Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

16 09 13

 

Skylge. It meast libbene fan de Waadeilannen. At je se dêr net tsjinhâlde soenen barde der alle dagen wat. Wy touterje hieltyd dy fearboat op en ôf, da’s fansels de bedoeling fan Oerol, Rock’n roll wykein, Bereloop en wat al net. Hokker boat is dan tsjintwurdich de fraach fan de minsken, sa is it goedkeapere taryf fan de EVT al by ús trochkrong. Sterker. Doeksen begjint it te fielen, en wol no dat de polityk seit: Doeksen far do mar, de EVT stjoere we nei Hongkong. En at de polityk dy’t it wurd goedkeap ek wol moai fynt begjint te wifeljen, seit Doeksen dan kom ik folle minder faak nei it eilân ta. Dan moat de bern op de wâl wenje at se dêr op skoalle gean en komme der folle minder minsken nei al dy barrens en dat fine de horekalju fansels net goed en dy sette fansels dy riedsleden en wat al net wer ûnder druk. En no is it allegear wat út de hân rûn, it is oarloch wurden en no moat fannewike de mediator klear wêze. Freed. Dy is net klear. Wat falt der te mediaten, Syrië is makliker as Skylge. De minsken wolle ommers goedkeaper. Mar ja Doeksen docht it al fan 1923 ôf, moat je dy oan de kant smite? En wat doch je dan mei de skippen en alle fracht? Boppedat kin de EVT alles net oernimme want dy wolle it leaver dwaan op basis fan konkurrinsje. Sizze se. Dus dy mediator jout fannewike syn wurk wer werom en giet dan fyftjin wike nei Curacou. Dan wurdt der arbitraazje ynroppen. Eh, it ferskil tusken in mediator en arbitraazje? Wierskynlik dat in mediator neat te sizzen hat en in skiedsrjochter kin kaarten útdiele. Mar hokker kaart en oan wa. Se ha harsels yn in ûnûntwarbere knoop griemd. Der wenje op Skylge in lytse 5000 minsken en dan bin je yn Fryslân al in gemeente. Boargemaster Jorrit Visser, eartiids wethâlder yn Hearenfean en doe ek al net de meast fleurige, kaam ik in pear jier lyn op syn Skylge tsjin en hy sykhelle sa no en dan wol hiel djip by it fertellen hoe’t it gie. No tocht ik altyd dat se ek op Skylge eilânpolityk diene, jim witte wol: in oerke by elkoar dan de kroech yn en dêr yn it djipst fan de nacht en de borrels wurde de eigentlike besluten naam. Mar op Skylge sit se oeren en oeren yn de riedsseal. En der komt likegoed neat út. Alve riedsleden, meast fjouwer partijen yn de ried. Mar no ha we al ien mear, want Bos en Sweigmann bin fuortrûn by Pleatselik Belang. Dus Arie Doeksen, gjin famylje, bleau allinne sitten en ferlear ferline wike ek noch syn wethâlder Jort Spanjer. Dy sei dat it om sûnens giet, mar hy wie twa wike earder ek al lid fan de VVD wurden, want hy wol earne oars wol wer wethâlder wurde. Hy hat allang sjoen dat it hjir op Skylge neat is, dêr sit se oer fjouwer jier noch te knoeien mei dy fearboaten. Boppedat ha se ûntdutsen dat Spanjer sjoemele ha soe mei de ferbouing fan syn hûs, en foar’t it ûndersyk dien is, is hy al fuort. Dêr komt noch folle mear efterwei, jim sjogge dy ried linkendewei yn elkoar sodemieterjen. Visser is allang op sykteferlof, de PvdA wethâlder De Jong wurdt fansels oan deselde beam as Spanjer ophong. En wa moat dan wethâlder wurde? Ik tink dat alle mediators fan de wrâld sa’n ried ek net behâlde sille. Skylge sit oant de nije ferkiezings sûnder bestjoer, ik soe der mar gau 13 novimber ferkiezings ynsmite, we betinke wol dat se in nij stikje waadsee krije of sa, weryndieling. Mar der sil earst wol in rapport makke wurde moatte, hoe’t it no komt dat it op Skylge net wurket yn de ried. Hoewol, dat wit we dochs wol. Undernimmers wolle der net yn de ried, mar ha it measte belang by de beslissings. Dus ha se op de ien of oare wize de riedsleden by de strôt. En ûndernimmers wolle sels it meast winne by sitewaasjes. Ha jim it troch. Der komt in nije partij op Skylge. Dy hjit Myn Eigenbelang.     

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s