Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

11 09 13

Supporters fan Hearrenfean en Cambuur kin it altyd sa moai sizze at se it oer elkoar ha. Se neame elkoars namme noait mar ha’t altyd oer dy jongens 30 kilometer sudliker of noardliker. No it is 32 kilometer, fandêr de A32. Mar dy 32 kilometer is dus noch wol in echte ôfstân, sa fielt it teminsten. Noardhollân leit like ticht by, de Ôfslútdyk is ek 32 kilometer en waard dan ek yn 1932 ticht smiten. Mar Makkum en Wiron, de klub út Den Oever sitte yn de fuotbalkompetysje net by elkoar yn, Ljouwerter Sweltsjes en Hearrenfeanse Boys dogge dat wol. Ôfstân. Dus is dy Ôfslútdyk in dom stikje dyk, it ferbynt net, je ha der gjin gefoel by. Terjochte sizze de bestjoerders no dat soks eins feroarje moat, en der bin yntusken legio plannen makke om wat mei de Ôfslútdyk te dwaan, sa wol technysk as kreatyf. Ik wit net wat der úteinlik fan op’e hispel komme sil, mar der wiene gâns aardiche betochte priuwkes. Bifoarbyld it sâlte wetter fan de Waadsee ferbine mei it swiete wetter fan de ta Iselmar wurden Súdersee, soks soe dan ek enerzjy opsmite kinne. Dat sil wol in kleau wurde en soks is fuort net klear, eins soene je dat ûnder de hiele dyk troch dwaan moatte en dan ha we gjin ôfslútdyk mear mar in ôfslútbrêge. Mar se wolle earst eins wol sokssawat. Se wolle it makliker meitsje foar de fisken om fan Waadsee en Iselmar hin en wer te swimmen. Wêr’t dat foar nedich is begryp je net, oan beide kanten fan de dyk sitte fisklers, wat makket dat no út wer’t je fong wurde. Mar der is immen dy’t ferordoneard hat dat fisken wat hin en wer swimme kinne moatte. No moat se hastich troch de slûs by Koarnwertersân mar dy slûzen bin sa goed en sa grut dat se eins net iens oan tiid ha om fan it iene ein nei it oare te swemmen foardat de slûsdoar al wer ticht is. Se wolle sa’n hurdswimsysteem no ek yn Den Oever meitsje. En se wolle by beide slûzen ek wat yngewikkelds meitsje, in sâltwetterôffiersysteem. Dan kin se dus it sâlte wetter skiede fan it swiete wetter en it wer werom donderje yn de Waadsee. Ja sa krije we nea sâlte hearring yn de Iselmar. Mar goed, it bin noch plannen, fan hjoed ôf leit it plan ter ynsage. Oant 22 oktober mar neffens my komt der net ien. Elkenien fynt dat bêst, al kin je oer it jild wat nedich is yn ferbân mei technyske ûntwikkelings noch wol efkes âldehoere fansels. Oer âldehoeren sprutsen, de grutste âldehoer fan dit lân is Bert Visscher. Kabaretier neame se dy, mar it is gewoan in ferbazingwekkende ferskining. Hy âldehoert jûn ek oer de Ôfslutdyk, mar der sitte 250 auto’s mei fjouwer minsken is 1000 man nei te harkjen en te sjen. En lokkich is Visscher net allinne, want dan soe’k de hiele jûn neat ferstean. Neffens my heare syn mage en lever mear fan him dan wy, hy praat of leaver hy raast nei binnen ta. Hy hat de stipe fan sa’n 100 minsken dy’t ek meispylje yn it stik Leeghwater. Bert Visscher is de grutte Leeghwater, de man mei de ideëen oer wat je mei wetter en diken dwaan kinne yn dit fersmodske, sompige wetterlân, weryn de seespegelstiging en de smolten poalen foar in bedriging soargje. Eins is Leeghwater de ferbylding fan de betinker fan de Ôfslútdyk. Ir. Lely. Dy’t fanút syn betonnen posysje op de dyk mei fernuvering sjocht nei dit skouspul, drive in toaniel. Fan Buog. Bedenkers en uitvoerders van ongewone gebeurtenissen. Dy’t dus it tinken fan Lely yn byld en musyk besykje oer te bringen op in sis mar aparte wize. Weryn Visscher sels op in flyboard stean bliuwe moat. In flyboard is in plankje mei in moterke dat in wetterstaal oanset en dy drukt je dan sa’n tsien meter omheech. Sokke dingen bestiene noch net doe’t Lely oer de Súdersee neitocht. Dus eins is it foar Leeghwater ek net sa relevant. Mar ik tocht at je no dy fisken sa’n ding jouwe, dan flogge dy wat oer de Ôfslútdyk hin en wer, en dan hoege we net fan dy djoere systemen om it sâlte wetter wer werom te spielen.             

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s