Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

02 09 13

 

It wie noch yn it skûtsjesilen dus ik stie moarns wat oan de betide kant yn de winkel yn Heech. Ik gie de hoeke om nei de drankôfdieling en dêr stie Hans Wiegel. No ja, hantsje, goeijemorgen, hoe ist, moai waar en we sil fierder. Want ek hy wie tink ik mei opsetsin betiid, dy earste Dútsers kinne him dochs net. Mar de rest wol, sa’n man kin kwalik nei in winkel, wurdt dêr troch alleman en -frou oansprutsen oer de meast ûnsinnige dingen, moat ynienen yn diskusje mei grien linkse jufferkes, krijt skouderklopkes fan blazerjonkjes ensafuorthinne. It erfskip fan in libben lang foar op de krante. Tink der marris oer nei hoe’t wy it libben fan guon politisi brûke en skansearje. Mar ik wit dat in hiel soad fan jim sizze, dan moat je dat mar net dwaan. Dus dan docht nimmen it aanst mear. En jim wolle dochs wol in kommissaris yn Fryslân ha. No krekt Wiegel hat benammen efter de skerms in hiel soad wurk dien foar dizze provinsje, al wie’t ek in man dy’t goudlokkich wie at it Fryske belang kombineard wurde koe mei syn eigen belang, in trochgeande profilearing fan it orakel fan Ljouwert. Singelier dat dy kommissarrisen hjir yn Fryslân sa goed gedije. Loek Hermans wit amper hoefolle bybaantsjes hy hat, is no ek wer liberaal lieder yn de Earste Keamer. Nijpels presies itselde, it kommissarisskip hat harren karrière absoluut net yn de wei stien, earder holpen. Sa’t je no ek sjen kinne dat John Jorritsma fan in Brabantse ûndernimmersbestjoerder troch Fryslân ek in polityke lading meikrigen hat. Hermans wennet hjir noch, Nijpels naam mei spyt ofskied fan syn buorkerij, Jorritsma kin al sa goed Frysk dy sjoch we net ferdwinen. En Wiegel is earst wol ferhûze, mar kaam wer werom nei Fryslân. Hy hat der wat minder spats mei makke as eartiids mei Ie, hy wol eins wol graach dat elkenien gewoan mei him omgiet. En dat hy sa no en dan nei de winkel kin. Moarns om acht oere. Hy siet fansels yn syn hûs by Aldegea. Wêr’t yntusken beslach op lein is. Watte, syn hûs yn Hoogeveen is ek beslach op lein. Beide hûzen ha se yn totaal op 7 miljoen set. Yn totaal soe hy 11 miljoen dokke moatte. Nee, nee, dat bedrag is niet correct, meneer Lok. Ik hear it ‘m sizzen. Oke, okee, neem mij niet kwaad af, 10.853.365 euro. Dat bedrag is correct meneer Lok. Sju, Hans Wiegel is net in man dy’t in bytsje trochlibbet mei de wachtjilden fan syn ferskate funksjes. Hy wol wat dwaan, en sadanich dwaan dat er ek wat yn it mulpunt fan de belangstelling stiet, dêr is hy oan ferslaafd rekke. Sa waard hy bestjûrslid fan de obligaasjehâlders fan Bouwhuis Vastgoed. Der kaam in ynfestearing, Bouw State 5. Obligaasjehâlders koene ynlizzen, minstens 50.000 euro de man/frou, ryk spul. Wiegel priizgje it oan yn it programma fan syn maatsje Harry Mens, jongens gegarandeerd 9 procent rente. Mar al hast 4 jier, …. pardon u neemt opnieuw een te ruime marge meneer Lok, sorry al 3,5 jier komt der gjin rinte mear. We sitte yn in krisis. Mar no sizze dy oare obligaasjehâlders dat Wiegel ek noch in blanco folmacht tekene hat namens de obligaasjehâlders by Bouwhuis Vastgoed oer Bouw State 5. Ik tink dat it sa wat is as dat Bouwhuis dan bepale mei hoe lang dat jild stean bliuwt en dus no jierliks minder wurdt, mar dat is net echt dúdlik. My alteast net , ik begryp hielendal neat fan dy finansiële wrâld, obligaasjes fan 50.000 euro, patsers. Mar goed , skeaclaim rjochting Wiegel. Dat heb ik ook gelezen meneer Lok. Mear seit er noch net. Der sil dus efter de skerms wol hiele grutte gefechten oan’e gong wêze. De bedoeling fan dy 60 obligaasjehâlders is fansels dat no Bouwhuis Vastgoed twong wurde sil om yn elk gefal te soargjen dat se eigen jild werom krije binnen in bepaalde perioade. En dan lêbje se noch wat oer Wiegel syn 9 persint op de finansiële pagina’s en yn it programma fan Harry Mens, mar dat is it dan. De bekendheid fan Wiegel, ek brûkt troch Bouwhuis Vastgoed, wurdt no troch de oaren brûkt om te krukassen. Dêrnei huffe dy jongens elkoar allegear op it skouder en nimme in borrel. En tref ik’m wer yn de winkel.  

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s