Eelkesweblok

it each fan eelke

Een reactie plaatsen

10 10 13

Duorsum. It is hjoed duorsumensdei. Ek yn Fryslân dus allerhande sympoasia oer duorsumens. Der hat noch nea in ûnderwerp west dat safolle sympoasia opsmiten hat as duorsumens. Je kin der nammentlik wol dagen oer âldehoere, en dan blykt dat krekt in sympoasium oer duorsumens net duorsum is, want it geâldehoer smyt hielendal neat op. Je kin nammentlik duorsum wêze op alle fronten. Sju, it wurd komt fan de grize sokkewrâld, de miljeu jongens en famkes. Duorsum. Alles moat lang brûkt wurde kinne en sa min mogelik enerzjy kostje, dat is duorsum. Mar at je no witte dat duurzaam beleggen ek bestiet, no dan skrikke dy grize sokken want belizze betsjut dat je jild fertsjinje wolle, oars doch je it jild wol yn sa’n grize sokke. En by belizzen is it jild net altyd duorsum besteand, it kin ek samar ferdwûn wêze. En dan sizze de ynstellings dy’t jo jild duorsum belizze wolle dat soks by harren net barre sil, sy koenen net iens duorsum betinke dat der yn Amerika fiif banken de loft yn fleagen. Ik fyn dat ek sa frjemnd by iten, duorsume ierappels of sa. Hoe sa duorsum of net, je sil se op in stuit opfrette moatte, oars kin je se wol fuortsmite. Sju, sa’n lampke fan  Philips dy’t eartiids makke waarden om sa gau mooglik wer stikken te gean, om mar wer sa folle mooglik te ferkeapjen, en dat je no oergeane nei duorsume ledlampkes da’s wol moai. Mar we ferspuie dy eardere gedachte by Philips net, want dat hjit wer duorsum ûndernimme, dat je in hiel bedriuw opboue kinne op kapotte lampkes. Duorsum, waansinnich wurd. Moat je neigean, wy ha wol safolle gas dat we duorsum gas ha. Moai. Mar we moat wol wer nei gas sykje, want oars kin ús lân net duorsum bestean. En sa gean we mar troch. Yn de ferkiezingsprogramma’s, se bin ferskynd foar de trije gemeenten wêr’t yn Fryslân 13 novimber stimt wurdt, deryn is it wurd duorsum yn oantal it tredde wurd wat brûkt wurdt nei en en de. Set earne duorsum foar en der wurdt miskien wol duorsum op jo stimt. Utsein as der immen is dy’t noch duorsumer is as at jo binne. Want wy hâlde sa fan dat wurd duorsum. Dan giet der in rillinkje oer de rêch, hearlik, alles wurdt duorsum. Alles. Duorsume ûntwikkeling. Da’s de kombinaasje fan de grutste neatsizzendheid. Alles ûntwikkelt him nammentlik en as dat no al of net duorsum bart, dat bepale wy net. Ho ho Lok, duurzame ontwikkeling is een strategie of produktiemethode die de natuurlijke grond stoffen of hulpbronnen niet uitput. Ho, no moat ik neitinke, dit is ynienen essentieel. Sju duorsumens komt út de boskbou, letter fiskerijbiologie. Mei as grûngedachte dat it allegear giet om in lykwicht tusken ekologie, ekonomie en sosiale belangen. It poldermodel. Lykwicht. Hjir wat, dêr wat en dan mar trochprutse. Duorsume lânbou is dus gjin keunstmest oer it gêrs donderje (ekologie) , eeh ja, dan bringt it minder gêrs op, dus ekonomysk sjoen soe der al wat keunstmêst op moatte, mar miskien kin dy boer ek bestean by rûge dong. Mar dan moat we noch rekken hâlde mei dy twa lju dy’t dêr op de hikke sitte te sjen en sizze dat dy fjilden mei keunstmest dochs wol hiel moai grien binne en dat dy rûge dong it lânskip wat rommeliger makket, mar dat je dan wer wol mear skriezen ha maitiids, mar dy soenen je op dy moaie griene greide wer better sjen kinne. No en at oer de útkomst fan dy ferhalen in goed duorsum rapport skreaun is, dan kin je nei de boer ta en sizze, jonge asto no tenei duorsum wolst dan moast in bytsje keunstmêst ha, wat rûge dong, dat net al te bot stjonkt. Soesto besjen kinne at dyn boekhâlding dêr duorsum tsjin bestand is, want eins wolle we wol at de boeren duorsum dogge dat se dêrfoar ek in duorsume fergoeding krije, mar de ellinde is dat at jim allegear duorsum wurde wolle, dat of dy fergoeding minder wurdt, of dat dy hielendal net mear betelle wurde kin, want wy moat der om tinke dat ek wy net duorsum jild útjaan kinne omt it mei jild en minskelibbens itselde is, dat is net duorsum.      

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit / Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit / Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit / Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit / Bijwerken )

Verbinden met %s