Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

27 08 13

 

Ik skamje my djip. Alderferskriklikste djip. Seit de gemeente Súdwest Fryslân dat fiif fan de 16 musea dy’t se dêr ha nea folweardich wurde sille, mar dan blykt dat ik fan dy fiif yn trije noch nea west ha. Dêr moat ik my foar skamje. Djip foar skamje. We stean as folk fan Fryslân mei syn allen mar op it Saailân yn Ljouwert te dûnsjen om te wachtsjen dat it Fries Museum iepene wurdt, tagelyk moat wy fansels wol nei alle oare musea yn Fryslân sjen. Want dat is mei elkoar ek in Fries Museum, miskien noch wol in better. Yn elk gefal yngrevener. Mar, stom, stom, ik kin no net fertelle werom at de âldheidkeamer yn Boalsert bestean bliuwe moat, ik ha der noch nea west. En ik ha wol in soad fan dy hearlike Molkwarder koeke opfretten, mar noch nea yn it bakkerswinkeltsje west dêrre. Stom stom. Ik moat ek de kommende fiif jier, want se moatte yn fiif jier heechweardich wêze, dus ik moat nei it Ponthûs yn Starum. Wat se dêr sjen litte wit ik net, mar it moat. Starum hat sa’n rike skiednis, dêr dogge se yn Ljouwert aanst fansels fierstentemin oan. En ja ik bin wol yn it houtboumuseum yn Heech west, de Helling, wêr’t de elaak bout is.. Moai, it spul stiet gewoan noch te plak. En ik bin miskien wol tweintich, tritich kear yn it Eerste Friese Schaatsmuseum west. Yn Hylpen. It pûrbêst museum. Inkel de hollânske namme doocht net. Fierder in kwalitatief heechweardich museum, wylst de gemeente seit dat it dat noch wurde moat. Unsin. Wêr fyn je yn Fryslân, wêr fyn je yn Nederlân, watte wêr fyn je yn de wrâld in museum weryn de museum direkteur, dy’t hjir gjin direkteur is mar gewoan Gauke, weryn de museumbaas sa yngreven omgiet mei syn ûnderwerp: it reedriden. Soks hat noch nea in museumdirekteur sjen litten. Gauke Bootsma soarget derfoar dat de lju dy’t hy tentoansteld foarsafier at se noch libje, regelmjittich foar har eigen útstalkast steane. Der komme bussen fol âlde reedriders en reedriidsters om elk jier wer de nedige reunies te fieren, se betinke altyd wol wer in jiertal wat past. En de Fryske reedriders en reedridsters leverje at se ophâlden binne daliks alle ark yn, redens, medailles, foto’s bekers, alles giet nei Gauke. Inkel de winner fan alvestêddetocht 1941 Auke Adema syn spul leit yn it Skipfeartmuseum. Dy moat inkel boatsjes sjen litte en dat Adema-ark daliks ynleverje oan it echte schaatsmuseum. Wêr’t njonken dat persoanlike guod de hiele histoarje en yndustrie fan dat reedriden te finen is. Alle soarten redens werop riden is, bin te sjen. It is in gesellich goed museum. Wer’t de besikers yn tsjinstelling ta alle oare musea yn de wrâld soms wol in pear kear per jier komme, altyd wer. It is nammentlik fan harsels. En dochs skriuwt sa’n wethâlder Wigle Sinnema op dat it museum binnen fiif jier net foldwaan sil oan de noarmen fan it museumregister Nederland. Krekt as soe dat wat betsjutte. Moat je net oan it Fryske museumregister foldwaan, mei hiele oare, mei eigen noarmen. Nee het Nederlandse museumregister. Kwalitatief hoogwaardig. Skyt omheech. Ja ik wit wol, Súdwest Fryslân hat 16 musea. Mar it is krekt as mei smoargensstoartplakken of swimbaden, Súdwest hat oeral tefolle fan ynienen. Hie dat no betocht foar de weryndieling. No moat je hieltyd fan dy rare dingen betinke. Museumregister. Ja ik wit wol, by dy 16 musea sitte tige yngreven musea. Frysk Skipfeartmuseum, Gysbert Japicks hûs, Kazemattenmuseum, Jopie Huisman museum, al leau ik net dat dat lêste ea in sint fan de gemeente krigen hat. Dat is ek al dwaas. Mar dan ha je altyd in hiel soad aardige privé ynitiatieven lykas Adfaers Erf. En it Eerste Friese Schaatsmuseum. En dan dêr by te setten dat it museum te kommersieel opsetten is, inkel omt Gauke Bootsma syn dochter dêr de kofje ferkeapet. Of omt er syn echte wurk, Hylper skilderwurk, yn it selde pand ferkeapet? Omt der soms immen komt foar sa’n Hylper buordsje en dat dy dan per ûngelok yn it mseum telânne komt. Of oarsom? Hat Wigle Sinnema as ien fan de weinige Friezen eins ea wol yn it Fryske schaatsmuseum west? 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s