Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

20 09 13

 

De sinterklazepipernuten en soekeladeletters lizze al lang wer yn de winkel, kin we net in wet betinke om soks foar te kommen. Nee, en dus wurdt it ek tiid sa linkendewei wat boeken te presentearen, dan kin je dy no alfêst oanskaffe om aanst ek noch wat nuttigs te jaan. Sa stiet kollega Auke Zeldenrust fannemiddei yn it Fries Museum. Net dat Auke fan histoaryske wearde is, mar syn boek miskien wol. Hy jout dat boek oan boargemaster Ferd Crone. Syn boek. Dorp achter tralies. It beskriuwt it libben yn de Ljouwerter finzenis de Marwei. Auke liet him elke wike ien dei opslute yn dy finzenis. Moai dat se dat talieten, mar ik tink dat Auke noch wolris wat rillinkjes hie. Alteast ik soe se ha. Mar hy beskriuwt no dus dat 420ste doarp fan Fryslân de Marwei, fanút de binnenpleats fan de finzenis. Krekt as abbekaat Wim Anker makket Auke Zeldenrust as plysje- en justysje ferslachjouwer in soad saken mei yn de rjochtsseal, mar giet dus ek krekt as Wim ek in stapke fierder. Anker ûnderhâldt kontakten yn de finzenissen mei de measten minsken dy’t hy ferdigene hat, Auke gie der ek sitten en skreau it op. Nijsgjirrich. Fannewike ferskynde der ek al in boek fan in oare kollega, no ja âld kollega, Aly van der Mark. De lêste Hikke. Je soenen oan de titel sjen kinne dat it ek oer spul giet wat efter in hikke sitte moat, krekt as Auke syn maten, mar dizze Hikke is libben , want sa hiette se. Of wie’t in hy. De namme is yn elk gefal ferdwûn, mar bestie wol. En dêr stiet it boek fan Aly van der Mark fol mei, nammen, Fryske foarnammen, dy’t ferdwûn binne. Efternammen lit de GBA, de gemeentlike basisadministraasje net barre, al ha guon Poepjessen en Naaktgeborens wol in oare efternamme befochten. De lêste Hikke giet oer foarnammen dy’t letterlik ferdwine, want se hellet se út de rouadfertinsjes. Ik ha ek noch wolris ien bewarre, sil’k nea wer ferjitte, Lobbe Doornspleet Jim sille noch ferrast wurde hokker nammen wy eartiids oan ús bêrn joegen. Mar der bin gjin Sijkes, Aaldrikjes en Earkjes mear, der bin gjin Pylgers Rochussen en Lieutsen mear. Nee. In pear wike lyn wie’k by it skeelerjen yn Hallum en doe wiene dy skeelerriders sa no en dan in oerke fuort. No ja en wat doch je dan as speaker, no Andries Nieuwenhuis gie rinnen en spruts mei wat bern op skeelers. En dan begjn je mei hoe heet je, want je bin yn Hallum. Hoe heet je. Eline. Esmee. Dus ik sei húnjend tsjin wethâlder Hijma dat it my opfoel dat soksoarte nammen yn syn gemeente ek al sa hiem binne. Praat my der net fan sei Haije Hijma, dy’t fertelde oer dat de Kevin Dykstra’s en Gerald Tsjalsma’s massaal syn gemeentlike basisadministraasje ynrôlje. No dienen se dat op oare plakken fansels ek al. Hurdegaryp bygelyks. Nim no Robert Veenstra, de âld direkteur fan Hearrenfean. Dy’t fannemiddei om fjouwer oere werris foar it ljocht komt as de yn ûntfangst nimmer fan it nijste boek fan de froulju Ellen Salverda en Engelien Reitsma. Ja, dat kin noch krekt, Ellen en Engelien. Twa froulju dy’t wurkje as kommunikaasjeadviseur. Dat is wat in frjemde titel, je sitte wat op de rânne, eins in bytsje tusken reklame en sjoernalistiek yn. In soad media bin alhiel ferkommersialiseard, en guon reklame is soms hiel nuttig om te witten. Ellen en Engelien ha in boek skreaun dat hyt “Scoren met free publicity”. Hoe kin je dus as ûndernimming of orgaan yn de publisiteit komme sûnder dat it jild kostet en it yntusken wol oanslacht. No ja dan krijt Robert Veenstra fansels folsein terjochte it boek oanbean, want syn strapatsen smieten in goarre oan free publicity op, foar sawol Hearrenfean as foar himsels, al hoewol it oanslaan dêrfan wat ferskillend wie. En sa no en dan hie de iene kant wille en dan de oare kant wer. Mar hoe handich fan dy froulju om foldwaande free publicity te krijen foar de presintaasje fan harren boek oer free publicity. Noegje Robert Veenstra út. Hy sil ek wat sizze, benijd foar wa’t dy free publicity wêze sil. 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s