Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

10 09 13

Langwar. Ien fan de rekreaasjespearpunten yn ik sis mar de Súdwesthoeke fan Fryslân, al bin de Langwarders no krekt ferbûn oan de konkurrearende gemeente dy’t himsels hiel flau Friese Meren neamd. Benammen omt Skarsterlân fanâlds al sa’n grutte hoeke fan de Snitsermar hie. Wa’t dat eartiids útfûn hat mei se no noch ophingje. De Snitsermar is fan Snits, Goiingaryp leit oan de Goiingarypster puollen, net oan de Snitsermar. En trochriddenearend ûntwikkelt de gemeente Friese Meren fansels ek in konkurrearjend rekreaasjebelied, no dêr komt aanst wer andert op fan Súdwest Fryslân en sa jouwe we wer miljoenen tefolle út. Want der sille yn de takomst te min Dútsers wêze om dat allegear te brûken en de Belgen komme dochs net.  Mar hawar,  wy ha de bestjoerders dy’t we fertsjinje, hienen we mar better stimme moatten. Dus moatte alle Langwarders jûn de kroech yn om te harkjen nei de plannen mei de Stevenshoeke yn Langwar. Dat is wat in frjemd hoekje. Der stie eartiids de molkfabryk, dus der gie it wetter ek hinne. Langwar hat nammentlik pas yn  1856 ferbining mei de rest fan de wrâld krigen, derfoar koene je der eins inkel yn in skouke hinne. No ja en hoe gie it mei molkfabriken yn Fryslân, no dy waarden oeral sletten mar de boeren ferkochten dy dingen dan wer, want der wie altyd wol in idioat dy’t der wat fan boude of brouwde. Yn Langwar waard it uteinlik in hotel. Hotel de Wielen. Mardat gie net goed, wa giet no yn in âld suvelfabryk lizzen te sliepen, en ’s winters kaam der nea in hûn yn Langwar. No der hat dêrnei fan alles yn sitten, oant in sjinees, en in disco. Mar sa linkendewei waard de buorren yn Langwar yntusken opboud ta in monumentaal totaal kafee en dêr sieten de measte lju, dy Stevenshoeke lei twahûndert meter te fier fuort. Dat no hat de gemeente it einliks útfûn, se sil trouwens wol ynspirearre wêze troch ynfesteerders. Alles giet mei de grûn gelyk, der komme apparteminten en, en dat is in rom begryp, horeka. Dat sil se jûn fertelle oan de Langwarders yn in oare horekagelegenheid, de Drie Zwaantjes. En no komt it, appartementen en horeka zullen met elkaar worden verbonden. Ik stel my foar dat je by de iene té krije, by in oaren de borrel en at der al in Spaansk koppel yn in appartemint komt, kin je dêr lasagna krije. No ja jim moat jûn marris harkje Langwarders. Mar ik soe alris om my hinne heare wat der noch mear barre sil yn datselde Langwar. Boppedat moat alle Langwarders in dei letter al wer nei de kroech, it is in herhelling fan it doarpsfeest, want dan komt de provinsje. Want sju, se ha dat sûnt 1856 fergetten, mar de Langwarder Wjillen, ien fan de Friese meren, sil no dochs útdjippe wurde. Ja ik wit it hat al hiel lang sillen, en der ha op in stuit ek al baggerbakken lein, mar it gie altyd krekt wer net troch. Werom wit we net. Ja dan gie der wer ien fallyt of sa, of dan wie der gjin fergunning, it wie ûndudlik. En dus leine die Wjillen der altyd noch like kloaterich hinne as yn 1856 doe’t se mar in dykje nei St Nyk makke ha, want der koe hast net ien  mear mei de boat yn Langwar komme. Je moat no noch at je fan de Langwarder feart komme hast oan de Skarsterrien ta farre en dan pas is der in gleufke om werom nei Langwar ta, nei it plak wer’t eartiids de oaljeslachterij stie, mar dat is allang in moai hûs wurden, in soarte fan poartwachters wenning njonken de feart nei it doarp, rjochtút farrend kom je dan op de Stevenshoeke mei dy horkeaapparteminten. Je kin sizze de bestjoerders bin goed beret om wylst de lêste dútsers hjir noch omhingje al te praten oer hoe’t fierder moat mei de rekreatieve foarsjenningen. Oan de oare kant giet my de grize oer de grouwe at der fanút de gemeente op tiisdeitejûn praat wurdt en troch de provinsje woansdei. Dy witte dat blykber net fan elkoar. En dat jout noch marris oan dat we hieltyd noch gjin rezjy ha yn it Fryske rekreaasjebelied.    

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s