Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

16 07 13

 

Op 10 augustus is it Frysk kampioenskip fierljeppen yn Winsum. Ja? No en. No, da’s dochs ien fan de hichtepunten yn it seisoen. Ja? Eeeeh ja dat soe sa wêze moatte. Mar it is net sa! Nee, do hast gelyk. Soenen der wol minsken sa oer dat Frysk kampioenskip prate? Ik wit it net, ik ha myn twifels. Dat kaam doe’t ik wat reportaazjes fan Van gewest tot gewest foar it programma Gewest Fryslân beseach en tsjin in reportaazje ut 1966 oprûn. Dêryn waard Sjoerd Span sintraal steld. De boer fan Jellum gie te aaisykjen. En bûn doe’t er op paad gie de polsstok op syn keverke, twa beugeltsjes op it dak spesiaal dêrfoar. De reportaazje oer it aaisykjen wie skitterjend, jim sille him ein augustus sjen kinne. Prachtige opnamen fan de ljip dy’t fan it nêst fleant en der twa aaien yn lizzen hat, dy’t Sjoerd dan fynt. Hy docht se yn de pet. Ja it wie doe  19 april 1966, mar dat mocht doe noch. Yn de reportaazje is te sjen dat Sjoerd hieltyd de polsstok meisjout en sa no en dan oer de sleat springt. Sjoerd soe letter foarsitter fan it ljeppersbûn wurde, syn soan Roel Bokke waard ien fan de bêste, siz mar de alderbêste Fryske ljeppers. Mar jim hearre it, ik praat oer in fier ferline. Yn dy tiid wie’t noch sa dat drommen folk nei de fierljepwedstriden gienen. Safolle wedstriden wiene der ek noch net. En benammen as immen de jent wat te fier sette, efkes foar de ljepanalfabeten dat is dat  je de pols te fier yn it wetter delsette sadat je net oer it deade punt hinne komme kinne en dan klap je yn it wetter. O wat fûn it publyk dat prachtich. De ljeppers net, Roel Bokke fertelde my letter dat er der noait ynlein hat, dan mar in minne sprong, mar dat wetter wie sa smoarch en kâld. Mar fierljeppen waard yn dy tiid wiid ferbreide, benammen VVV direkteur Kooyman wie der in grut oanhinger fan, hy ferkocht ljeppen oant yn Sweden en Japan ta: dat wie no in frysk produkt wêr’t er wat mei koe. Kooyman soe no belies jaan moatte. Ja der komt noch wol publyk, at it moai waar is, en je kin op de kont yn it gêrs. Mar we laitsje en applaudiseare net mear at ien yn it wetter falt. We keuvelje wat, we sjogge ris in bekinden, al falt my op dat de measten elkoar ek noch wol kinne, ik bin bang dat it haadsaaklik deselde minsken binne, en dat bin de famylje en kunde fan de ljeppers en ljepsters. It wurdt ek net op sa’n soad plakken dien, bytsje mear as eartiids. Mar krekt it yn stân hâlden fan de barten is noch in hiel o heden. In plak as Drachten hat dêr net iens ta yn steat west. It komt allegear troch twa saken. Ten earste hat fierljeppen earst folklore west. No is it in sport dy’t op topnivo dien wurdt. Evert Wilstra brocht benammen in soad nijigheden yn it ljeppen, makke it ta in sport. Doe kamen al dy oaren en it bin no benammen Bart Helmholt en Oane Galama dy’t foar masrter opslagge. Dat is regelmittich foarby de 20 meter, no dêr skrikt Roel Bokke fan. Mar it is wol spitich dat it publyk dat dus net oppakt hat, der komt amper echt sportpublyk. Fan dy lju dy’t nei Ajax gean, of nei Hearenfean of Cambuur, dy’t nei de profronde gean, nei in moaie volleybalwedstriid, nei it iishockey of wat dan ek. Dy sjoch je der net. Der is noch in twadde reden dat de sport ljeppen net mear sa hiem is. Sjogge jim noch wolris yn de maaitid in auto riden mei heakjes sadat je in pols meinimme kinnne. Of immen dy’ t mei de pols ûnder de earm earst op’e fyts en dêrnei de greide rinnende yngiet. Nee. Dy bin der net mear. Ik hoopje 10 augustus op moai waar, dan komme der noch wat minsen op Winsum. Want ik fyn dat de lju dy’t de âlde aaisykers mei de polsstok noch huldigje, dat dy it fertsjinje dat se oanmoedige wurde.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s