Eelkesweblok

it each fan eelke

1 reactie

25 06 13

Der is jûn in diskusjejûn oer it Frysk. Ik bin no 47 jier sjoernalist en ik ha likernôch 7.461 kear dizze sin útskreaun of útsprutsen. It Frysk is foar ús sjoernalisten nammentlik altyd in lekker hapke. Oare gewesten ha dat net, oer flaaien en moksels kin je noait 7.461 kear âldehoere. Oer it Frysk wol. Dus ha´k faak by sokke jûnen west. O wat in moaie jûnen. Ja, nee it hie allegear gjin risseltaat, want elk wol altyd in oar risseltaat, en al de minsken dy´t it mei elkoar ûniens wiene, rjochten dan elke kear wer in apart eigen Frysk groepke op. En it hie ek gjin rindemint, noch altyd bin der lju dy´t sizze dat ze ons niet verstaan. Mar dat hindert dochs neat, in jûn diskusje oer it Frysk, fantastysk. Jûn om kertier foar achten yn Tresoar. Yn de Gysbert Japicxseal. Wat moai is dat, in  diskusjejûn oer it Frysk yn de seal fan de grûnlizzer fan dat Frysk Gysbert Japicx. Wauw. As dat Frysk is teminsten. Frâns Kuipers iepent. Frâns hjitte eartiids gewoan Frans, mar hy skriuwt himsels tsjintwurdich mei in kapke. At je mei it Frysk dwaande binne, moat je sels ek wat Frysk wurde fansels. En Frâns sil fertelle dat dizze jûn earst op 23 april hâlden wurde soe, mar dat doe de ynlieder siik waard. Yn wurklikhyd waard dy dr. Reinier Strikwerda dy deis fuort soademitere by de Fryske Akadeemje, dat doe koe hy it wurd Frysk efkes net mear hearre. Mar jûn sit hy te plak om de twingjende fragen te beanderjen, want hy is net mear direkteur fan  de Akademy en kin dus net mear in ynlieding hâlde, mar beandert no inkel fragen. Lykas hoe komme we oan in mear taalbewuste hâlding fan  it folk, mar benammen hoe moat we it plak fan de wittenskip en it ûnderwiis sjen. No sil Strikwerda sizze, bepalend. De Fryske Akademy hat ûnder syn bewâld in nije stavering makke en is mei de provinsje oerienkaam dat de gewoane Fryske skriuwers dêr neat oer sizze meie. Mar dan komt it. Dan komt ds. Westra fan Lollum foar it ljocht. Liuwe Westra. Hy wol in krêftiger hâlding fan de Fryske beweging, wêr´t hy ea diel fan útmakke. Hy wol dat se mear risiko´s nimme. No kin ik him noch fan de Fryske beweging doe´t hy hiel fersichtich alle fragen beandere en hielendal neat hie fan in fakbûnsman. Mar miskien is dat fersichtige wol de krêft dy´t Frâns mei in kapke Kuipers nedich hat. Want hy wol mei dizze diskusje oantoane dat Fryslân in BMD ha moat. In BMD. In  brede maatskiplike diskusje. Sa´t we dy eartiids oer kearnwapens hiene, in mini-ûnderwerp yn fergeliking mei it Frysk. Want sju, yn 2008 wie der ek in diskusjejûn oer it Frysk, nûmer 6.983, dy wie ek noch fan de Fryske Akademy wat doe noch wol minsken meiprate liet. Op dy jûn sei Willem Verf ik wol in BMD. Willem Verf wie eartiids in politikus, Grien Links, mar ek Frysk skriuwer. Kuipers wie eartiids ek politikus, fan it CDA en ûnderwizer. No en Verf sit mei Frâns mei in kapke Kuipers yn de striid om sels at de sintrale as klear is, dêr noch in diskusje oer ôf te twingen yn provinsiale steaten, dus hjir bin se ek mei syn twaen oer teset. Se ferwachtsje ha se yn it bryfke set in flymskerpe diskusje. Dat wurdt neat want it moat al om tsien oere ôfrûn wêze en at doktor en dûmny útluld binne, is it fiif foar tsienen. Mar dat hindert allegear neat, it wurdt wer in aardige jûn, fol mei allegear ûnbegryp oer en wer, sa it heart oer it Frysk. Ried fan de Fryske beweging hat al sein we kin de BMD net betelje, en dat fynt dûmny dus net in krêftich signaal. De provinsje sjocht in referindum, dy fertale it wurd BMD daliks, ek net sitten, want dy witte wol dat je dêr de meast ûnlogyske risseltaten fan krije, want der lizze ferslachjes fan dy 7.460 eardere jûnen dat elkenien troch elkoar hinne prate. Dus jim hoege der net oer yn te sitten, jim kin rêstich nei de Gysbert Japicxseal, en âldehoer wat my, dy brede maatskiplike diskusje komt der ek net. Dy bliuwt gewoan, lyts en ivich. Tongersdei is ôflevering 7.462. 

Advertenties

One thought on “it each fan eelke

  1. Pingback: Diskusjejûn oer it Frysk | ensafh

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s