Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

30 09 13

Moarn om kertier foar achten fart der in skip fuort yn  Snits. It begjint dan al wat tsjuster te wurden. Ljochten skine dus oer de Jousterkade, at de lju oan board toffelje. It bin wol allegear hiel ferskillende lju, in mjuks fan pakken, blazerkes, griene jagersjassen, uniformkes en grize sokken. At je krekt as ik, yn de strúkjes stean sille ha je it yn fiif menuten troch: politisi, amtners, fjildminsken, provinsiale wettersteatslju en wittenskippers. Der rinne ek wat sjoernalisten om hinne mei fototastellen en kamera’s mar dy kin neat, want it is goed tsjuster at it skip troch de Houkesleat nei de Snitsermar fart. De earste kofje wurdt ynskonken en in pear fan dy bestjoerders prate op in stuit wat hastich, de natoerminsken soene ris freegje kinne wat der no mei it Houkepoartprojekt barre sil, en dat witte se net. Ungemaklike stiltes at it skip dêr lâns fart. Mar noch is net dúdlik wat der  fierder barre sil, wêrom bin dizze minsken mei elkoar oan board fan it skip, moarntejûn 1 oktober. De fjildminsken stean wat by elkoar, en ha’t noch hieltyd oer dat te kâlde foarjier en wat soks opsmiten hat foar fûgel en boer, yn dy folchoarder. Der is sa no en dan in grien jaske dy’t wat yn de moaie pakjes omstrúnt, dy is oan it netwurkjen. Want ja, deputearre Jehannes Kramer stiet der ek by,  en dy hat de ponge yn hannen. Ja hy hat sein dat it regear no moai wat betelje sil om de natoer sa goed mooglik yn stân te hâlden, mar de boeren bin dêr noch net gerêst op, en wolle wol wat minder yntensief buorkje mar dêr moat al in pear sinten tsjinoer stean. En se meitsje fansels allegear pilots, dy lju fan de skriezekrite Idzegea sitte noflik yn in hoekje, dy ha it measte jild binnen, mar dat is der net foar elkenien. Mar sinten bin net it doel fan dizze nachtlike boattocht, dat hie ek wol op it provinsjehûs kinnen, dat bart oars ek. Wat soenen se dwaan. De mannen fan provinsiale wettersteat toffelje nei de stjûrhutte fan de kaptein fan de rûnfaartboat, en wize swijend sa no in dan in stikje wetterpaad. Se monkelje ek  mei syn trijen noch wat oer de simmer, dy’t wol hiel moai wie, Fryslân noch wol wat opsmiet, mar it foarjier koe net fergetten wurde en der kaam ek gjin te grutte drokte, teminsten net op it wetter. It wie te hantearen. Under rint Jehannes Kramer nei de mikrofoan. Spanning. Wat sil hy sizze. No dat der in nije earekode yn Fryslân útfûn is. In earekode. Ja in earekode. It is moarn 1 oktober, en farders yn Fryslân ha dan ynienen de earekode dat se yn bepaalde stikjes mar net of amper mear komme, fanwege de winterrêst foar de fûgels. Yn moai Frysk is de slogan: Geniet en vaar bewust gun de vogels in de winter hun rust.  Wat rymt dat moai. Dêrom net yn it Frysk, bewust en rêst rymt net. O wat leaf. Dus dy lju dy farre hjir moarn om hjir omtinken oan te jaan.  Dat net allinnich, sju dêr komt ek noch in ein tefoarskyn, of sa sa’n fûgeleftich ding tink ik, wêr’t in man yn sit. Sju Jehnanes neamt him Slobber, in deputearre dy’t noch wit wat einen dogge, wat goed. En Slobber en Kramer smite tegearre markearingsboeikes del yn in hoeke fan de mar, ach dêrom dy kamera’s. En Jehannes ropt dan:  Fûgels dan moat jim oan dy kant bliuwe, dan ha jim rêst. En hy seit de minsken yn de boat ta, dat dy boeikes ek lein wurde sille yn’e Swarte en Wite Brekken, yn de Aldegeaster Brekken en op de Fluessen. En at dy boeikes net foldwaande binne, dan komme dêr fansels ek noch grutte buorden, fûgels oan dy kant fan de boeikes bliuwe, dan bliuwe wy oan dizze kant. It kin noch wêze dat in snoekbearsfisker efter dy boeikes fart, mar ach fûgels, dat is ek in natoerman, mar fierder neat. No en dan farre se wer werom en se krije allegear in borrel, en dan noch ien, en dan wurdt it  noch gesellich. De fûgels sjogge de feestende ploech fernuvere nei, helje de wjukken op en gean hinne wêr’t se wolle.   

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s