefietgala fan de Friesland. Likegoed wurdt it in wat hastige mar wol hiel weardefolle besite fan Willem Alexander en Maxima oan de Beatrix. Spitgernôch is it net mooglik dat se noch efkes meifarre mei de Beatrix. Dat soe hiel moai wêze, mar it kin net, om tolve oere moat se yn Starum wêze. Soks liket hiel ienfâldich, Ealahuzen oare kant wer út, mar dan kom je op it lêste karrepaad fan Europa. De dyk Koudum Balk rjocht oer, heal om Himmelum hinne, mar ien auto dêr yn de buorren oan de kant en je stean der sa mar tsien menuten, dan troch Warns hinne nei Starum. Dan moat de  brêge oer de slûs mar efkes mei plysjegeweld sluten wurde fan te foaren, wat dat kostet meast in heal oere foardat al dy dútsers de slûs ynfearn binne. Der is gjin tiid om te sjen hoe’t de nije slûs derút sjen sil, want se moatte troch nei de âlde haven, soks duorret echt langer as fiif menuten. Dêr wachtet Starum…     

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s