Eelkesweblok

it each fn eelke

Een reactie plaatsen

26 09 13

At hjir in Russysk fleantúch oergiet, dan andert dat sa no en dan net de Nederlânske luchtferkearslieders. Wy witte net werom. Dan moatte der twa F16ens omheech op de fleanbasis Ljouwert, dy’t eins inkel yn stân hâlden wurdt omt dy Russen sûnder koptillefoan oer ús hinne fleane. No ja , dy F16ens fleane dan oan wjerskanten fan sa’n Rus, mar efkes, krekt tiid om efkes te wuiven. Frjemd. Wy lêze inkel de kanten oer Ruslân. En dan reitsje we yn de betizing. Yn de kwestje Syrië wie der sa no en dan suver oarlochstaal, yn de tiid fan foar de fal fan de muorre soene we it echte kâlde oarloch neame. No sizze we in bytsje heechhertich, ach dy lju roppe ek wat. Mar Russyske minsken ha ús fuotbalklubs al yn hannen en seker dy merk wurdt troch de Russen bepaald. Jild is macht. Wy gean der sa no en dan hinne en dan moat Rutte deselde dingen sizze as yn Sjina, gjin minsken deameitsje, hâldt fan de homo’s en bliuw fan de Tsjetsenen ôf. Poetin hellet de skouders op, en moat ik sizze, wy ek. Sven Kramer hat al sein hâldt jim de bek oer dy homo’s, aanst mei ik net nei Sotchi en dêr wol ik al hinne en winne. Mar is Ruslân no in fijân of in kollega. Wy witte it eins net. Obama skynt net mei Poetin te kinnen, mar is Ruslân dêrmei in erffijân wurden. Assad hâldt ek net fan Obama. Mar rêdt ta myn fernuvering de gaswapens op, nota bene op gesach fan Ruslân dat dêrmei de wrâld rêdt fan in oarloch. Alhoelwol it dêrmei wol seit gean mar troch mei it elkoar deasjitten, dêr bemoeie we ús net mei. En Syrië seit gewoan dat se dat gas ha, wat Obama yn tweintich jier net yn slagge is om dat te bewizen. Poetin hat it wûn. Mar wat wol Poetin? Stean jim der net by stil? Hy bewapent ek as in idioat tink ik, mar we hearre der neat fan, Mar hy wol al in macht yn de wrâld wêze. No sil jim sa linkendewei sizze dat it frjemd is dat ik hjir de wrâld sit te skôgjen en jim ha gelyk. Mar moat jim ris hearre: fanút de Stifting Frysk Beropstoaniel is yndertiid oprjochte Tryater. In Fryske toaniel stifting. Dy spylje Fryske stikken. Ek wol hollânske en oarstalige, mar dan bin se fansels fertaald. Tryater wurdt betelle fanút de Fryske kultuur troch de provinsje en de ryksoerheid leit der wat by fanwege de taal en omt it no it ienige beropsselskip yn Fryslân is. Sa moai as wat. At Tryater de spoel wer útrollet en rûnom yn de provinsje spilet gean wy derhinne, allegear. Want Tryater komt by ús yn de lytse multifiksjonele sintra dy’t wy gewoan noch doarpshûs neame. Se gean aanst wer los mei “in moaie jûn”, soks giet dûbeld op dus. Moaie titel. It is noch net hielendal safier, want Tryater spilet jûn, moarn en oaremoarn yn Ruslân. Yn Moskou. Yn teater Winzavod. No ja Winzavod is in sintrum foar moderne keunsten. Likegoed in ferneamd sintrum. En Tryater spilet yn de wite seal fan Winzavod. Samar. It is yn it ramt fan it Ruslân-Nederlân jier. Dat jier hat Ruslân betocht, je lêze der net iens sa’n soad oer. Want wy ha gjin jubels oer Ruslân, dat ha’k jim ferteld en at je dan ek noch witte dat it grutste part fan de Nederlânkse kultuur yn in wat homolesbo omjouwing sit, no dan is it entosjasme net sa grut fan Nederlânske kant. Fandêr dat de Friezen it oernimme. En fansels is Tryater regiseuze Ira Judkovskaja samar ree fûn om nei har bertelân wer werom. En no sil jim sizze wat moat de Russen mei in Frysk stik. Neat. Want Tryater spilet it stik “fan de stêd en it libben”. Wit jim noch, ha we ek allegear sjoen. In stik inkel mei lichemstaal. Der wurdt hast neat yn sein. Ira Judkovskaja is in pear dagen earder nei Moskou gien om elk dêr op te roppen dizze dagen nei it teater Wonzavod te kommen. Foar in Frysk stik. Mar der wurdt neat yn sein. En de konkluzje fan de Moskouse minsken sil dan ek wêze, Friezen, in neatsizzend folkje. Dêrom is dy fleanbasis der noch.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s