Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

28 06 13

 

Wy, wy Friezen ha it swier. Pyt kin noch safolle relativeare omt de rekreaasjeûndernimmers him dat frege ha, it is gewoan kloatewaar. En wy binne in oars pratend, grutsk sis mar eigenwiis folkje dat it lykwols alhiel fan de rekreaasje ha moat. Ja we dogge ek wol wat oars, mar dat stelt net safolle foar. Rekreaasje. En min waar. In ûnmooglike kombinaasje, want ús rekreaasje is al wetter, we iepenje moarn net foar neat de noardelike alvestêdderûte ek foar boatsjes, om minsken ek te bewegen der twa slaggen te kanofarren, oars heart dat stik inkel mar by Fryslân at Wiebe Wieling hjir baas is. Mar dizze wike wurdt dat kanofarren ek neat want se smite iis yn de Bonke. Ja feest, iis yn de Bonke want der bin altyd wol fan de âlde Ljouwerter idioaten dy’t sa graach tusken de skotsen swimme wolle mei de redens ûnder, want dat dogge se ek op de Ryptsjerkster polder altyd. Mar dy kano’s kin fanwege dy tijende skotsen fansels net fierder of wurde lek slein. Want we dogge de meast idioate, dingen om de minsken hjir te krijen. Dat ha we de hiele wike dien en dogge we dus noch. Iis yn de Bonke. Idioaten. En fannemiddei moat we fansels nei Terherne, want dêr iepenje se hotel it Schippershûs wer. Ja, der stiet dêr no mei grutte letters Hajé op. De keten hat it hotel opboud en it sil wol wakker moai wêze, it doarp seit it parseberjocht fynt it yn elk gefal wol moai en dat kin gau, want it wie jierren in keal leech plak. Mar it dan Joop Braakhekke iepenje te litten, it jout al oan hokker gasten we dêr sawat krije kinne En we meie net iens sizze wat dy Braakman dwaan sil, want dan is de ferrassing fuort. No dan wit je fan te foaren al dat je dêrmei inkel folk fuortjeije. Ja ik wit wol, je moat yn it nijs sjen te kommen, oars witte de minsken it net en doch je net mei. Sa is justerjûn it earste eksimplaar fan de nije gids Nederlands kustpad, Friesland Groningen en Waddeneilanden útrikt oan deputearre Jannewietske de Vries. No sûnder Jannewietske witte we ek wol dat it waar hjir ten alle tide fierstente min is om lang te kuierjen, mar dit is gjin kuierjen, dit is, hoe idioat 1200 km. Dat rinne soldaten net iens yn 18 moanne. 1200 kilometer. En op woansdei moasten we as toeristen by it Fryske Gea komme, machtich, de tredde edysje fan Ontwakend Landschap. Eeeh ontwakend. Ja, by sinsopgong. Programma derby Feanwâldsterwâl. Fiif oere!!! Ja je krije ferfier, in moarnsbrochje, natoergidsen en nijsgjirrige ferhalen, mar fiif oere, der is net in Fries, lit stean in toerist dy’t him der oan weaget. Fiif oere, idioaten. En wit jim wat der tiisdei barde, tiisdei waard de earste hingmatte yn de Fryske Wâlden presenteard. Net samar in hingmatte, nee ien fan duorsum materiaal en hy hinget tusken wat dy lju yntelliginte pealen neame. Dy bin foarsjoen fan stroom, dêr kin je dus je mobiele tillefoan oplade. In hingmatte mei stroom foart de mobiele tillefoan. En dan fregen se ús der ek noch at we ek moaie plakjes wisten foar duorseme hingmatten yn Fryslân. Ja op’e dwinger, oprôlle om de minsken hinne dy’t soks betinke en ek noch útfiere. Idioate hingmatten. Jongens jim begripe der allegear hielendal neat fan. Min waar en toeristyske provinsje. Hiel gewoan, dêr hienen we moandei de presintaasje fan: firtuele besykjes oan Dokkumtoer.nl en Sneektoer.nl. As ûnderdiel, dat is wat ûnfrysk, fan de Hollandtoer.nl. Dan kin je op je ynternetskermke sjen hoe’t de boatsjes op de Snitswike sile, hoe’t de wetterpoarte der út sjocht. Of it grêf fan Bonifaas of it Admiraliteitshûs yn Dokkum. Dat kin je samar op je kompjoeter sjen. Gewoan, oan , type www.dokkumtoer.nl en hupstee je stroffelje oer de Bonanzabar. En dan ek noch www.sneektoer.nl samar hupstee de Martinitsjerke ynrinne. Nee, at je http://www.sleattoer.nl ynfulle krij je neat. Mar dat kin noch want de takomst fan de Frysk rekreaasje is dan dus moai waarm, sûnder reinjas efter de kompjoeter sitte en dochs Fryslân belibje. Gewoan tus. Idioaten.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s