Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

28 08 13

 

Hjoed strykt de Twadde Keamerfraksje fan de PvdA del yn Snits. Moarn komme de ministers en steatsiktarissen fan de PvdA der noch by. It hiele spul bliuwt hjir oant en mei freed. Ja, je moatte eins, foar dat it âldehoerseisoen wer begjint, mei it hiele spul in pear dagen op de heide sitte, om oeral lyk oer te tinken. Mar dy heide sit fol ilebijen, dus kome se nei Snits. Derby oantsjuttend dat Fryslân fakânsjelân by útstek is. En dus soene dy keamerljue hjir eins net wêze moatte want se ha om’e donder gjin fakânsje. Der moat wat barre. Der moat yngreven wichtige besluten naam wurde oer de takomst fan dit lân en dus ek fan dizze provinsje. Asscher en Dijsselbloem ha fansels allang in plan klear, en miskien hat Rutte it yntusken ek begrepen wat se bedoele en no moat de PvdA betinke hoe’t se soks troch de Earste Keamer krije sille. Dêrom komt de Twadde Keamerploech by elkoar, want dy moat hjir en dêr wat ynskikke, oars wolle dy CDA-ers net meidwaan har eigen programma út te fieren. Yn Fryslân lit we as lêste sjen dat PvdA en CDA noch altyd mei elkoar wol dingen dwaan kinne. En Buma komt fan Snits, sa is ’t sirkeltsje wer rûn. Dus fraach oan dy Twadde Keamer jongens en famkes, sjoch ek efkes om jim hinne yn Fryslân. Mar dy Keamerleden oerdriuwe altyd. Alderferskriklikst. Der bin wurkbesites pland yn Ljouwert, Hearrenfean en de Jouwer. Nee ik tink net de se állegear dy bedriuwen wer’t it wol goed giet besykje sille, dat bin delegaasjes. Mar se ha it der wol drok mei, want se komme net iens oan Drachten ta. Want it Snits wer’t harren lid Jacques Monasch guon sneintemiddeis glorieart yn in talk sjo by Vellinga, dat Snits dêr ha se it noch folle drokker mei. Mei syn allen nei de Weduwe Joustra. Dat is Heleen Sonneberg, dy’t in wat opportunistysk kommersieel belied hat, dus de besite moat oan it ein fan in dei, want oars prate dy PvdA-ers wartaal en dan hat de Telegraaf ynienen wer gelyk, en dat is spitich. Mar de keamer back benchers en ministers sille ek sile yn Snits. En se sille kuierje. Se kuierje nei it Skipfeartmuseum, dat like goed net in sint mear krije sil, dus dat is net nedich. En se moat ek ite. Mar Monasch hat dus net in kar meitsje kinnen hokker frettinte se hinne moatte en dus gean se estafette iten, se neame dat diner carrousel. Ploegjes keamerleden dy’t fan de iene kroech nei de oare rinne, dy ’t de sop earne oars krije as it miel, dan de ijsko wer earne oars en de kofje yn de fjirde kroech. Dan kom je elkoar hieltyd tsjin en kin je geweldich fertelle oer wat je hân ha, is allegear heel wichtich yn it polityke bestel. Ik ha soks in kear meimakke yn Snits en je bin de hiele jûn dwaande en oan it ein ha je wer honger dus dan komme se allegear yn de kafetaria wer by elkoar. Koartsein dy lju ha in programma dat der gjin menuut mear frij is om ek mar earne serieus oer te praten. It splytgas (schaliegas) bliuwt lizzen , al hoe hurd Aucke van der Werff út de Noardeastpolder ek raast. Mar dus ek net oer, werfoar at dy PvdA lju sizze dat se by elkoar komme, de krisis yn Nederlân. Dat betsjut dat se in bryfke fan Dijsselbloem en Asscher krije werop stiet dat se blyn folgje moatte wat dy mannen sels fia de Telegraaf oan de minsken fertelle. Dat sa’n hiele fraksje him silende, frettende en sûpende net oan de krisis hoegt te hâlden is fansels har eigen kar, dêr wurde se dan op de folgjende ferkiezingen wol foar ôfrekkene. Ja we witte wol dat de minsken iten ha moatte en sa no en dan in kop kofje en in slokje en fansels ek wol efkes útwaaie wolle op’e Snitsermar. Mar at je yn de útnoeging nei de parse dit allegear foarop stelle en gjin ynhâldik ferhaal dogge oer wer’t je oer prate sille dan jou je wol hiel maklik de gelegenheid oan dy minsken dy’t o sa graach jitik miege meie.   

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s