Eelkesweblok

it eah fan eelke

Een reactie plaatsen

05 09 13

Hjoed 38 jier lyn kaam ik yn tsjinst by Omrop Fryslân. Fansels offisieel 1 september, mar der wie it ien en oar, ik begûn de 5e septimber. No ja eins net by Omrop Fryslân, mar by deNOS. Dêr wienen je yn tsjinst at je wurken by ien fan de regio ’s yn de RONO. De regionale  omroep Noord en Oost. Moat je je foarstelle, de regionale radio waard alhiel makke fanút de lannelike omrop. Dêrom kaam de regionale omrop ek net in klap foarút, al dy jonges en famkes dy’t by de nasjonale programma’s wurken hiene in hekel oan ús, want se wienen it ommers net wend dat der immen njonken je stie mei ek in mikrofoan. Dy manlju benammen wiene doe hillich. It wie dan ek better, en sa waard dat letter ek dien dat we in eigen organisaasje foarmen, de Stifting Omrop Fryslân. Ja, de SOF sa’t de Ljouwerter Krante doe in tiidlang hieltiid smeulsk of mei sarkasme yn de koppen sette. Want ek dy koenen net oer ús, lêstich dat der ek noch immen mei in  mikrofoan njonken je siet, wylst je it altyd allinne foar it fertellen hân hienen. Der hat in soad striid west foar de belangen fan wat we letter dan mar de Omrop  neamden om dat SOF derút te krijen. Ik ha der in soad tiid oan bestege, it wie de muoite wurdich. Sju, acht jier foar 38 jier lyn wie´k al lid fan de fakbûn. Ik kaam by de Drachtster Krante en it earste wat se dêr fertelden wie wêr’t myn burootsje stie en it twadde de fraach oft ik al lid wie fan in fakbûn. Nee, mar dat die ik fansels daliks, kaam út in arbeidersgesin, en ik koe André Kloos út de krante, doe foarsitter fan de NVV, de gesamelike fakferienings fan de net tsjerklike kant. Mar ik wie sjoernalist wurden en waard dus ûnderbrocht by de NVJ, ik wit net wa’t dêr doe foarsitter fan wie, dat kin je no net iens wer fine op wikepedia. Dochs wie’t in wat dwerse fakferiening, se hearden nearne by. It gie inkel oer sjoernalistiek, se wiene net ferbûn oan CNV’s of NVV’s. En, earlik sein, eins wie’t ek wat  mear in gesellichheidsklub. Hjir yn Fryslân hienen se altyd hiel aardige gearkomsten mei bitterballen, it gie nearne oer. Se organisearden úteinlik út ferfeling het parsebal. De sjoernalisten noegen dan de wichtigste lju út dy’t se faak tsjinkamen, boargemasters benammen, âldehoerden wat en dernei waard elk hiel dronken. Ik ha noch in tiidsje foarsitter west fan de Fryske ôfdieling fan de NVJ en moast doe ek nei it parsebal. Derfoar en dernei ha’k dat net wer dien. Uteinlik is de NVJ dochs opgien yn de FNV, doe wienen de zuilen der ek hast net mear, al hat Doekle Terpstra as CNVer noch aardich lang tsjinspartele. Mar de lytse geselligheids en diskusjeklub koe syn wurk net langer sels dwaan, it siet yn de earste perioade fan skaalfergrutting dat se by de FNV kamen, nei trouwens wol in  moaie stimming ûnder alle sjoernalisten. Fierder dienen se net sa folle, sjoernalisten moasten der altyd wêze. Oant no.  Grutte oantallen sjoernalisten wurde op strjitte kwakt, dat docht sear en der moat eins heel wat barre. Se dogge ek wol wat. Amper tiid  mear foar geselligens, neffens my wurdt it parsebal inkel troch in tal sjoernalisten organisearre, net mear troch it fakbûn. Mar krekt no’t fan in fakbûn frege wurdt op de barrikaden te klimmen, wat blykt no: de fakbûnen stjêrre út. Immen yn it bedriuwslibben woe tenei de CAO ûnderhannelingen al net mear oan de fakbûnen ophingje omt der te min minsken lid fan binne.  Hoe’t it wol moast wist er ek net. De lêste tsien jier jild dat al in  bytsje, soms helje de fakbûnsjonges it ûnderste út de kanne wêrfan de  measte net leden profiteare. En dyselde profiteurs skelle op de fakbûnen as kommunistyske ynstellings, at frege wurdt  troch it bûn om safolle mooglik wurkleazen oan te nimmen. Of yn in krisis in sosiaal akkoard ôfslute. De fakbûnen rinne leech. Mar ik winskje myn kollega’s fan de Ljouwerter en by Omrop Fryslân dochs ta dat se noch ien kear stean geane. Want dat is wol  nedich.  

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s