Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

14 06 13

It is hjoed tolve oere. Ik ha jim fannewike sketst wat der hjoed allegear barre sil mei de besite fan Willem Alexander en Maxima oan Fryslân. It is dêrby wol dúdlik wurden: at we in keninklike besite ha yn sokke sân hasten dan  moat der krekt yn Fryslân hiel wat regele wurde om de saak der op tiid troch te krijen. Ik ha jim fannewike beskreaun wat der allegear bart yn Ljouwert, Akkrum, de Jouwer en Ealahuzen tusken njoggen en tolve oere hjoed. Fannemiddei om tolve oere stean we allegear by de âlde haven fan Starum it keninklik pear út te swaaien. Boargemaster Hayo Apotheker docht dat, mar wat my in bytsje hindert is dat hjir krekt as yn Ealahuzen ek al wer in earesaluut ôfsketten wurdt troch de pleatselike skutterij. Dat gesjit jout de yndruk dat wy in oarlogssuchtich folkje binne en dat is net sa. Boppedat dat leven jaget sa’n keninklik pear inkel mar fuort. En dat bart ek wol mar de haven fan Starum is fansels oanklaaid om it pear dochs noch it ien en oar mei te jaan. Alles stiet yn it teken fan wat Starum great brocht hat: fiskerij en toerisme. No krij se fansels aanst op dy boat wol in lunske, mar ik nim oan dat Doede Bleeker der dochs foar soarget dat Willem Alexander en Maxima in sâlt hearrinkje krije op’e haven, en dan  hellet hy stiekem wol in pear nije deenske hearrinkjes út de tontsjes dy’t er al 14 dagen stean hat. No ja en der sile ek jongelju yn de haven om, der is allerhande musyk. Mar wat spitich is, der is gjin tiid foar de histoarje fan Starum. En dy is dochs echt de muoite wurdich, Ik ha besocht om Maxima in kattebeltsje te jaan werop stiet:  at jim lâns de haven rinne freegje dan efkes foar de kroech wat dat moaie byldsje fan in frommiske mei in puntmûtse betsjut. No dan kin de leugenbank wol efkes roppen wurde en fertelle oer dy keapfrou dy’t alle manlju de baas wie mei har hûs mei gouden flierren en sulveren muorren. Mar se, it froutsje fasn Starum,  woe noch mear, en  droech ien fan har skippers op om it meast weardefolle út de wrâld op te heljen. Dy man kaam mei in lading nôt, graan, út Danzig wer werom. Hy fûn dat weardefol, sy net en liet it graan op it Frouwesân smite, oer board. En se smiet har gouden ring der efter oan, omt de skipper  sein hie dat at je earm wiene dat nôt dan it meast weardefolle wêze soe. Sy andere dat se nea earm wurde soe, inkel at se dy ring werom krije soe. En jawol, doe’t de âlde fisker Wouda werom kaam mei in snoekbears dy’t dy ring opfretten hie, waard se noch wol hiel earm. No, prachtich ferhaaltsje fansels foar Maxima, al sil’k de fergelikens net útwurkje. Mar dy manlju soene dan ek efkes fertelle kinne hoe ryk at Starum eartiids wie, yn 12e , 13de ieu ien fan de fernaamste hanelsstêdden yn Europa. Riker as Ljouwert en Ealahuzen. Mar it giet de hiele dei wat sa, se ha it net oan tiid, wat de minsken harren eins wol fertelle wolle soene om it komplete byld fan dy stêdden, doarpen en vlekken te krijen. Ik tink dat Maxima myn bryfke spitich fuortsmite moat en mei Willem Alexander sa gau mooglik oan board stapt fan de Friesland. Dêrmei farre se dan nei Noardhollân ta, Enkhuzen, altyd Starums punt oan de oare kant fan de eartiidse see. Dêr hat it keninklik pear noch sa’n selde soart tongerprogramma. Fleane, drave. Dus soenen je sizze jou je op dy boat efkes del. Nee, nee, Fryslân en Noardhollân sette elk noch sa’n 50 lju op de Friesland. Dy moatte it keninklik pear dwaande hâlde de hiele tiid oan board, in lytse twa oerkes. Met 100 minsken prate yn twa oeren. Dat wol ommers net. Dus de beide kommissarissen Jorritsma en Remkes skoue sa no en dan wat lju nei foaren. En ik hearde lêst in kollega freegje oan immen dy’t ek troch Jorritsma noege wie om mei op dy boat, wat hy dan sizze sil tsjin it pear. Doe sei hy: ik wil Maxima zoenen. Nee dudlik gjin echte Fries. Mar op sa’n stuit ha’k yntins meilijen mei  it keningspear.   

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s