Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

06 09 13

 

Hjoed stiet it Gouverneursplein yn Ljouwert fol lju dy’t hymjend wachtsje wat de Europeeske sjuery beslikket, Ljouwert kulturele haadstêd oer fiif jier of ha we in soad jild yn de Potmarge smiten. It plein stiet lykwols net hielendal fol, in hiel soad kultuerdragers fan Fryslân sit yn de Harmonie. Want dêr wurdt it feest fierd fan 75 jier Fryske Akademy. In ynstituut wat him ta doel stelt hat wittenskiplik ûndersyk te dwaan nei taal, skiednis, mienskip en kultuer. Dus eins hienen se dêr ek allegear op it Gouverneursplein wêze moatten, mar ik tink dat Jannewietske wol efkes de Harmonie ynstoarmjen komt mei in KH2018 flachje yn de hân en ûnder de rede fan Pieter Winsemius ropt fan “we ha it rêdden, we bin it”. Eins heart in deputearre hiel netsjes op it earste rychje te sitten om al dy sprekkers oan te hearren, mar ja, soks is wat dreech om it mar sêft te sizzen. Boppedat it feest duorret fan twa oant healwe tsienen en is foar leden en stipers. En ik ha de ledelist trochsjoen, eeeeh…….no, it bin net de alderfleurigste figuren. Logysk. De Fryske Akademy is wittenskiplik. Sju je hiene eartiids it Fries Genoatskip foar Skiednis en it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse. Dy neamden harsels de opfolgers fan de universiteit fan Frentsjer, se wiene suver wat út dwersigheid oprjochte doe’t Napoleon dy universiteit slute. Nei jierrenlang gediskusiear waarden it Genoatskip en Selskip de Fryske Akademy, oprjochte yn 1938, Geert Wumkes, Jehannes Kapteyn en Titus Brandsma wiene de oansetters. De Fryse Akademy affichearde him ek wol as opfolger fan de universiteit, mar se ha gjin studinten. No ja, in pear en it bin eins stazjêres, dy’t meihuppelje yn de ûndersiken. Sju de Akademy is de boarne fan de wurdboeken Frysk; we witte alles fan it Frysk en oare lytse talen yn de wrâld tanksij it wurk fan de Akademy. Prima. Hartstikkene goed. Ja dat sizze wy. Wy Friezen. Mar dat sizze se by de KNAW net. De Koninklijke Nederlandse Akademie voor de Wetenschappen. Yn al dy jierren woene se dat de Fryske Akademy ûnder harren foel, mar dan moast de provinsje wol beteljen bliuwe, dat koe fansels net. No lizze se it wurk fan de Akademy wittenskiplik sa leech dat de Akademy eins net mear by harren hearre kin. En dus smyt Bussenmaker 5 persint fan it jild yn de Potmarge. Datsoarte fan saken. Sju wy bin Frysk. De Akademy hat wurkferbanne en seit terjochte dat dêr de wittenskippers yn kinne mar ek de amateurs dy’t har dwaande hâlde mei dat wurk, sis mar de sneupers. Se kin meidwaan mei elkoar yn sa’n wurkferbân. Ja dat docht de KNAW fansels ôfgryslik sear. En no wit ik wol, at je de wurkgroep Frysk kostuum ha, dan sit der miskien net sa folle wittenskipliks oan, de wittenskipswrâld yn Nederlân hat’m sels sa te kyk set yn it bestudearjen fan ûnsin dingen, dan is it Frysk kostuum fan de boerinne fan 1837 noch hillich. At je de tûzenden boeken en rapporten dy’t se makke ha, bestudearre, dan wit je dat it wurk fan de Fryske Akademy geweldich is. En it meartaligens sintrum Mercator foar Europa is fansels hielendal de top. It soe wichtich wêze at de deputearre it hjoed dochs efkes oan tiid hat en sizze sil dat de provinsje de ferantwurding foar it yn stân hâlden fan it wurk fan de Fryske Akademy op de skouders nimt. En dat mei se ûnderstreekje mei te sizzen dat je net leauwe kinne dat at je kulturele haadstêd fan Europa binne yn 2018 dat soks net wittenskiplik ûnderstreke wurde kin. En we moatte earlik wêze de Akademy is no goed dwaande om har eigen droege byld ek wat te feroarjen. Sju Piter Winsemius is al net de grutste droechkloat dy’t der bestiet, hy sil fertelle dat we ús der mar by dellizze moatte dat de universiteit fan Frentsjer net werom komt, mar dat de Akademy it ienige goede alternatyf is. At de wyn mar jusjes minder skrousk wurdt as at er meast wie. En dan is it al fantastysk dat it programma fan it 75 jierrrich jubileum fan de Fryske Akademy fannemiddei presinteard wurdt troch Rients Gratama. 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s