Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

10 07 13

Justermoarn wie de dyk, de autodyk, tusken Frentsjer en De Ryp ôfsletten foar auto’s. Der moast nammentlik fytst wurde. In contradictio ynterminus. In autodyk ôfslute fanwege fytsen. In groepkje healbizige studinten, út Delft nota bene, en net iens lid fan Bernlef, woe mei in fyts hûndert kilometer yn it oere fytse. Unsinnich gedoch. Sels yn de Tour de France dogge se net hurder as 80, da’s de gong wermei’t se yn it ravyn donderje. Sels Lieuwe Westra giet net op sa’n 100 km ding sitten, want it wol de bocht net om fansels. Mar Rykswettersteat Fryslân wie o sa freonlik,  wis jongens wy ha hjir noch wol in stikje autodyk rjochtút. Suver grutsk seinen se dat, wylst it gewoan it âlde tsjerkepaad wie, en de tsjerkeminsken rûnen hjir yn Fryslân altyd rjochtút. En jongens dan moat we dy dyk efkes ôfslute, want der ride nochal wat auto’s. Ach  dy auto’s kin wol oer de provinsiale dyk. Nee kloat, dêrom is dy grutte dyk yndertiid oanlein, omt dat net mear koe ommers. Ja mar wy hâlde fan innovaasje, fan duorsemens…. Wat is der foar duorsemens oan in fyts dy’t 100 km kin, hoefolle elektrisiteit moat je dan ynboue, dan is je accu leech nei twa trapen.  En wa wol no 100 km per oere fytse? En wêr soe dat hjir yn Nederlân oait kinne. Ja, presies at je de dyk Frentsjer De Ryp ôfslute. It soe ek op de ôfslutdyk kinne, mar dêr stiet tefolle wyn no en Noardhollân is sa ferstandich it te wegerjen, in fyts kin wol op it fytspaad, de fakânsjehâldende bejaarden en bern net omfytse. Mar wat my it measte stuts wie de wize werop de fertsjintwurdiger fan wettersteat prate, ach dan slute we dat efkes in pear oeren ôf, is dochs in moai aardigheidsje, net sa seure. Us hiele provinsje sit fol giele buorden. Omride. Of der hielendal net lâns. Op de A7 by Snits moat we al in heal jier oer ien stikje fersmelle dyk, want dêr, op’e hichte fan de wenskiphaven skynt der wat mei in  brêgje te wêzen. Mar je wisten it net want der wie noait ien oan it wurk, inkel ôfsletten. Ja sa no en dan stie der in man yn in oranje pakje , mei in map ûnder de earm. Mar dy gie ek wer fuort. En wat dogge se at de fakânsjes begjinne, ja dan begjinne se ynienen te wurkjen as idioaten en kin je de dyk hast net ôfkomme. Dat hoecht trouwens ek net want it akwadukt by Snits wurdt ferve, is no al ‘s nachts ôfsletten, yn it wykein en langer ek de hiele dei. Hat der wol oait in innovatieve wettersteatsman neimjitten hoefolle auto’s at dêr troch moatte inkel al nei de Snitsermar, Fytspad yn Hearrenfean ôfsluten oant 30 augustus, en rekkenje mar net dat de boufak dêr trochwurke wurdt. De dyk Engwierrum Boazum ôfsletten. Je kin al moannen  net fia Aldegea nei Blauhûs, omride oer Snits en Boalsert is needsaaklik. De heak, de sintrale as, ach da’s nij guod. Mar de A7 tusken Drachten en Hearrenfean wurdt nij asfalt op smiten. Tusken 12 en 25 juli….. De minsken yn Fryslân kin dit sûnder mis allegear oanfulle. Fryslân giele buordsjelân. Allegear wurk dwaan yn de fakânsjeperioade. Dan moate wy gasten ûntfange, dy moatte fan hot nei her komme kinne op de fyts of yn de auo. Sa’n provinsje bin we no ienris. En tink mar net we gean wol mei de trein, dy fan Ljouwert nei Starum leit der trije dagen út, yn it kommend wykein. Hoe tink jim dat de strântinte yn Starum bestean bliuwe kin. It is ferdikkeme no moai waar, set de doaren iepen. Ik wit wol, it is de tweintigste pas boufak en dan moat it  wurk dien wêze. Ik wit wol, we bin troch it winterske foarjier hjir en dêr efterop rekke. Mar we bin dus net fleksibel. Ja ús eigen boufak is relevant, mar dy foar oaren net. Mar dat we rekreaasjeprovinsje binne, dat dogge we krekt as ha we dêr noch nea fan heard. Us rekreaasjeundernimmers en –wurkers skelle Pyt Paulusma út fanwege dat dy presies seit wat foar waar it wurde sil. Mar se soenen by elk giel buordsje oan amtners en bouers ris freegje moatte doge jo wol. O ja , en dy fyts koe net hurdere as 78. Hoecht dat noait wer.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s