Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

04 09 13

We krije ynkoarten de twadde grutte gemeentelijke fusy yn Fryslân. En we kin no de earste al wer op’e  dwinger smite.  Súdwest Fryslân. Der ha se 14 miljoen yn it Houkegat smiten, en no wol se alle aardige dingen, dy’t minsken noch moai fine, yn datselde gat smite, swimbaden, musea en dat soarte spul. Dwinger. De twadde is dus Friese Meren, dy spegele grutte L, fan de Jouwer nei Lemmer en noch efkes nei Balk. Skarsterlân, Lemsterlân, Gasterlân-Sleat. De Friese Meren. We tochten dat soks dêr wol aardich gean soe. Se draeie eins al as folweardige gemeente sûnder dat it offisieel is. Da’s moai, want dan kom je folle gauer tichter by elkoar, en dat is de bedoeling fan in gemeentlike weryndieling. Ja, nou ja, it hie sa moai wêze kinnen. Mar it is it net. Wêrom kinne gemeenten dit proses net. Dat gedoch wat ús altyd troch de strôt drukt wurdt mei skoallen, sikenhûzen , bedriuwen en wat al net oan it skaalfergrutsjen is. No, gemeenten moat mar hielendal opdûkt wurde, se kinne der helendal  neat fan. It begûn echt doe’t se  betochten dat alle wurknimmers fan de nije gemeente dochs mar op ien lokaasje komme moatte.  Se ha al sa dom west om de âlde gemeentehûzen yn Balk en Lemmer aanst ferdwine te litten. Foar immen dy’t de hiele dei de túntsjes yn Balk skoffelje moat is it wol idioat om fan de Jouwer te kommen. Mar goed , alles byelkoar seit ek wat. Se ha no op de Jouwer twa plakken, it besteande gemeentehûs fan Skarsterlân en in oar gebou op it moaie bedriuweterrein oan de A7. Fiif menuten mei de auto, tsien menuten rinnen. Dêr wurke elk al, it koe wol. Benammen omt dy bestjoerders sein hienen: we dogge it sa goedkeap mooglik. No, net helendal, want der kamen taffeltsjes yn de foarm fan harren marren, en dy moasten spesiaal makke wurde, de Ikea hat  se net.  No ja ien kear út de bocht, dat koe. Mar no wol se dus ynienen 13 miljoen útjaan om it gemeentehûs fan de Jouwer sadanich út te wreidzjen dat se dêr allegear wurkje kinne. Wêr moat dat jild weikomme. No dat sit fersleutele yn dat der ek nochris struktureel 8,8 miljoen besunige wurde moat. Dan giet ynienen de rûnwei fan Lemmer hielendal net mear troch. En de rânnedyk yn Balk ek net. Grutte projekten fier fan polityk sintrum de Jouwer. 8,8 miljoen is dreech foar in gemeente. Dus wat dogge se. No se ha it hiele jier fergadere mei lju út de hiele nije gemeenten. En no  krûpe se wer yn de hoekjes en ha stiekeme fergaderinkjes. Al dy wethâlders en boargemasters ha in plan makke, ja oars ha se dochs neat te dwaan, en dat moatte dy polityke lju no beprate. Mar dat fertelle se ús net. Nee, sju, want we, nee se krije ferkiezings. Yn novimber, de 13de . En at je de minsken fertelle moatte dat je njonken de swimbaden en musea noch mear guod fuortdonderje moatte lis je al op’e dwinger foardat je stimd binne.  Dus nei 13 novimber fertelle se ús wat se betocht ha. It is wol sa alderheislikste flau om it stimfee op dy wize as in minderweardich ras te beskôgjen. Mar omt se in hiel jier oefene ha om yn it geniep te dwaan krekt as wiene se ien gemeente ha se net mear leard dat der ek noch gewoane minsken binne. It wurd transparantie ferdwynt altyd at der ferkiezings oankomme. En  it wurdt noch flauer, noch gemener. Op 13 novimber krije de minsken dy’t stimme moatte, twa bryfkes, ien  mei in hiel soad nammen, dêr yn Terherne kin se der  net ien fan, mar se moat wol meidwaan. En op it oare bryfke stiet dat je de gemeentenamme kieze meie. Dat mei wêze Friese Meren. Fryske Marren is de twadde, want de FNP is baas yn de Jouwer. Je meie ek ynfulle wat it wurde moatte soe, Skarlemgaast of sa wat, of jo meie jo ûnthâlde.  Dus dan doch je in ûnbetsjuttend spultsje, want de ried mei dêrnei  sels beslisse , jo stim op Skarlemgaast docht eins hielendal net mei. Net mear as in spultsje. Ferkiezingsdebatten oer de namme. De sinten rêdde se sels wol mei.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s