Eelkesweblok

It each fan eelke

Een reactie plaatsen

04 10 13

 

It wie lêsten mar in lyts berjochtsje yn de krante. De bou fan it akwadukt yn de westlike ynfalswei fan Ljouwert hat minimaal trije moanne fertraging oprûn. Dat akwadukt soe juny 2014 klear wêze. Dat sil no wolris septimber of sa wurde kinne. En de provinsje, ien fan de oanjagers fan it Heakprojekt seit septimber, no doch it dan mar yn desimber, dan wurdt de hiele swik toch iepene. Oant safier alles bêst, it wurdt efkes letter. Dat wisten we al, der is de lêste tritich fjirtich jier noch nea in wurk op tiid ôfmakke en der moast ek altyd jild by. Ja Wynia it sikenhûs fan Snits wie 1 miljoen goedkeaper as ferwachte, mar dêr is dêrnei fêst wol in miljoen as tsien oan ferkloft om it dochs goed te krijen. Mar wat by dit akwadukt it slimste is, se wolle net fertelle werom at it minimaal trije moanne langer duorret. Projektlieder Hoitinga wil weinig kwijt over de reden van vertraging. Ja, dy tocht, at dy jonge hieltyd fragen steld dan wurdt it noch in moanne letter en boppedat it ferkear giet no oer de Swettebrêge en dy lit we echt wol lizze. En at de provinsje seit dat soks desimber 2014 wurdt, dan hat er krekt noch wer mear romte om de saak te klearjen, want het is een complexe opdracht. At der septimber 2013 sprutsen wurdt troch technisi van een komplekse opdracht en in útstel fan minimaal trije moanne, dan moat wy erchtinkend wurde. Mar ik ha der net wer in minsk oer heard. Wierskynlik sille provinsiale en Ljouwerter politisi yn desimber 2014 swiere kantekens sette by it feit dat se noch in jier wachtsje moatte op harren akwadukt. Nij yntusken keazen wethâlders sille ôftrede moatte omt de foargongens net frege ha oan Hoitinga werom it trije moanne letter wurdt. En dat is ek wer begryplik, want at je sa nei dat wurk sjogge, tink je dat sjit moai op, mar je ha gjin idee wat foar tiidsrek at der foar stiet. Ja desimber 2014 is de rommel oan de kant sizze se, no dan rekkenje wy al dat se maaie 2015 de lêste mobile skythúzen fuorthelje. Interesseart it ús? Gjin hout. Pas at se yn de polityk aanst spul krije oer it gedoch ha we der wille fan. Der stie lêsten noch in lyts berjochtsje yn de krante. It CDA….. , eeeh ja da’s fuort swier. Je ha de nije fraksje CDA Friese Meren dy is op campagne, 13 novimber ferkiezings, mar je ha ek noch de âlde ôfdielingen Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân en Skarsterlân. En no sizze de CDA-ers yn dy lêste, fan Skarsterlân, dat it jild wat bestimd wie foar de rûnwei fan Lemmer, dat dat better bestege wurde kin om it sintrum fan de Lemmer op te knappen. Se wolle it gemeentehûs fan de Lemmer aanst platgoaie, en dêr wat winkel, kantoare en apparteminteboel delsette en dat stiet dan de kommende tsien jier yn de ferhier, want je ha dêr neat oan dy boel. Mar sizze se yn Skarsterlân, tink derom it CDA yn Lemsterlân seit dat net, nee de CDA-ers yn Skarsterlân sizze dat de Lemsters dan mear oan it jild ha as at se ha soene fan de ferbettering fan de rûnwei. No is dat ek in soadsje wurden, provinsje en gemeente hiene moaie plannen, Lemsterlân soe der 3,75 miljoen ynstekke, de provinsje noch folle mear, mar it plan foel net goed by it folk. Dus is Sietske Poepjes de deputearre nei de heide yn Makkum gien om te betinken hoe’t dat oars kinne soe. Mar dan sizze har partijgenoaten yn Skasterlân ynienen, jou ús dat jild mar, dan rêdde wy dermei it sintrum fan Lemmer wol op, krekt as soe dat minder moai wêze as it winkeltsjegedoch op de Jouwer. No ja en Lemmer kostet mar 1.7 miljoen dus sizze se dy CDA-ers fêst aanst fan no goai de rest fan it jild mar yn in nij grutter gemeentehûs op de Jouwer, want dêr ha dy Lemsters folle mear oan as in rûnwei. Dêr ha se gelyk oan, dy rûnwei is foar de Dútsers, mar dy steane de Lemsters wol it hiele wykein yn it paad, sterker dan kin dy Lemsters net iens yn har eigen sintrum komme. Yn Lemmer duorret in noch in kear salang as yn Ljouwert.

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s