Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

23 09 13

Fannemiddei om fjouwer komt noardeast Fryslân by elkoar yn it streekhûs noardeast Fryslân yn Burgum. In bytsje ûnearlik dat dat streekhûs yn Burgum stiet, want dat leit noch frij ticht by de wrâld, de rest fan noardeast Fryslân leit te fier fuort. Dat is ek de hiele frustraasje, dêrom is der ek in streekhûs. Mar se kin de minsken fansels wol taroppe kom ek ris yn de noardeasthoeke, mar at je der net wêze hoege, kom je dêr net. At je yn Beetstersweach fytse kinne, doch je dat net fan  Peasens Moddergat nei Anjum. Ja se ha dêr fannemiddei wol in presintaasje oer wetterrekreaasje yn dat gebiet. Mar je prate echt oer hiele lytse ploechjes boaten dy’t dêr op ôf komme. En it wit wol dat se dêr no sizze hâldt op fan ús sa leech te lizzen, hjir bin in soad boaten, mar it is mar krekt wat je kriterium is. Ja der bin mear boaten as eartiids, Mar yn sis mar Sleat laitsje se har te skompus at se dêr ris komme soenen. Dat dogge se lykwols net. Net ien komt der. En dat is   frustrearend. Fandêr dat sa’n wetterrekreaasjeplan mei bombaarje presinteard wurdt. Der sitte sels twa deputearren yn it foarum, Jehannes Kramer en  Sietske Poepjes, de gebietsdeputearren. Dat de deputearren allegear in hoekje gemeenten beoarderje is al net goed yn in provinsje dy’t ien belied ha moatte soe. Mar we prutse allegear noch wat apart om, en dan is it al moai dat se yn noardeast Fryslân besykje  in soad saken mienskiplik te dwaan, miskien dat it noch wat opsmyt. At je sjogge wa’t har dêr fannemiddei allegear presinteare sille yn it streekhûs, allegear ynstellings dy’t har yn it noardeasten mei de saken dwaande hâlde. Sil ik ris fertelle wa’t dêr fannemiddei allegear in carrousel ha. Ik wit net wat in carousel is, mar sûnder mis kin elk dêr dy organisaasjes besjen yn harren flyt en iver. Netwerk Noordoost. Fansels. Dy moatte der wêze. Gebietsûntwikkeling sintrale as. Wat dêrby sa moai is, en it is dus net tafallich dat dat aants om healwe tsienen al bekind wurde sil, dat se besykje sille it wurk oan de sintrale yn lytse stikjes te ferpartsjen sadat der gjin Europeeske oanbestedings binne, mar dat je it gunne kinne oan eigen noardeastelike mkb bedriuwen. Dy stean no al foar de kream. Mar wy moat troch,   nei de Verenigng de Noardelike Fryske Wâlden, nei de Kenniswerkplaats, ja sels nei de ANWB/VVN, it is op de lytse dykjes ommers sa ûnfeilich as de hel, seker yn noard east Fryslân. Fansels stiet plattelânsprojekten der ek, en de regiomarketing. O wat moai, sels it projekt fan de farwei Lemmer-Delfsyl dy’t ek troch dit gebiet giet, stiet der. En fansels wetterskip Fryslân want der falt in hiel soad ôf te wetterjen fan dy drege stikken lân. Ha, we ha fansels ek de ûndernimnersfederaasje ONOF, want dy ûndernimmers ha al lang sjoen dat je inkel at je mienskiplik wat dogge, dat je dan wat berikke kinne. De lokale omroppen kanaal 30 en RTVNOF steane der ek, mar dy bin inkel foar de kommunikaasje, dy drage net by ta de ienwurding fan it gebiet, sterker, wêrom soenen der dan noch meardere omroppen wêze. Markant Friesland is der ek, o wat moai. Priizgje it gebiet mar oan, dat fertsjinje se. Net rekkenje op tûzenden, fyftich fytsers mear takomme jier en 25 boatsjes bin al hele persintaazjes Fierder rinne, o Vital Rural Area. Vital Rural Area? Wat sa’n ingelske groep hjir moat witte we net, of is dat in bandsje, nee, o se ha’t ek oer rural projekten, da’s op it plattelân, No dat dogge se by de doarpsûntwikkelingsmienskippen ek. Dat bin de DOM’s sizze grutsk yn de útnoegingsbrief. De DOM’s . No en ach der wie noch wat romte oer, it projekt sneltrein fan Grins nei Ljouwert docht ek mei, hallo wy ride  aanst keihurd hjir trochhinne. Jeetje ik bin noch lang net op de ein. Mar it is kertier foar achten en  dan moat boargemaster Gerbrandy fan Achtkarspelen slute. Ik hoopje dat hy seit dat der tefolle ferskillende organisaasjes yn de noardeast hoeke dwaande binne. En dat hy hopet dat der ris in kear ien belied komt foar de hiele hoeke, omt it oars noait wat wurdt.  

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s