Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

26 06 13

Jûn wurdt de mediawet yn de Twadde Keamer behannele. No ja, it is net mear as de toekomstverkenning publiek mediabestel. Deryn seit de regearing, ynklusief de PvdA, miskien is it wol aardich wat die omroppen lykas NOS, NCRV, VPRO en VARA en sa dogge, mar it is te djoer en der sjogge te min minsken nei. De RTL-en en SBS-en rêdde harsels, de minsken ha Voice, ús mediabestel moat kommersieel. O ja en der bin ek noch trettjen fan dy regionale omropkes, da’s hielendal neat, dêr dogge we neat mear oan hear. Ik jou ta, it is wat in grouwelige tekst, en de polityk hat der in kwak moaie wurden om hinne lein, mar dit bedoele se. Dus reizgje der jûn wer bussen fol mei Friezen nei Den Haach om dêr de sammele hantekens oan te bieden, jim bin dêrfoar al fia ynternet betanke. O sa ienriedich en o sa moai. Fia de taal bliuwt Omrop Fryslân oerein. Mar moarnier dan hearre jim yn ús moarnsprogramma foar de safolste kear dat der wer in fikse stap set is om fia de erkinning fan it Frysk wat minder sinten kwyt te reitsjen foar Omrop Fryslân, en dat de wil der wol is, mar noch gjin risseltaat. En dan gean we wer by elkoar sitten, prate moannen oer hoe’t we Den Haach strategysk oanpakke moatte, ha flessen fol oerlis, en oer in jier ha we noch deselde sitewaasje. En eins, eins kin je Den Haach der ek net ien sa ferantwurdlik foar stelle. Want ôfsjoen fan de sinten, hoe sjocht, lêst en harket de befolking fan Nederlân, en dus fan Fryslân yn de takomst nijs en oare dingen. Jo witte it net, ik wit it net, mar de media witte it ek net. Krekt yn in tiid dat fanwege de ekonomyske krisis de media swiere tiden ha. De Ljouwerter Krante smyt fannewike hûnderten banen op strjitte, it Friesch Dagblad sit deun njonken it faillissemint, en Omrop Fryslân hie ferline wike ek de earste twongen ûntslaggen. Jeetje, wat moat we dwaan. De krante hat de earste foarset jûn, moarns de krante lêze. Ik twifelje, de tiid ûntbrekt dêrfoar bin ik bang. Leaver it appke fan de LC yn de bus of op it skythûs lêze. Nei 261 jier wurdt de Leeuwarder Courant in appke. En dan ha je ynienen in hiel oare konkurrinsje. Want dat appke fan de Tillegraaf rint fansels folle hurder, hat mear nijs, en docht ek de lytse dingen dy´t foar Fryslân grut nijs binne, lykas de bussen mei Friezen dy´t in pear kear per jier nei Den Haach ride fanwege de taal. Mar ek dy oare kant. Sneintemoarn seit Henk van der Veer, mister Snits, sorry mister Sneuk, op twitter: ik wie der fannemoarn al om fiif oere ôf, sjoch op myn webside. Klik en ik bin der. No ja in ûnnoazel berjochtsje oer in brântsje, samar wer út. Mar Henk van der Veer set op twitter ik bin dochs mar wer goed foar de sjoernalistyk hjirre. Dus dy man dy´t yn de bus of op it skythûs sit en Snitser is, dy sneupt Henk van der Veer syn side ôf nei berjochtsjes oer brântsjes. En der bin folle mear idioaten lykas Henk van der Veer dy´t de minsken moarns om fiif oere nei brântsjes oan de oare kant fan Snits stjoere. De âldere sjoernalisten kinne dat type noch wol. Mar we witte net hoefolle Snitsers dat berjocht fan dat brântsje by Henk van der Veer sjoen ha, en dus hiene de LC en Omrop Fryslân it sneintemoarn ek op harren appke. En dat hie de plysje sels al op de mail smiten, dus it koste neat. Zo eenvoudig is het mensen, seit minister Plasterk dus jûn.Fergese plysjenijs en Henk van der Veer. En hy tinkt by himsels at we dan de goeie eftergrûnprogramma´s fan de VPRO derôf smiten ha, en de Volkskrante net mear lêzen  wurdt, ach dan lêze de minsken ek net mear dat de PvdA rjochtser wurden is as at de VVD wie yn de tiid fan Drees. En it Frysk, ach noch mar in jierke trochskoue, miskien ride der dan wol gjin bussen mear. 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s