Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

13 09 13

 

It is hjoed freed de 13de en dochs in geweldich lokkige dei foar Fryslân. Wis, want aanst wurdt it Fries Museum iepene troch keninginne Maxima. It nije Fries Museum. Ik mei fan de lju hieltyd net al te sûr werom sjen, mar it wie al dik tolve jier lyn dat de toparsjitekt Abe Bonnema fan Hurdegaryp in moai poepke jild oermakke nei de provinsje foar in nij Fries Museum. Dêrnei waard Bonnema begroeven, mar hy hat sûnder mis no yn de himel noch wille oar de wize werop at alles stâl krigen hat. Ten earste liet hy 18 miljoen efter, en hat it no 36 miljoen koste om it saakje fan de grûn te krijen en der ha al minsken dien krigen foardat it museum wer iepen gie, omt hoe langer at it duorre de sinten hieltyd dreger waarden. Ten twadde moast omt it museum dêr kaam it hiele Saailân omdold wurde dat hat noch wol fiif kear safolle koste. En hoe lang hat it net duorre mei sa’n nije parkeargaraazje ensafuorthinne. Doe moast it âlde museum ticht en duorre it mear as in jier foardat it nije iepen koe, dat hie mei ynrjochting te krijen of sa. En de provinsje kin de âlde gebouen net oan de strjitsstiennen kwyt wylst se rekkene hiene dat jild wer te brûken. No ja sa wie der mear, mar al dy ferhalen fertelle se Maxima aanst net. En dat is ek terjochte, doe wienen we noch net op wei om it kulturele hichtepunt fan Europa te wurden, en dat dogge we no wol. En hoe moai stappe we dan net op mei de iepening fan it Fries Museum, weryn dochs ús hiele kulturele libben sit. We ha no ommers in hiel oar Fries Museum as at we hienen. Boppedat hienen we dêr allegear wol in kear west, en we moat no wer allegear in kear nei it nije. Eins faker, dat is de bedoeling teminsten, dus it is allegear wat iepener makke. Je kin der sels mei de bern hinne, der is wol in hoekje foar, je kin der fan de parkeargaraazje yn komme en der is in kroech, no wat al net. Iepen. Komme. Wat ús yn de takomst net te wachtsjen stiet, jonge jonge, we krije sels blockbusters. Wat it binne wit ik net, mar yn it ramt fan in blockbuster krije we yn 2016 wurk te sjen fan Lawrence Alma Tadema de beroemde, watte de wrâldberoemde Frysk/ingelske skilder, syn wurk wie ynspiraasje foar in film as oer Ben Hur. En in 2017 it it 100 jier lyn dat Mata Hari deasketten waard, no da’s ek wol in blockbuster wurdich. No liket it wol at ik wat smeulsk doch, eins is dat net de bedoeling, mar ik wurd altyd wat nitelich fan soksoarte wurden as blockbusters. Hjoed, Maxima iepent en wurdt dan lâns fjouwer aparte nije útstallings lieden. Ik kom efkes letter want ik bin wol hiel nijsgjirrich nei de presentaasje fan de bewenners fan dizze provinsje yn de jierren 1940/45. Want at der no earne ferlet fan is dat dy minsken no ris de mûle iepen dogge. Net ien koe my lêsten fertelle werom at de kristelike fersetsstriders nei Indië giene en de kommunistyske fersetsminsken hjir wer gewoan oan it wurk. Wy, de bern fan de fyftiger jierren, is amper wat ferteld troch ús âlden. Hiel benijd dus. En ik wol ek wol efkes sjen nei de moderne keunst spesifyk oer de einder, de horizon foar net Friezen, al bin ik wol wat benaud foar de figuurlike einder, sjoch ik dy wol. En fansels yn in nij Fries Museum in útstalling oer Fryslân. Mei as fragen ha der yn de midsiuwen echte Fryske keningen west en hoe Frysk binne de Fryske kij. Ik ha de gearhing fan dy beide fragen noch net hielendal begripe kinnen, mar dat komt want sizze se by it museum, it is in must see foar Friezen. Must see? Hee we bin yn it Fries Museum. Weryn ek noch in útstalling iepene wurdt oer lju út de Gouden Ieuw. En dan komt it. Journalist en polderdandy Jort Kelder laat ons zien dat begrippen als old boys network en must havens van alle tijden zijn. Eeeh , ik kom hjoed noch net.  

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s