Eelkesweblok

it each fan eelke

1 reactie

08 07 13

 

Hjoed is de start fan de 30 merentocht. Doe’t ik dat lies siet ik yn ien kear wer yn myn eigen ferline. En ja hear, 50 jier lyn is de earste 30 marretocht al hâlden. Yn myn ûnthâld ha ik de earste kearen altyd de stikjes skreaun yn it boekje fan de tocht, mar dat kin dus net want ek de wettersportferiening Drachten Veenhoop liet net in 13 jierrich jonkje in ferhaaltsje yn it programma- en rûteboekje skriuwe. Mar neffens my siet ús heit doe al yn it bestjoer fan dy wettersportferiening. In feriening dy’t syn nocht hie fan de oerhearsking fan Snitser en Grouster sylferienings dy’t foar master opsloegen mei de sylboatsjes. Dy’t syn nocht ek hie fan de Ljouwerters, dy’t alvestêddetochten organisearden foar boatsjes. Se betochten sels wat, setten in rûte út, telden sawat 30 marren en markes en organisearden dus de 30 marretocht. Eeeh en dan? Farre en …..? No dêr ha se hiel lang oer praten en neitocht. Uteinlik dienen se neat. Hielendal neat. Foar it jonkje wat letter stikjes yn de rûteboekjes skriuwe mocht wie dat deadelik fansels. Wer moat je it dan oer ha at der neat bard. Se organisearden it ienris yn de trije jier. En ha jierren foar gewoante hân dat ik dat stikje skriuwe moast. En ik wit noch hoe’t ik elke kear de toetsen fan de typmasjine fersichtich oanrekke, mar wol 100 kear de typmasjine ek wer ticht die. Ik wist it ek net. It waard elke kear wer itselde stikje. Sa fan : Jim farrre de moandeis fanút Drachten nei Heech, ik doch no de rûte efkes sa’t dy dit jier fearn wurdt. Jim meie sels bepale hoe hurd at jim farre wolle, no ja net te hurd fansels, we bin net ferantwurdlik foar jim boetes. Hoe betiid at jim der wêze wolle bepale jim sels. Jim mei der yn ien streek hinne farre. Mar jim mei ek ûnderweis efkes oanlizze, jim moat it allegear sels witte. Jim bin ek frij hoe let jim jûns oankomme, we ha plak genôch reserveard yn de jachthaven of sa. Jim hoege jim net drok te meitsjen oer lizjilden of toeristebelêsting, dat ha we al regele. En de twade dei at jim nei Boalsert gean presies itselde. Jim bepale alles sels Woansdeis nei Sleat, de dei dêrnei nei Snits en dan wer nei Drachten, jim sykje it mar út hoe as wat. It kin ús as organisearjende wettersportferiening neat iens wat skele at jim in dei oerslagge, jim hoege gjin prestaasje te leverjen, jim krije net in stempeltsje. Jim mei sile, kanofarre, moterboate, roeie of wat dan ek. Jim bepale alles sels. No ja jim moat aanst efkes tagelyk fuortfarre omt admiraal wethâlder Nieske Ketelaar dêr earne leit te wiuwen op de Feanhoop, mar fierder giet it dit jier ek wer krekt as alle oare kearen, krekt as 50 jier lyn. Ja der is earne ûnderweis in barbequetsjes by kaam, mar ek dêr hoech je net oan mei te dwaan. No sa’n ferhaaltsje min of te mear, mei wat in beskriuwing fan oernachtingsplakken, der wiene gâns dielnimmers út oare gewesten. Sokke stikjes. Ik ha sa’n boekje fan eartiids der ris by krige en lês it as…….. as hoe’t wetterrekreaasje wie en eins altyd bliuwe moatten hie. Mar dat is dus net sa. Ja foar it lytse part, dy’t maaie juny of september der op út gean en farre op de wize fan we sjogge wol wat it waar docht, at we noch in krop sla helje moatte en hoe’t ús sin is. Se lizze dan wat op de romte. Sitte stil nei alles op it wetter te sjen. Gjin drokte. Se wienen der dit jier noch net, it wie te kâld. Wat de 30 marretocht no sa aardich makket is dat der in lizplak foar je is. Want, en dat is de hjoeddeiske rekreaasje, jachtsje, sa gau mooglik nei in plak, dêr moat je eins foar trijen wêze oars ha je gjin lizplak. Ferdomme, brêge ticht, grut skip, langseme siler, ferdomme ik moat dêrhinne. Dy minsken soe ik graach dy stikjes nochris lêze litte. Mar ja se farre de 30 marretocht net en ha gjin tiid om te lêzen.   

Advertenties

One thought on “it each fan eelke

  1. Goedemorgen Moarn,
    Leuk je verhaal over de 30 merentocht,ik hoor helaas een klein jeugd trauma tussen de regels door en begrijp dat het onduidelijk is waarom wij deze tocht nog organiseren.
    Nu vroeger was het om leden naar andere wateren binnen friesland te loodsen, want ja Sneek was destijds al een wereldreis met de boot, de laatste 20 jaar is het meer om de vereniging en het friese ( Drachtster)watersport gebied ook buiten de provincie te promoten.
    Vandaar veel deelnemers van buiten friesland.
    De deelnemers moeten wel op tijd binnen zijn en er moet wel degelijk gestempeld worden!
    Met puzzels proberen wij de deelnemers bij de omgeving te betrekken.
    Gezien de huidige tijd zijn wij blij met ruim 60 boten!

    Oant sjen,
    Voorzitter Drachten Veenhoop,
    Chiel Bolt.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s