Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

03 10 13

 

Moaie útspraak hearde ik lêsten fan immen. We libje yn sa’n nuvere wylde net te foarsizzen krisistiid, dat we ús hieltyd mear fermeitsje mei it dûken yn de histoarje. Skiednis wurdt sa wer libben yn ús hjoeddeiske mienskip. Dêrom is it o sa moai dat hjoed de earste tongersdei fan de moanne is. Want dan is der yn de stúdzjeromte fan it museum de Jouwer wer in genealogysk sprekoere. Genealogysk sprekoere. Ik ha’t opsocht. Yn it Frysk wurdboek stiet der gewoan genealogysk, en is de i-s-c-h fan it hollânsk ferfong troch y-s-k. Wat is genealogie. Nee, it hat neat mei seks te krijen dat is gynaecology. Nee genealogy is de wittenskip fan it stambeamûndersyk, fan de ûntwikkeling en ferwantskip fan famyljes. No dy ûntwikkeling kin de measten gjin klap skille, dat hat ek inkel mei seks te krijen. Mar it wurd stambeam makket in soad los. Eartiids dan kamen der fan dy âlde mantsjes yn lange learen jassen op solekskes, en dy fregen heit en mem dan wat en dan gienen se wer fierder om dêrnei ûnder te dûken yn gemeentlike befolkingsarchieven. Seis jier letter krigen heit en mem dan in stambeam en in rekkentsje en hienen dêrnei in soad krityk want dy en dy stienen der no wer net yn. No ja moaie hannel. Sietie de Bruin en Hinke Woudt stypje jo yn de studzjeromte fan it Jouster Museum, om dy en dy te finen. Se dogge al in soad jierren ûndersysk nei stambeammen yn de gemeentlike archieven en ek yn Tresoar. Se ha dêr ek ûndersyk dien nei de meubelmakkers fan de Jouwer, om 1900 hinne, ik tink dat dy mannen yndertiid tapaslike nammen hiene en dat Jan Bêd dan troude mei Jeltsje Planke, ja Jeltsje Bêdsplanke. Mar at Sietie en Hinke har yn it swit jije fannnemiddei yn it museum wurdt op deselde tiid it hiele spul digitaliseard. Sterker, dat is it al, je hoege net mear yn dy archieven te sneupen, ien druk op de knop en je ha it. En no wurdt der no fannemiddei in nije webside lanseard yn it Ljouwerter HCL, dat soks yn’e mande docht mei gemeenten, provinsje, Tresoar en it streekarchivaat Noard East Fryslân, al dogge Dantumadiel, Opsterlân en de beide Stellingwerven noch net mei. Mar de rest www.Allefriezen.nl Wauw. Ik ha’t al besocht. Eelke Lok yntypt. Zoeken. Gjin risseltaat. De siden bin yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk. Likegoed gjin risseltaat. Ferdikke, Alle Friezen en ik hear der net by. Us heit yntype, Sjoerd Lok. Gjin risseltaat. No ik hear der miskien net by, mar heit wol. Pake Willem. Ja, in berte en in trouakte. Dat kloppet, hy stoar yn Emmeloard en dat sit net yn AlleFriezen. Dêr sit in hiel soad noch net yn, mar de minsken soargje derfoar dat wat se der al yn ha, dat je dat brûke kinne. En dat bin Alle Friezen tusken 1850 en 1939. Utsein dan dy al neamde efterbleaune gemeenten. Der moat likegoed noch in hiel soad barre. It wichtigste wurk is dat je it sadanich rubriseare dat it gjin risseltaat wat ik hieltyd krige, dat dat ferfong wurdt troch risseltaat. Want ferjit net, scanne kin wol, mar dan moat je noch indiseare En dat is net samar wat. AlleFriezen.nl moat noch hûndertûzenden persoansnammen ynfulle, yntype. Dat hat AlleFriezen.nl yn hannen lein fan it frijwilligersprojekt Velehanden.nl. Dy sille de kommende moannen de alde gemeenten Baarderadiel, Hennaarderadiel, Idaarderadiel, Utingeradiel en Harns der op sette. Allegear nammen yntype, oeeh , at dat mar goed komt, is Jansen no mei ien of mei twa essen en hoefolle Sytses wurde in Sytske. No ja mar goed korrigeare tink ik. Boppedat is it Velehanden.nl wol tabetroud. Se bin, en ja dan reitsje we yn de betizing fansels, en dat is logysk at je net skriuwe it frijwilligersprojekt Vele handen, mar it frijwilligersprojekt Velehanden.nl. Dat is in online platfoarm fan de firma Picturae waarop musea en archieven scans aanbieden die vervolgens door het publiek worden geidentificeerd, een manier van werken die ook wel crowdssourcing wordt genoemd. Ja, jongens dan giet der in wrâld fan ûnbegryp foar je iepen. Wat soenen dy âlde mantsjes op dy solekskes no eins dwaan? 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s