Eelkesweblok

it each fan eelke

1 reactie

27 06 13

 

It is hiel begryplik dat de ynwenners fan Hearrenfean har optheden net dwaande hâlde mei de finansiële posysje fan de gemeente. Eins soenen se it wol dwaan moatte, want de provinsje is de eigentlike skuldige en dy docht krekt as bliedt de pompeblêddenoas en dêr moat je tsjin yn it gewear komme, mar alla. De ynwenners fan Hearrenfean ha folle grutere soargen. Der stiene moandei nammentlik ynienen twa konteners foar de doar. Op himsels neat mis my, se bin wol fan plastik mar sa no en dan in nijen stiet wol moai. Wat moatte dy twa nije konteners foar de doar. No, jo ha ferline wike in bryfke krigen wer’t it allegear ynstie. Neat is ienfâldiger dochs? Eeeh, ja, no , eeeh, ik wit net. Sju ferline wike freed moasten jo, at jo bygelyks yn de Heide wenje, jo âlde grize restôffalkontener oan de dyk sette. Dat âlde wit je dus net, want je krigen moandei pas de nije. Mar goed, je ha wat grizigs efterhûs stean, by de dyk. Ek at dy net folslein fol is. Want dat is dochs wol hiel moai, ek de heal lege âlde grize restôffalkonteners wurde fergees lege. Mar at jo net tús wienen, of it bryfke net lêzen ha, of siik op bêd leinen en net te kuierjen koenen mei jo âlde grize restôffalkontener dan ha je in probleem. Dan sit der noch smoargens yn. En neffens it bryfke wurdt nei de simerfakânsje dy âlde grize restôffalkontener omspield. Mar at je him al lege litten ha freed mei je der âld papier yn smite, hoe’t se dat dernei noch omspiele wolle stiet nearne. Ek net wannear at se komme te spielen. Dochs wichtich, want der gean nettsjinsteande de krisis noch minsken mei fakânsje en dat is miskien net tagelyk mei de lju fan Omrin. Jo reitsje al lichtelik yn de betizing. Mar trochsette en de kop der by want moarn moat jo âlde gftkontener oan de strjitte set wurde. Op’e nij ek wannear dy net hielendal fol is, hy wurdt likegoed en likegoed fergees lege. Dêrnei moat je dy âlde gftkontener wer efterhûs sette. Dy moat dan op 18 july by de dyk stean. Tegearre mei jo âlde âld papier kontener. Dy moatte, toe no kop derby, we sitte dan midden yn fakânsjetiid, elk is fuort, mar dy moatte de moarns om sân oere leech by de dyk stean. Der stiet nearne hoe’t je it âld papier dat je yn de âlde âldpapierkontener treaun ha, derút krije, dat mei jo sels útsykje. Mar dy âlde âldpapierkontener dy moat ek leech oan de dyk stean op 18 july mei jo âlde gft kontener. Jo ha dus in tiidsje fiif konteners efterhûs stean hân, want fannewike kamen toch de nije restôffalkontener en nije gftkontener al. Dy moatte 3 july, gft, en 10 july restôffal by de dyk stean, sjoch it skema. En op 18 july pas wurde dy âlde twa ophelle. Net bekind hoe’t je dy dingen kwyt reitsje at je der net binne dy 18de july, foar straf moat je dy miskien hâlde. O ja je moat ek noch wat dwaan. Jo moat de taheakke stikker, wêr ha’k dat ding ek wer litten, o hat de hûn dy miskien opfretten of ha de bêrn ‘m brûkt foar buorman syn doar, of,….o hjirre lokkich, de stikker Oud Papier. Dy moat je nammentlik foar 23 septimber op de skjinspielde âlde grize restôffalkontener plakt ha, want dêr koe tenei ommers âld papier yn en at je slim binne ha je it âlde papier fan de âlde âld papierkontener dan ek al ferhûze nei de âlde restôffalkontener dy’t yntusken de nije âld papierkontener is, oars wurdt it âld papier ek skjinspield at se op in stuit samar mei in spuit komme. En wit jim werom at dy stikker derop moat, no oars lykje de âlde grize restôffalkontener, dy’t yntusken de nije grize âld papierkontener is, safolle op de nije grize restôffalkontener. De nije grize âld papier kontener moat moandei 23 septimber by de dyk en dan is alles pas gewoan en ha je wer trije konteners stean. Mar hie it net folle simpeler west om in kear in te leegjen kontener yn de wein te kwakken en dêr mei in oare wein mei in nije konteners efteroan te riden? Nee jong, da’s te djoer, dat kin de gemeente net mear betelje.

Advertenties

One thought on “it each fan eelke

  1. It spilet net allinnich yn de gemeente Hearrenfean. Opsterlân kin der ek wat fan. Myn mem is 86 en ferslaat der yn. Mei tank oan de warbere buorren. En dan te betinken dat de gemeente ek noch in fersin makke hie yn in datum… Hoe yngewikkeld kinne jo it meitsje?

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s