Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

19 09 13

 

Jûn komt de gemeenteried fan it Bildt by elkoar. Dat is in meidieling wer’t je ornaris net hielendal ûnderste boppe fan lizze, sterker, je fertelle it meastal net oan in oar. Dat ik soks no wol doch komt omt der allegear punten besprutsen wurde dy’t normalerwize op de aginda’s stean fan gemeenten as Friese Meren en Sudwest Fryslân. Mar jim witte it miskien noch wol, yn july is de noardelike alvestêddefarrûte der kaam en dêr prutse dy Westergogemeenten no allegear mei om. Hoe moat dat allegear. Yngewikkeld hear. Want je wolle ek hieltyd mear fansels, no moat it stikje fan Ouwe Rij nei de slûs fan Ouwesyl ek noch útdjippe wurde, want Ouwesyl wol ek profiteare fan de almeugende float fan boatsjes dy ’t op de rûte ferskine sil. Mar ja, dat wurdt ynienen djoerder, want der moat in faarprofyl yn, dêr hiene se yn it Bildt noch nea fan heard. Se tochten oanwat hekkeljen, 70.000 euro, it kostet it dûbele. Want dy grûn dy’t se der úthelje is ek noch fersmoarge, Bildtkers ha der inkel yn spuid en fyftjin ieuwen hat der net ien yn omklaud, rekkenje mar dat it smoarge rotsooi is. Dus ha se mar in potsje betocht wêr’t se jild weihelje kinne, want der moat dus 75.000 by. En jongens en famkes yn it Bildt, jim bin der noch net. Want dy fersmoarge grûn moat ek noch earne hinne. Ik tink nei Grou, nei Trijehûs, wat soks net kostet. Mar dat dogge se yn de ried fan it Bildt in oare kear. Jûn moat se it ek noch ha oer de brêgen, no ja brêchjes yn de noardelike alvestêdderûte. Yn it Bildt. Somtiden eigen brêchjes. En no is in brêchje fan immen dy’t absoluut net meiwurkje woe en hiel dwers wie, dat brêchje is troch de gemeente oernaam en der bin moaie izeren leunings op kaam, keurich. Mar immen dy’t gewoan meiwurkje woe dy hat syn brêchje noch op eigen noed, en dêr sit noch betonnen leunings op, want dêr hie de gemeente sein dat Hûs en Hiem dat woe. Mar Hûs en Hiem ha no dy izeren leuninkjes by dat oare brêchje sjoen, en dy seit dat se noait sein ha dat dat betonnen leuninkje net koe. Algehiele betizing, der leit no in VVD moasje fan lju dy’t de saak noch net besodemitere ha en dêr moat de ried no ek oer teset. Eins wol de VVD dat de gemeente dat betonnen brêchje ek oernimt en feiliger makket, want izer skynt feiliger te wêzen as beton. Hoe’t dizze spannende polityke saak útpakke sil is noch net bekind, en we wit ek net at wethâlder frou Tol it wol oerlibbet, mar rekkenje mar dat it jild kostet. Likegoed, dat jild ferrekt se dêr yn it Bildt hielendal neat, want se bin sa grutsk dat se no as folweardige wettersportgemeente yn dizze provinsje meidogge, ûntliene miskien wol harren besteansrjocht der oan. Se bestelle in sloep. En net sa mar in sloep, nee in elektryske sloep. Dat kin op de alvestêdderûte dêrre, der rint hieltyd ien mei dy’t de stekker wer yn it stopkontakt docht dan kin je wer trochfarre. It Bildt keapet sa’n sloepke omt dat yn Burdaard en Aldtsjerk ek bart is, mar dat sizze se net. Se sizze dat se it dogge om it elektrysk farren en de alvestêdderûte te promoaten mar ek foar it bifoarderjen fan toerisme en rekreaasje yn de regio. It is mar in kloaterich sloepke, kostet net mear as 24.000 euro, mar likegoed moat it fûns duurzaamheid en klimaat oansprutsen wurde foar de nedige sinten. Mar de amtners yn it Bildt ha it net oan tiid om sa’n ding ek noch te ferhieren, dus krije horekaûndernimmers dat ding. Ja se moat in stifting oprjochtsje, en dan ek mei lju farre. Mar op it Bildt hat net ien it oan tiid keapje sa’n boatsje en jou it oan de horeka, dy oare wettersportgemeente Ferwerteradiel soarget der fierder foar. It Bildt betellet inkel de sloep, jout him oan Ferwerteradiel, en dy jout ‘m oan de Bildtske horeka en dy kin dan lekker maklik konkureare tsjin bedriuwen yn’e buert dy’t sels al of net elektryske sloepen oantúchd ha. Se moat op it Bildt noch in soad leare. 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s