Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

30 08 13

 

Dat geâldehoer oer dy Houkepoartesinten en hantekens brocht úteinlik it idé. Wy ha eineleaze en sinleaze diskusjes yn dizze provinsje oer dat en dat dogge we mei dat en dat stikje grûn. Nee, dát dogge we. Nee, dát wolle wy. Nee dy betsjutting hat it. Dy diskusjes kostje mear sinten as at hokker stik grûn ek ea opbringe sil. We moatte wer werom nei de 70-er jierren. Doe hat Fryslân it streekplan fêststeld. Yngreven fêststeld troch de doe noch entosjaste meipratende befolking fan Fryslân. Elkenien koe syn of har aai op tafel lizze, oaren sloegen it dan wer stikken, mar guon aaien kamen heel yn de panne. Nei 5 jier praten wie’t der: streekplan Fryslân. Dêrnei ha we noch in hiel soad streekplannen hân, mar dat wiene eins net mear as ferbetteringen, der hat nea wer immen syn aai op tafel lein. Hiel essentieel yn dat earste streekplan wie de befolking, dy waard ferskood en der waard hiel optimistysk in kwak froulju swanger makke. Ommers sokke plakken as Ljouwert moasten mear minsken ha, mar ek de befolkingsgroei yn Hidaard moast hurder as dy yn Drachten. Dat ha se der letter wer útsmiten, it wurke net. Der kaam net in hûn by yn Ljouwert en dy man dy’t fanwege dat streekplan gjin hûs krije koe yn Drachten gie nei Grins. Of Oertrep. Net nei Hidaard. It frjemde is dat no ynienen Ljouwert wol oanset, ûnder ynfloed fan it libbene studintelibben en de krisis dy’t de auto fan de dyk skood hat. Nije ûntwikkelings en dy bin der fansels oeral folle mear. De ipad soarget dat de medisinen tus brocht wurde, ynternet komt mei it bankstel. Tagelyk begjnne de gemeentes te swyljen, stikjes grûn moatte troch oanlizzende tunen oankocht wurde, en wat dy der dan mei wolle, sjoch mar. No ja yn de Harkema wurde dat hokjes, yn Hidaard in plak wer’t de hûnen skite, want dat rekket de gemeente net kwyt. Lytse rommel, we moat eins alles wat grutter sjen en oer prate. Net op de toan fan: der meie best wynmûnen komme, mar net by my. Nee. Wynmûnen, wêrre. Dêrre. Net dat doarp hat in Vodafone mêst omt der noch in âld bunker stie, en wy wolle ‘m net al hoege we’m eins wol. Nee, alle doarpen in Vodafone mêst, at dat moat. Datsoarte dingen. Yngreven beslissings nimme. Ik riedt lêst by Hallum en kaam efter in frachtwein. Dy’t mar net om al dy rotondes komme koe. Dy’t , ik kaam’m dus net foarby, trije kertier wurk hie mei de earste tweintich kilometer en dêrnei yn in flok en in skeet te plak wie. Moat wy wol frachtwein freegjende yndustrie yn Hallum ha. Kin soks net better yn Lemmer, it Fean, Drachten of St. Nyk? Ja is alle bedriuwen fuort út Hallum, mar nee is in snelwei nei Hallum. En dan ha we it net oer sa’n kloaterige sintrale as nei Dokkum, byelkoar luld yn noch altyd sinleaze diskusjes, no dan allegear jim sin, in CDA-wei dus, nee in sneldyk. Soksoarte beslissings. Kanorûtes op de noardelike alvestêdderûte, bêst. Plesierfaart, ek bêst, mar dan ek brêgefrij de hiele 235 kilometer farre kinne. Ljippen sjen wolle, prima. Mar dan ek it boerebedriuw dêr sa op oan oanpasse, dat it bist elk foarjier wer mei freugde oanfleanen komt om yn de rûge dong te dûken. Net fan dy healbizige beslissings, gjin megabedriuwen, mar dy jongens dy’t no it tastiene maksimum boue, wolle oer fiif jier grutter en dan is it mar krekt wa’t der polityk sit. Nee, ôfprate. Foar de komende 25 jier of 50 miskien wol. Deeglike ôfspraken meitsje, dat je wite wer’t je yn en mei Fryslân oan ta binne. Beslute oer skoallen, doarpshuzen, wetters, grûn, Grins, fuotbalfjilden, iisstadions, slypgas, brêgen, riolearing, moskeeen, ja oer wat al net. Moarn begjinne. Oer in jier klear. Ambysje dellizze. Prioriteiten dêryn fêststelle. Priis berekkenje. Einbesluten nimme. Klear op 1 jannewaris 2015. Machtige oardel jier. Elkenien stiet der efter, elkenien hat meiluld. Of meilulle kinnen. ’t Soe sa moai wêze, sa wichtich, sa fernijend. Mar moarn begjinne we net. Want we moat earst witte hoe ’t it mei dy Houkepoarte komt.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s