Eelkesweblok

it each fan eelke

1 reactie

27 09 13

 

Tresoar. Ja, de âlde provinsiale bibliotheek op’e Bûterhoeke werby noch in hiel soad ynstellings by yn kaam binne en dus hjit it no Tresoar. Se affisjeare harsels mei klam de lêste tiid as Fries Historisch en Letterkundig Centrum. Yn it Hollânsk. Ja, at je op in Frysk flagje drukke rjochts boppeyn op de webside dan komt it der yn it Frysk te stean. En druk je op it Ingelske flachje dan stiet der Frisian Historical and Literary Centre. En dan stean je ynienen mei folle mear ûntsach nei de Bûterhoeke te sjen. Boppedat moat se de ingelske titel mar efkes oanhâlde, want it wurdt no yngewikkeld. Fannemiddei om fjouwer oere, dan is dêr op Tresoar in tafelgesprek. Nee, der bin gjin taffeltsjes dy’t mei elkoar prate, je sitte oan in taffel en je prate mei elkoar. Leafst in rûne tafel, want dan is elk gelyk. It programma dat oan tafel besprutsen wurdt is Naar Frankfurt. Wat soene je yn Frankfurt moatte. Dat leit ommers yn Dútslân. Ja, je kin nei de Europeeske Bank om sinten, mar der bin wol lijeriger ynstellings as Tresoar en je kin like hurd efkes pinne. Miskien wol Bert Looper of ien fan de oaren fan Tresoar efkes nei Thailân en flean je it bêste fia Frankfurt of sa. Nee kloat. De Frankfurter Buchmesse. Dy sil dêr ommers fan 9 oant 13 oktober wêze. Der moat we hinne want der komt no foar it earst in promoasje fan de Fryske literatuur. Frysk yn Frankfurt. O wat moai. Wat geweldich. We skine sels in intendant Fries ta hawwen foar dizze Buchmesse. Intendant. Ja dat moast ik opsykje. Dat is in opsichter, in haadbestjoerder, in rintmaster. Ja ik kies de rintmaster, dat wie eartiids ek de titel fan de baas fan Fryske Gea, Jarich Krekt. Fryslân hat dus in intendant, in rintmaster foar de Frankfurter Buchmesse. Dy hjit Alpita de Jong. Dat Alpita komt dan de beppes dy’t Aaltsje en Pytsje neamd waarden, it waard mjukst ta Italiaansk, en dat keas se letter njonken it Frysk as studzje. Se skriuwt, ûndersiket en fertaald. En se hat no in list gearstald fan Fryske wurken, werfan stikken fertaald wurde yn it Ingelsk. En dan komme se yn de brosjure 10 books from Friesland. Dus in Ingelske brosjure op in Dútske Buchmesse. Ik bin de tried al hast kwyt. Deputearre Jannewietske de Vries krijt fannemiddei dy brosjure. No leit se dy fansels fuortendaliks yn it laad, want se hat de Sûnde fan Haitse Holwerda allang lêzen yn it Frysk fan noch foar de Fryske Akademy bestie en se hoecht net mear in tige frjemde Ingelske fertaling. Want de ingelske taal begrypt hielendal neat fan wat dan dy sûnde wie. No bin ik wat te wreed. Want at je út de rike Fryske literatuur tsien wurken sykje moatte, en dat wie Alpita har opdracht, doch je it fansels noait goed. Wêr is Trinus Riemersma, wêr is Josse de Haan, wêr is Tiny Mulder, wêr is Gysbert Japickx, wêr is Hylkje Goïnga. Hylke Speerstra, Anne Wadman, Douwe Tamminga, Paulus Akkerman, ik neam mar in oear dwerstrjitten, der bin folle mear. En se is net iens inkel yn it moderne dwaande, wêr’t ik ek noch in hiel soad mis, want Ulbe van Houten, Reinder Brolsma en Rink van der Velde bin al dea. Je kin je ôffreegje wat it nasjonale letterenfonds, Tresoar en de provinsje Fryslân besielt om yn it ingelsk de dútske buchmesse oan te fallen foar Fryske literatuur. Wylst der yn Fryslân safolle mear wurk te dwaan is. Net elke Fries hat de Sûnde lêzen, wat moat se der yn Dútslân dan mei. Wat ik dus wol graach witte wolle soe, wat hat soks allegear wol net koste, en wat is it rindemint. No ha se it harsels fansels ek net al te djoer makke. Wurk fan Tsjêbbe Hettinga wie al rûnom fertaald, dat koe sa út de ingelske boekjes skuord wurde. Elmar Kuiper hat foardroegen op it Poetry International en sels De Fûke fan Rink is al yn it ingelsk fertaald. A novel with universal appeal. Poe poe. Mar ik ha krekt efkes op de redaksje frege, mear as de helte hat de Fûke noch net lêzen.  

Advertenties

One thought on “it each fan eelke

  1. Mon Dieu Eelke (ik wenje yn Frankryk, dus…) sille wy dy Tresoarkarre mar lûke – of binne wy noch net âld genôch?
    Jezus, wat in stik, wat in styl, wat in analyse, en dat allegearre yn it Frysk notabene! It kin dus wol.
    Mercy Beaucoup, Gracias, Thanks a lot, Tige tank, Josse

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s