Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

03 09 13

No, ha jim juster ek immen fan de sjuery fernaam. De sjuery dy’t soargje moat foar de oanwizing fan de kulturele haadstêd fan Europa yn 2018. We moasten der fannewike hielendal  klear foar wêze, Jannewietske de Vries deputearre fan finansiën, kultuer, frysk, rekreaasje en kulturele haadstêd hie ús dat ferordonearre. En we hienen it skytgelok dat de sjuery al yn Ljouwert omhong doe’t elkenien snein nei de UITmarkt gie. En dêr kamen in hiel soad minsken dy’t wat fan de kultuer priuwe woenen, sadat se letter net mear nei de teaters hoege, want dat kostet tefolle. De Ljouwerter Krante skreau juster ek al oer dat de minsken wol belangstelling ha foar ditsoarte saken, mar net stean te kringen om har yn foar kultuerkursussen of musykskoallen of sa yn te skriuwen. Mar dy sjuery lei fansels ûndersteboppe fan it kulturele geweld wat úterlik hjir presinteard waard. Sa’t de sjuery ek ûnderste boppe lizze moast fan de rest fan Fryslân de dei derop, juster dus. Fryslân moast him presinteare as kultureel hichtepunt. Mar Jannewietske wie jusjes yn de war mei har portefeuilles doe´t se de kampinghâlders ek klear stean liet. Wat moasten de sjueryleden no op de kampings, dêr sit ommers net in minsk mear, of moat we yn it ramt fan  Europa sjen litte dat se de menukaarten dêr yn it Dútsk skriuwe. Yn Ljouwert moasten de winkels iepen. De betsjutting dêrfan, ik kin inkel betinke de sjuery in rêd foar de eagen te draeien. Lokkich rûn de sjuery tsjin in tal oanplakbiljetten oan, wêrop de Fryske kultuer  yn byld kaam. Freed bygelyks is der in presintaasje fan in nije doarpsfilm fan Koudum. Doarpsfilms, eartiids doe’t film noch hillich wie en der hiele taferielen breidzjende froulju, boartsjende bêrn en brânwar boartsjende manlju it hichtepunt fan dy films wiene. No komme der nije, dy’t elk daliks op dvd krije kin, kommersieel ek noch wol sa oantreklik. Mar wit jim hoe’t dy film fan Koudum hjit: Kouden myn doarp….. forever. Dat is no de Fryske kultuer tekenjend. Yn it himd. Mei wat ingelsk gebrabbel de nije tiid yn. Sa dogge we dat. Koudum forever, dêr wurd je as deputearre frysk net goed fan? Ien fan de sjueryleden kaam foar it biljet te stean fan  de 63ste allegoryske optocht fan St Nyk. Hy frege dêr nei, it wurd allegorysk makke wat kultureels wekker, en it like allegear wol kleurich en dus kultureel. No ja sei dy man, tongersdei dan ride we de weinen troch it doarp en dan stiet elkenien te sjen en dêrnei gean we mei syn allen nei de kroech. Eins boue we dy weinen ek inkel mar om yn de moannen dêrfoar mei syn allen elke jûn in pilske te sûpen, gesellich. It sjuerylid frege nei de betsjutting. De man helle de skouders op, betsjutting ach nee dat hat it net. Wy fine it moai en  der komme in soad minsken te sjen. Krekt as by de gondelfaarten en blommekorso’s. De sjuery lies ek de kranten, seach dat de lju dy’t graach de tsjerken yn stân hâlde wolle, 1,3 miljoen fan de deputearre fan kultuer ha wol, oars donderje tsjerken om. Doe’t er yn it fermôge ding fan Hylpen  kaam skrok er sels ek. En hearde dat de deputearre fan finansiën fuort noch wol net ré wêze sil om dat jild te jaan omt se al safolle jild jout oan de deputearre fan kultuer, dy’t dat útjout oan de kulturele haadstêd. It gefecht foar kultuer is in gefecht om de sinten. It wâldhûske yn Houtigehage kin syn wurksemheden inkel mar mear dwaan  at se der ek bêd en brochje by dogge, oars kin it net mear en dat soe wol sneu wêze foar de keunstners dy’t dat hûske brûke. En it gefecht giet ek om minsken, want tongersdei siket de Oldehovekapel om blazers oars ha se net mear genôch minsken om harsels kapel te neamen. Ja presies yn dat Ljouwert wêr’t snein  dy UITmarkt soarge foar sjueryleden dy’t net mear om Ljouwert hinne kinne. Want freed bart it, freed wurdt bekind oft Ljouwert it hellet. En dan. Miljoenen toeristen komme 2018 nei Fryslân ta seit de deputearre fan kultuer en  rekreaasje en de deputearre fan finansiën knikt tefreden.  

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s