Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

02 07 13

 

Undernimmers fan Achtkarspelen en Tytjerksteradiel, jim moatte jûn nei de Pleats yn Burgum. No ja, net alle ûndernimmers, it giet mear om de winkellju. Mar der is wol wat earnstigs oan de hân want de Keamer fan Keaphannel, dêr earne út Grins organisearret de jûn yn gearwurking mei de ûndernimmersferiening Noard East Fryslân, tegeare mei MKB Noard Nederlân, en it Haadbedriuwsskip Detailhannel. Poeh. Poeh poeh. De byienkomst giet oer het nieuwe winkeljen. Ik, dom, ik tocht winkelje is winkelje. Jo gean nei de winkel, jo wize oan wat je ha moatte, desneeds doch je it yn it winkelkuorke, jo betelje wat der op stiet dat betelle wurde moat en jo gean nei hûs. Mei jo guod. Wat is dan nieuw winkelen, alles wat je keapje is ommers nij. Nee Lok, wer net tús yn de wrâld fan no. 9,8 miljoen fan de 16 miljoen Nederlanders keapet fia ynternet. Dat is 80 persint fan de lju dy’t ynternet ha. Dat fûn ik twa hege sifers. Fergelykje, yn 2005 kochten 5,9 miljoen Nederlânders op ynternet. En dan ha we it net oer Marktplaats, 70 persint fan de 9.8 miljoen lju dy keapje nije dingen. Fakânsjes, reizen, fleantugen, akkommodaasjes, hotels, dat is it populêrst, dat giet allegear oer ynternet. Dy moaie knusse reisburokes mei de moai oanklaaide ivich glimkjende famkes, se bin der net mear neffens my, ik ha al jierren soks net mear sjoen. Want Lok docht echt wol mei hear. Ik ha ek al in  ynternetûnderbroek oan. Want klaaijinge giet ek allegear oer ynternet. Wat is der simpeler,  jo kieze in jurkje of dus in ûnderbroek, dy krij je in dei letter tús besoarge at de lju by post.nl teminsten net stake. No dan pas je it efkes, net yn sa’n nau sigerich en troch fize manlju besjoen pashokje yn de winkel,  nee tus. Dan ha je acht dagen om it wer werom te stjûren en at der net in gruttere ûnderbroek is dan krij je it jild ek wer werom. No dat moat je yn de winkel noch mar ôfwachtsje, der smarre se jo even sa goed in te lytse ûnderbroek oan. At dy winkel der noch is, want dat sil wol  net sa lang duorje at se sa seure oer dy ûnderbroek, op ynternet ha je gjin geseur. Inkel is it lêstich dat dy Amerikanen no witte dat je in ûnderbroek kocht ha, fia dat ôflusterjen. No dêr hottefylje se mar efkes oer troch op heech nivo, de privacygefoelichheid fan it medium ynternet is it ienigste wat tsjinhâldt dat dit it wichtigste apperaat is wat je yn’e hûs ha. Mar at Obama no al of net wit dat ik in nije ûnderbroek kocht ha, in geel swart streekjes ûnderbroek Barack jonge, it kin my hielendal neat skele. Ik keapje likegoed wer ien, miskien wol in readblauen, mar ik keapje him fia ynternet. Dat is net inkel handiger, it skilt ek noch wat yn de sinten hjir yn Fryslân, want je moatte hast altyd fanút in doarp nei de wat gruttere plakken, want ûnderbroeken binne yn de doarpen net te krijen. En in ûnderbroek mei diesel, dat kostet mear as in ûndebroek fia ynternet. En no begryp jim ek, omt se yn  noard east fryslân ek wol goedkeape ûnderbroeken oan ha wolle wat de Keamer fan Keaphannel dêr dwaan sil. Dy sil it hielendal net ha oer nieuw winkeljen. Want dêr ha dy winkels neat mei te krijen. Dy Keamer fan Keaphannel en al dy oare organisaasjes dy sizze jûn tsjin  de winkeliers fan Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen : de grutte supermerken kin bestean bliuwe, want ierdbeien oer ynternet wurdt neat. Mar alle oare winkels moatte har talizze op ynternet. Grutte magazinen oan de bûtenkant fan de grutte plakken, in wizz kid ynhiere foar reklame en hupstee ynternet ferkeapje. Ja, jim ha gelyk , net allegear, net allegear, want dan wurdt ynternet in like grutte gribus as in gewoane winkelstrjitte, google moat it behappe kinne. Dus dan is nieuw winkelen foar de measte bedriuwen stopje, ophâlde. It is jûn om kertier oer achten wol ôfrûn.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s