Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

09 09 13

 

App. A-p-p. Wy soene dan sizze dan is it ap. Mar it is ápp. Want it komt fan application. Mar dat neame wy noait sa, wy sizze yn it Nederlânsk applicatie en yn it Frysk dus applikaasje. Werom at we dan wol app sizze? Ja sa sit dy wrâld fan de nije kommunikaasjemiddels no ienris yn elkoar. App sil as wurdsje aanst ek noch wol in kear yn it Frysk Wurdboek ferskine, want de Fryske Akademy hat ek al in app, al is dat literatuur yn sosiaal perspektyf. It kostet 6 euro 80 at je dy der opsette, dus dat doch ik net. Mar ik bedoel mar, elke organisaasje hat tsjintwurdich in app. Bygelyks skûtsjesile. Dan frege de iene “wa leit foar ju”. En dan blykte dat dy oare dan net nei it wetter seach en it gewoan fertelde, nee dan die dy de app oan, seis kear drukke, in kertierke skoft want je ha yn Fryslân net oeral ferbining, en dan koene je lêze wa’t foar lei. Snits. Ferline wike kaam de app fan provinsiale steaten. Ik wie heel benijd. Hoe soe de fertaling fan dat yngewikkelde amtlike prietpraat nei gewoane minsken ta plakfine. Dus ik socht op myn playstasjon de provinsiale app, hy foel ûnder kommunikaasje. Lade, want de provinsiale app kostet neat. No ja jim belêstingsinten, mar dat kin my neat skele. Doe kaam dat ding yn myn mapke apps, njonken buienradar, Voetbal International en it waar. De provinsiale app ynstrike en hup…… dêr wie de gewoane steatepagina fan de provinsiale ynternetside, dus inkel mei it normale yngewikkelde amtlike prietpraat dat gjin mins ynteresseart. Ik ha’m der wer ôfsmiten. It sil aanst bliken dwaan dat inkel de steateleden dy app op harren tillefoan ha, en dêrmei yn de steateseal sitte, de rest docht net mei. Fannewike wurdt der wer in app iepene. Want sju, in app is kommunikaasje, mar it begjinnen mei in app is ek wer op himsels kommunikaasje. En no is Hilda Boesjes direkteur fan it Woudagemaal, wat dy nije app iepent en dat betsjut in soad oerdriuwing fansels. Hjoed wurdt de app oan de sjoernalisten útlein en woansdei wurdt der offisieel ynfierd. De útlis gean ik hjoed net hinne, want ik ha de app al op myn tillefoan. It is wûnderbaarlik. Je sjogge in fotootsje fan in ûnderdiel fan it Woudagemaal, en in stim fertelt jo wat jo sjogge. Mar no komt it, net inkel yn it Hollânsk, neeeu, ek yn ingelsk, it dútsk, frâns, spaansk, sjinees, japans en dan stiet der yn it parseberjocht zelfs in het Fries. Net fansels, nee sels yn it Frysk. Mar moai dat Frysk jong gooh. De skoarstien en it tsjettelhûs dat wist ik wol, mar wat fyn jim fan de stookoaljeferwaarmer, de oaljeôfskieder, de waaierpomp. Hearlik, allegear ûnbekinde saken en ik druk twa kear en hup ik hear immen my útlizzen wat it is. Ik ha de dutske fertaling ek efkes oandien mar kaam te lânne yn in heizölerhitzer, ölabscheiders en kreiselpumpen en doe wie’k der aardich ôf. En ik sil jim besparje wat de japanners en sjinezen dêrfan meitsje, omt doe’t ik de dútske app laden hie, koe’k him net wer kwyt wurde. En de fryske ek net sa blykte. Wat moat ik dan dy japanse ek noch te laden. Mar jim snappe it wol sa’n bytsje, je komme dat museum yn, der komt in juffer en dy fertelt hoe’t je sa’n app op je tillefoan lade moatte, dat kin se sels yn it sjinees útlizze. Dat duorret in hele tiid, want net elk is op’e woudawifi oansletten, mar at der in oere om is, ha je de app op jo tillefoan. Of je ha gjin tillefoan of in nokia, dan mei je wer nei hûs. De oaren moat it gebou troch en fia je eigen tillefoan wurdt je de rûte en alles útlein. O ja je moat de eardopkes wol meinimme, oars lulle al dy tillefoans troch elkoar en dan reitsje jo de tried kwyt tusken de koaleopslach en de kohlenspeicher. En wit je net mear wêr’t je binne. No yn it âlde Woudagemaal op de Lemmer, dat al sa âld is dat it op’e Unesco wrâlderfguodlist stiet, mar wêr’t je jesels mei it aldermeugendste nijmoadrige guod trochhinne wrakselje moatte.  

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s