Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

19 07 13

Oan de ein fan sizze foarútsjochwike moat we it noch efkes oer moarn ha. Skûtsjesile. Twa wike SKS, wykje IFKS. Fersin jim der net yn, sa’t bygelyks de Ljouwerter Krante wol docht: in geweldige float fart de kommende trije wike troch Fryslân. Njonken de wille hat it in enoarme ekonomyske betsjutting. We kin wol krisis ha, mar al dy lju moat wol wat ha, en by de measte skûtsjesilers is dat net in  bytsje. Boppedat komt der in soad publyk nei sokke plakken, yn Starum sitte sa mar 10.000 man op’e dyk. Der bin sels plakken wer’t de lju noait in  skûtsje sjogge, dy komme foar it feest. It is eins noch presies sa’t it eartiids wie doe’t de pleatselike kastlein it skûtsjesilen organisearde, hy hie sels de measte finansiele wille. Mar it skûtsjesilen is wol in bytsje oer de kastlein hinnegroeid. At dy noch yn de wintersliep is, lûke de earste skippers de seilen al omheech. Oefenje. Skûtsjesilers prate net oer traine; se oefenje. Hoe stiet it seil derby, helje we de selde snelheid noch as ferline jier. Bliksem nee, nij túch. Oefenje. Stean de swurden goed, kin we dêrfoar mei dat fokkeblok ek noch wat útfine. Je kin sjen dit jier dat de nije túgen in hegere halshoeke ha, sil wol hurder gean, oars dienen se it net. Oefenje. Troch de wyn en tiid opnimme, op hokker momint giet de snelheid wer omheech. Douwe Visser fan Snits, ik ha’t opnaam, wûn ferline jier elke kear 10 sekonden op alle oaren by it troch de wyn gean. Dat ha de oaren sjoen, oefenje dat om it libben, it fereasket in hiele bemanning dy’t mei itselde dwaande is. En  se sil aanst yn de wedstriid wol krekt om har hinne sjen, at se troch de wyn geane, mar it is al better wurden. Oefenje. Ik wit net hoefolle fan dy 10.000 lju yn Starum it risseltaat sjogge, der sit fan de dyk ôf ek noch al wat fertekening yn fansels. Inkel at se rjocht op jo ôfkomme kin je sjen at de iene heger leit as de oare. Dus it publyk sjocht dat by de folgjende tonne de iene de oare foarbygien is. Dan hat de iene it goed dien. Dat de oare oer de oare kant wol in hiel minne flaach krige, dat ha se net sjoen. Utsein de wat âldere skippers, dy’t der marris in kear mei ophâlden binne, it oefenjen nimt har ek tefolle tiid. En dochs moat elk it witte, want der bin allegear gokspultsjes. Ja, se sil wol ferbean wêze, mar foar my leit in pool dy’t ik foar jûn acht oere ynleverje moat. En omt ik altyd in grutte bek ha en sis dat ik der ferstân fan ha, mar dat ha ‘k inkel mar omt ik net op dy dyk sit mar yn in lyts boatsje mei kameraman Thomas en skipper Bauke en wy der  sa ticht op farre dat ik folle mear sjoch, dêrom  moat ik jim eins fertelle hoe’t dy pool ynfuld wurde moat. Sju jim moat by de SKS Snits op ien sette. Douwe Visser hat yn it foarseisoen frijwol alles wûn. Hy wûn ferline jier sân fan de alve. Ik bin bang dit jier noch mear, noch net ien komt ta oan it oefenpatroan fan Douwe en syn mannen. Mar dan. Ja ik tink ek te witten dat Huzum, Ljouwert, SWH, Hearrenfean en Langwar wat efteroan sitte sille, mar dan sjoch je nei it foarseisoen. Je witte net hoe´t eltsenien noch oan it besykjen wie, it is ommers allegear oefenjen. Mar de oaren kin twad wurde en tsiende, en like goed syld ha. De SKS is der yn de rin fan de jierren yn slagge in geweldige moaie float fan lykweardige skippen te hawwen. Inkel Douwe wint. De IFKS hat in nije stjêr oan it firmamint krige. Nei syn oerwinning ferline jier op Sleat hat Sikke Heerschop ûntdutsen dat er in snel skip hat, hy hat dat útboud en is foar my suver de favoriet. Mar dêr lizze de Brundels, Talsma´s en Regtsen noch wol ticht op de loer,  Eastermar en Sleat fearen sa no en dan ek hurd yn it foarseisoen. Mar dit is inkel wat gewauwel foarôf. Ik hoopje dat jim sa’n geweldich feest ha fan en by it skûtsjesilen dat jim myn foarsizzing dan wer ferjitten binne.        

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s